Road House is in Amerikaanske aksjefilm út 1989 ûnder rezjy fan Rowdy Herrington, mei yn 'e haadrollen Patrick Swayze en Ben Gazzara. De titel ferwiist nei in roadhouse (letterlik "weihûs" of "dykhûs"), in mingde horekagelegenheid oan in trochgeande wei. It ferhaal folget de profesjonele útsmiter James Dalton, dy't troch horeka-ûndernimmer Frank Tilghman frege wurdt om regaad te meitsjen yn syn bar anneks nachtklub yn Jasper, op it plattelân fan 'e Amerikaanske steat Missoery. Dy wurdt nammentlik teheistere troch in kliïntêle besteande út túch en ûnrant. Ienris op dat plak oankommen, docht lykwols bliken dat it echte probleem in pleatslike miljonêr is dy't it hiele stedsje ôfparst. Road House krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy, mar die it ridlik yn 'e bioskopen en wûn neitiid de status fan cultklassiker. Yn 2006 waard in ferfolchfilm, mei as titel Road House 2, direkt op fideo útbrocht. Yn 2024 kaam in remake fan Road House út, dy't ek Road House hiet, mei Jake Gyllenhaal yn 'e haadrol.

Plot James Dalton is profesjonele útsmiter mei in mysterieus ferline, dy't tige súksesfol is yn syn wurk en op syn fakmêd wiid en siid bekend stiet. Yn New York wurdt er opsocht troch Frank Tilghman, de eigner fan in roadhouse (in kombinaasje fan in bar en nachtklub) yn Jasper, op it plattelân fan 'e Amerikaanske steat Missoery, dy't slim te lijen hat ûnder in kliïntêle fan túch en ûnrant. Tilghman freget Dalton om foar him oan it wurk te gean en regaad te meitsjen. Dalton is de bêste yn syn fak útsein syn mentor Wade Garrett, en dêr wol er ek nei betelle wurde, mar de beide mannen komme ta oerienstimming en Dalton set ôf nei Missoery.

Yn Jasper set Dalton him nei wenjen op 'e ta ienkeamerappartemint omboude hynstetilingen boppe de skuorre fan in pleatslike boer, dy't Emmet hjit. Syn ruten sjogge dêr út op in mânske poel, mei yn 'e fierte oan 'e oare kant de filla fan 'e pleatslike miljonêr Brad Wesley. Dalton giet earst min ofte mear ynkognito nei de Double Deuce, de saak fan Tilghman, om 'e sitewaasje dêre te hifkjen. Nei't er haad befeiliging wurden is, fiert er daliks guon feroarings troch. Ien fan 'e útsmiters ûntslacht er om't dy sels slaanderij útlokket en dus ûngeskikt is foar syn wurk, in oaren kriget dien om't er yn 'e foarriekeamer seks hat mei in froulike klant. In servearster moat ek oar wurk sykje om't se yn 'e húskes fan 'e Double Deuce drugs dealt, en in barman wurdt ûntslein om't er jild út 'e kassa efteroer drukt. Dalton leart de oerbleaune útsmiters in nije manear fan wurkjen, mei as wichtichste regel: bliuw altyd beleefd, ek as de lju jin útskelle.

De nije metoade fan Dalton wurket op himsels poerbêst, en it soarte lju dat yn 'e Double Deuce komt, betteret al rillegau op. It docht lykwols al mei gauwens bliken dat Dalton him sûnder euvelmoed swierrichheden fan in hiel oar kaliber op 'e hals helle hat troch it ûntslaan fan 'e stellende barman, Pat McGurn. Dat is nammentlik de omkesizzer fan Brad Wesley, in arrogante sakeman mei psychopatyske trekjes, dy't mient dat it hiele stedsje fan him is en dat de oare ynwenners him hearrigens ferskuldige binne. Om himsels noch mear te ferrykjen, makket er him skuldich oan ôfparsing fan alle bedriuwen yn Jasper. Hy stjoert McGurn mei in trijetal poatige trewanten werom om fan Tilghman syn baan werom te easkjen. Dalton en de oare útsmiters meitsje koart wurk fan 'e ynkringers, mar it is foar eltsenien dúdlik dat dat gjin oplossing foar de lange termyn is.

Yn it gefjocht mei McGurn en syn helpers hat Dalton in snijwûne oprûn fan in mês dat ien fan 'e mannen loek, dat hy giet nei it pleatslike sikehûs om 'e wûne hechtsje te litten. Sa kriget er gedoente mei dokter Elizabeth Clay, in jonge, tsjeppe, skieden frou, mei wa't er al rillegau in romantyske relaasje kriget. It is Cody, in bline muzikant en âlde freon fan Dalton, dy't yn 'e Double Deuce optreedt, dy't Dalton warskôget dat Wesley earder om 'e nocht besocht hat om Elizabeth foar him te winnen, en dat er har ôfwizing net goed opfet hat.

