De Gemeenteplysje (Nederlânsk en offisjeel: Gemeentepolitie) is in eardere plysjetsjinst (of eins in kategory ûnderskate plysjetsjinsten) yn Nederlân. De Gemeenteplysje bestie yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw njonken de Ryksplysje.
Skiednis De Gemeenteplysje waard oprjochte yn 1945. Eltse gemeente mei mear as 25.000 ynwenners krige doe syn eigen plysjekorps. Yn gemeenten mei minder ynwenners wie de Ryksplysje ferantwurdlik foar de hanthavening fan wet en oarder. In útsûndering wie de gemeente Baarn, dy't minder as 25.000 ynwenners hie, mar dêr't dochs in eigen plysjekorps oprjochte waard yn ferbân mei de oanwêzigens yn dy gemeente fan 'e residinsje fan it Keninklik Hûs op Paleis Soestdijk. Yn 1993 gie de Gemeenteplysje yn 'e mande mei de Ryksplysje op yn 'e Regiokorpsen, dy't yn 2013 op har beurt opgiene yn 'e Nasjonale Plysje.
Oanstjoering De boargemaster fan 'e oangeande gemeente wie tagelyk it haad fan 'e Gemeenteplysje dêre en as sadanich ferantwurdlik foar it bewâld dêroer. De gemeenteried koe yn 'e riedsgearkomsten de boargemaster freegje om 'e plysje mear omtinken skinke te litten oan beskate saken. De boargemaster droech ferantwurdlikheid foar de iepenbiere oarder, wylst de ofsier fan justysje ferantwurdlik wie foar de strafrjochtlike aspekten. It belied fan 'e Gemeenteplysje waard bepaald yn it saneamde 'tripartite oerlis' tusken boargemaster, ofsier fan justysje en (haad)kommissaris, dat ek wol oantsjut waard as "de trijehoek".
Rangen It rangestelsel fan 'e Gemeenteplysje wie sa (fan leech nei heech):
kategory rang omskriuwing ynsynje eksekutyf personiel aspirant 1 streek agint 2 streken haadagint 3 streken brigadier swurd en kroan omjûn troch lauwerkrâns adjudant* 1 stip ofsieren aspirant hegere plysje-amtner 1 stjer ynspekteur, amtner fan 'e 3e klasse 2 stjerren ynspekteur, amtner fan 'e 2e klasse 3 stjerren haadynspekteur, amtner fan 'e 2e klasse 1 balke mei 1 stjer haadynspekteur, amtner fan 'e 1e klasse 1 balke mei 2 stjerren kommissaris, amtner fan 'e 1e klasse 1 kroan kommissaris, haadamtner fan 'e 3e klasse 1 kroan mei 1 stjer kommissaris, haadamtner fan 'e 2e klasse 1 kroan mei 2 stjerren haadkommissaris, haadamtner fan 'e 2e klasse 2 krúste swurden mei 1 stjer haadkommissaris, haadamtner fan 'e 1e klasse 2 krúste swurden mei 2 stjerren *) De rang fan adjudant kaam by de opheffing fan 'e Gemeenteplysje yn 1993 te ferfallen; alle adjudanten waarden doe automatysk befoardere ta ynspekteur.
Kategory:Nederlânske plysjetsjinst Kategory:Oerheid fan Nederlân Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1945 Kategory:Organisaasje opheft yn 1993