Peter Alan Mueller (Madison, 27 july 1954) is in Amerikaansk reedrydtrainer en earder reedrider.

Hy die ien kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround, sân kear oan it Wrâldkampioenskip sprint en twa kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 1976 en 1980). Hy waard by dizze kampioenskippen ien kear Olympysk kampioen. Nei de spullen fan 1980 hold Mueller op mei it reedriden op heech nivo.

Nei syn aktive karriêre as reedrider waard Mueller reedrydtrainer. Hy waard ûnder mear trainer yn Eastenryk, Dútslân, Frankryk, de Feriene Steaten, Nederlân en Noarwegen. Peter Mueller stiet bekend om syn "Mueller effect"; in soad reedriders boeke ûnder syn lieding faak in grutte progresje dy't lykwols nei 1 à 2 seizoenen útwurke is. Hy leit as trainer de klam op motivaasje en in hege trainingsyntinsiteit en driuwt reedriders yn trainingen faak oant oer it rântsje wêrtroch't in protte fan syn riders oertraind rekke binne.

Mueller is trije kear boaske syn earste houlik wie yn 1977 mei de Amerikaanske reedrydster Leah Poulos. Dernei boaske hy yn 2001 mei de Nederlânske reedrydster Marianne Timmer, dat houlik rûn yn 2003 alwer op 'e non, yn 2014 boaske Mueller mei de Noarske sjoernaliste Hanne Skjellum.

Persoanlike rekôrs Ofstân Tiid Datum Baan 500 meter 37,7113 jannewaris 1980 Eisstadion Davos, Davos1000 meter1.15,3320 jannewaris 1980 Eisstadion Davos, Davos1500 meter2.05,2129 jannewaris 1977 Eisstadion Davos, Davos3 km4.42,813 desimber 1977 State Fair Park, West Allis5 km8.13,4021 desimber 1975 State Fair Park, West Allis

Resultaten jier WKAllround WKSprint OlympyskeSpullen 197427ste6e1975 20ste1976 500 m, 5e1000 m, 1977 1978 10e1979 4e1980 7e1000 m, 5e

Kategory:Amerikaansk reedrider Kategory:Amerikaansk Olympysk kampioen Kategory:Amerikaansk reedrydtrainer Kategory:Persoan berne yn 1954