Koarte tiid letter ûntbiedt Wesley Dalton by him thús om te besykjen him by Tilghman wei te keapjen, mei't er sels mear as genôch wurk hat foar immen mei Dalton syn feardichheden. Yn it petear lit er blike bekend te wêzen mei in ynsidint yn it ferline fan Dalton, doe't er yn Memphis (Tennessee) by in fjochtpartij in man deade hat, nei't it skynt troch him de strôt út 'e kiel te skuorren. De familiêre ferwizing nei dat barren, dêr't er noch altyd psychysk mei ompakt, kin Dalton net wurdearje. Mei't er boppedat noch farsk yn it ûnthâld hat hoe't Denise, de minneresse fan Wesley, dy't de jûns tefoaren yn 'e Double Deuce om 'e nocht besocht hat Dalton te fersieren, no mei in blau each omrint, lit er Wesley yn net mis te fersteane bewurdings witte wat er fan him tinkt.

Neitiid brûkt Wesley syn ynfloed om derfoar te soargjen dat de oanfier fan sterke drank nei de Double Deuce stûket, om't gjin leveransier mei him deilis reitsje wol. Dalton bewurkmasteret leverânsjes fan in drankhannel fan bûten de steat, dêr't se noch nea fan Wesley heard hawwe. Dêrop stjoert Wesley syn trewanten om 'e levering fan 'e drank te fersteuren troch alle kratten stikken te smiten. Dalton jout Wesley syn mannen in wan bruien, wêrby't er help kriget fan syn freon en mentor Wade Garrett, in útsmiter dy't op jierren rekket. Dyselde komt yn Jasper del om poalshichte te nimmen nei't Dalton earder tillefoanysk mei him oer de sitewaasje dêre oerlein hie. Letter nimt Dalton Garrett mei om him yn 'e kunde te bringen mei Elizabeth.

It spul eskalearret as de oare jûns de garaazje fan 'e pleatslike ûndernimmer Red Webster, in omke fan Elizabeth, ferwoastge wurdt troch in brân dy't dúdlik oanstutsen is yn opdracht fan Wesley. Neitiid kringe Wesley en syn trewanten de Double Deuce binnen, dêr't de miljonêr syn rjochterhân Jimmy, in man dy't betûft is yn kung fu en karate, in fjochtpartij begjinne lit. Nei in konfontaasje tusken Jimmy en Dalton dy't ûnbeslist einiget, jouwe Wesley-en-dy har wer ôf.

De oare deis is Dalton oanwêzich by in gearkomste fan 'e pleatslike ûndernimmers, dy't beprate wat se tsjin 'e tiranny fan Wesley dwaan kinne. Webster, dy't no neat mear hat dat him yn Jasper hâldt, is fan doel om te ferhúzjen, wylst op 't langelêst bliken docht dat de oaren har net tsjin Wesley doare oan te kantsjen. Nettsjinsteande dat lit Wesley, as er lucht kriget fan 'e gearkomste, ien fan syn trewanten yn in monstertruck dwers troch de showroom fan it autoferkeapbedriuw fan Pete Stroudenmire ride, wêrby't de foar- en eftergevel fan it gebou oan gruzeleminten geane en in stikmannich nije auto's total loss reitsje. As Elizabeth Wesley op syn hâlden en dragen oansprekt, fertelt er har dat se der mar better foar soargje kin dat Dalton de stêd ferlit, oars sil er it net oerlibje.

Dy jûns siket Elizabeth Dalton op 'e hynstetilingen by Emmet op en besiket him te bepraten om it spul fierder gewurde te litten en fuort te gean. Dalton, dy't skjin syn nocht hat fan sokke lytse tirannen as Wesley, stegeret har ôf. Wylst se noch prate, fljocht de wente fan Emmet yn 'e brân. Dalton hat krekt genôch tiid om 'e âldman út 'e hûs te skuorren en bûtendoar yn feilichheid te bringen foar't it hiele hûs de de loft yn giet. Dalton sjocht hoe't Jimmy op in motor útnaait, en set him efternei. Oan 'e igge fan 'e poel komt er him oer it mad en skuort him fan 'e motor ôf. By it gefjocht dat dêrop folget, brûke beide mannen harren kennis fan Easterske fjochtsporten. Lang om let, as dúdlik wurdt dat er it net fan Dalton winne kin, lûkt Jimmy in pistoal. Mar ear't er Dalton deasjitte kin, skuort dy him mei ien hân de strôt út 'e kiel en deadet him. It lyk skuort er yn 'e poel om it nei Wesley syn filla oan 'e foaroerlizzende igge driuwe te litten. Elizabeth, dy't tsjûge wie fan 'e ein fan it gefjocht, is skokt troch sawol it feit dat Dalton in oare man ombrocht hat as troch de wize dêr't er dat op dien hat, en jout har yn walging ôf.

De oare moarns kriget Dalton in tillefoantsje fan Wesley, dy't him fertelt dat er òf Elizabeth, òf Wade Garrett fermoardzje litte sil; wa fan beiden hat er noch net besletten. Hy goait der in muntsje oer op, mar fertelt Dalton de útkomst net. As Garrett neitiid de Double Deuce binnen strompelet, nei't er in wan bruien krigen hat fan in stikmannich fan Wesley syn trewanten, giet Dalton derfan út dat dat betsjutte moat dat Elizabeth it doelwyt is. Hy hastiget him nei it sikehûs, dêr't er Elizabeth safier besiket te krijen dat se út Jasper fuortgiet. Se wol lykwols net nei him harkje. As er weromkeart nei de Double Deuce, treft er dêr Garret deastutsen oan mei op it mês yn syn boarst in bryfke mei de tekst "It wie munt".

Dalton set fuortendaliks ôf nei de filla fan Wesley om wraak te nimmen, mar dêr binne se ree foar him. Syn auto wurdt opwachte en trochsingele mei kûgels oant er oer de kop slacht. As Wesley syn mannen de autodoarren lykwols iepenmeitsje, blykt de auto leech te wêzen en it gaspedaal fêstset te wêzen mei it mês dêr't Garrett mei deamakke wie. Troch dy ôfliedingsmaneuver hat Dalton ûnderwilens fan in oare kant ôf de filla binnen witten te kringen. Hy skeakelet de trewanten fan Wesley ien foar ien út, oant er úteinlik Wesley sels treft. Dyselde besiket him dea te sjitten, mar Dalton slacht him it pistoal út 'e hannen, wêrnei't se mei-inoar op 'e fûst geane. Op in stuit hellet Wesley in lytse derringer foar 't ljocht, mar ek dy slacht Dalton him út 'e hannen. Hy stiet yn bestân om Wesley op deselde wize te deadzjen as Jimmy earder, mar sjocht der úteinlik fan ôf.

As er him omdraait, blykt Elizabeth efter him te stean, dy't alles sjoen hat. Wesley grypt nei syn derringer en wol Dalton dochs noch deasjitte, mar hy wurdt yn it skouder rekke troch in kûgel út in oar fjoerwapen. Red Webster blykt by Elizabeth te wêzen en lit syn jachtgewear sakje. Dan komme Emmet, Pete Stroudenmire en Frank Tilghman der ek yn, dy't ek bewapene binne mei jachtgewearen. Ien foar ien sjitte se harren wapens leech op 'e ferwûne Wesley, oant er it bestjert. As de sheriff arrivearret, dy't op 'e leanlist fan Wesley stie, beare se allegear dat se neat sjoen hawwe. As Tinker, ien fan 'e oerlibjende trewanten fan Wesley, frege wurdt oft hy wit wat der bard is, sjocht er ris om him hinne en beseft dat alles feroare is, wêrnei't er him wyslik fan 'e domme hâldt.

No't se mei eigen eagen sjoen hat dat Dalton net sa'n gewelddiedige keardel is as se nei de dea fan Jimmy tocht, komt it ta in fermoedsoening tusken Elizabeth en him. Wylst de Double Deuce in normale útgeansjûn mei in fatsoenlike kliïntêle belibbet, fermeitsje Dalton en Elizabeth harren troch neaken te swimmen yn 'e poel.

Rolferdieling

haadrollen personaazje      akteur/aktrise James Dalton Patrick Swayze Brad Wesley Ben Gazzara

byrollen personaazje akteur/aktrise dokter Elizabeth Clay Kelly Lynch Wade Garrett Sam Elliott Frank Tilghman Kevin Tighe Red Webster Red West Cody Jeff Healey Emmet Sunshine Parker Denise Julie Michaels Jimmy Reno Marshall Teague Tinker John William Young O'Connor Michael Rider Carrie Ann Kathleen Wilhoite Pat McGurn Pat McGurn Morgan Terry Funk Pete Stroudenmire Jon Paul Jones Gary Ketchum Anthony De Longis Jack Travis McKenna Ernie Bass Keith David Younger Roger Hewlett Hank Kurt James Stefka

Produksje Road House waard regissearre troch Rowdy Herrington nei in senario fan David Lee Henry en Hilary Henkin. As produsint wie Joel Silver by it projekt belutsen foar syn eigen filmstudio Silver Pictures. Foar de film wie in budget beskikber fan $15 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Dean Cundey, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Michael Kamen.

Casting Yn 'e rol fan dokter Elizabeth Clay waard earst Annette Bening cast, mar dy waard ûntslein doe't bliken die dat se gjin inkele gemy mei Patrick Swayze hie. Yn har plak waard sadwaande op it lêste momint Kelly Lynch oannommen.

Opnamen