Angels & Demons is in Amerikaanske detektiveskriller út 2009 ûnder rezjy fan Ron Howard, mei yn 'e haadrollen Tom Hanks, Ayelet Zurer en Ewan McGregor. De titel betsjut "Ingels & Demoanen". De film is basearre op 'e roman mei deselde namme fan 'e Amerikaanske skriuwer Dan Brown. It ferhaal folget de Amerikaanske symbolooch Robert Langdon as syn help ynroppen wurdt troch de Roomsk-Katolike Tsjerke. Nei it hommels ferstjerren fan 'e paus binne nammentlik fjouwer fan 'e kardinalen mei de bêste kânsen om him op te folgjen, ûntfierd troch in terrorist dy't úthâldt foar de Illuminati te sprekken en dy't fan doel is harren te deadzjen en Fatikaanstêd op te blazen. Langdon moat alles op alles sette en ûntsiferje op 'e tiid de obskuere oanwizings dy't de terrorist efterlitten hat, sadat er de kardinalen en de stêd te rêde kin. Angels & Demons is it twadde diel fan 'e Robert Langdon-filmsearje, en folget as sadanich op The Da Vinci Code, út 2006. De film krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative oant tuskenbeiden resinsjes, mar wie yn 'e bioskopen in kommersjeel súkses. In trêde film yn deselde rige, Inferno, waard útbrocht yn 2016.
Plot Yn Rome wurdt troch de Roomsk-Katolike Tsjerke roud om it hommels ferstjerren fan paus Pius XVI oan in oerhaal. Der wurdt risselwearre foar it pauslik konklaaf, wêrby't de kardinalen yn Fatikaanstêd yn berie geane om út harren eigen fermidden in nije paus te kiezen. Yn dy perioade fan sede vacante ("de lege troan") nimt de pauslike camerlengo ("keamerhear"), monsênjeur Patrick McKenna, de hearskippij oer it Fatikaan waar.
Underwilens binne by it CERN (Conseil Européen pour la Recherche Nucléaire, "Jeropeeske Ried foar Nukleêr Undersyk") yn it Switserske Sjenêve de Italjaanske natuerkundigen dr. Vittoria Vetra en monsênjeur dr. Silvano Bentivoglio dwaande mei in wittenskiplik eksperimint wêrby't trije trompen mei antymatearje folle wurde. As Vetra om it eksperimint te evaluëarjen út 'e kontrôlekeamer nei it laboratoarium giet, dêr't de trompen efter ûnbrekbere befeiligingsmaatregels bewarre wurde, ûntdekt se dat Bentivoglio fermoarde is en dat ien fan syn eagen útskuord is om 'e irisscantechnology te brekken. Ut it laboratoarium dat op dy wize binnenkrongen is, mist ien fan 'e trije trompen mei antymatearje.
Koarte tiid letter wurde yn Fatikaanstêd fjouwer kardinalen fan 'e preferiti, de favorite gadingmakkers foar de ferkiezing ta paus, by nacht út harren keamers ûntfierd. De dieder nimt neitiid kontakt op mei it Fatikaan om útlis foar syn die te jaan. Hy hâldt út in fertsjintwurdiger te wêzen fan 'e Illuminati, in histoarysk mar al iuwen lyn útstoarn waand geheim genoatskip fan wittenskippers en yntellektuelen, wêrfan't de leden troch de Roomsk-Katolike Tsjerke as ketters ferfolge binne. Fierders dielt er mei dat er fan doel is om 'e ûntfierde kardinalen dyselde jûns noch fan 20.00 oere ôf ien foar ien op 'e folle oere te fermoardzjen. Dêrnei sil er om midsnacht de tromp mei antymatearje ûntploffe litte, dy't er earne ferstoppe hat yn 'e grimelgrammel fan gebouwen dy't mei-inoar it Fatikaan foarmje. Troch de eksploazje sil hiele Fatikaanstêd fan 'e Ierde fuortfage wurde.
Yn Cambridge yn 'e Amerikaanske steat Massachusetts, dêr't er heechlearaar is oan 'e Universiteit fan Harvard, wurdt symbolooch Robert Langdon moarns ier opsocht troch ynspekteur Claudio Vincenzi fan it Sjendarmerykorps fan Fatikaanstêd. Mei't er inkele jierren earder de oandacht fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke lutsen hat mei syn syktocht nei de Priorij fan Sion yn Parys en Londen (sjoch: The Da Vinci Code), wurdt er no om help frege by it oplossen fan 'e mei symboalen omjûne krisis yn it Fatikaan.
Langdon reizget mei Vincenzi nei Fatikaanstêd, dêr't er begroete wurdt troch Ernesto Olivetti, de ynspekteur-generaal fan it Sjendarmerykorps, waans idee it wie om him derby te freegjen. Ek moetet er dr. Vetra, dy't ûnderwilens ek nei Fatikaanstêd ôfreizge is, en Maximilian Richter, de kommandant fan 'e Switserske Garde, dy't inkeld minachting hat foar Langdon en syn wurk, en dy miening net ûnder stuollen of banken stekt. Mei't it foarkommen fan misdriuwen en it opspoaren fan kriminelen yn Fatikaanstêd ûnder it foech falt fan it Sjendarmerykorps, wylst de Switserske Garde ferantwurdlik is foar de befeiliging fan 'e paus en it Apostoalysk Paleis en de Italjaanske Caribinieri de plysje binne yn it omjaande Rome, is de hiele saak kwa jurisdiksje in tizeboel.
Ut 'e sekuere wurden fan 'e ûntfierder, dy't yn in fideoboadskip by de Switserske Garde ôflevere binne, liedt Langdon ôf dat de fjouwer kardinalen fermoarde wurde sille op 'e fjouwer 'alters' oan it saneamde 'Paad fan Ferljochting', in ûnbekende rûte troch Rome, dy't neamd wurdt yn ferskate teksten fan 'e Illuminati, en dy't elts in bân hawwe mei ien fan 'e fjouwer klassike eleminten. It Paad fan Ferljochting liedt úteinlik nei it plak dêr't de leden fan it genoatskip fan âlds yn it djipste geheim gearkamen. Langdon hat ferlet fan tagong ta de Fatikaanske Geheime Argiven om út te figelearjen hokker tsjerken de alters krekt yn steane. Mei't him foar syn wurk de tagong ta de argiven krekt mei sin ûntsein wie, is dat foar Richter ûnbesprekber. Dat beslút wurdt lykwols oan kant reage troch monsênjeur McKenna, dy't salang't der gjin paus is, sizzenskip oer sokke dingen hat.
Langdon en Vetra fine yn 'e marzje fan in bledside fan Dialooch oangeande de Beide Wichtichste Wrâldsystemen, in ferbean boek fan 'e astronoom Galileo Galilei, oanwizings foar de lokaasje fan it earste alter. Langdon ornearret dat it om it Panteön gean moat, om't der sprutsen wurdt oer "Santi's tombe", wat neffens him ferwize moat nei de Renêssânsekeunstner Rafael, waans fergetten efternamme "Santi" wie; de man leit begroeven yn it Panteön. Hy giet mei Vetra, Olivetti, Vincenzi en Richter en syn mannen nei it Panteön ta, dêr't er lykwols ta de konklúzje komt dat er him fersind hat: it stoflik omskot fan Rafael is pas folle letter nei it Panteön oerbrocht en dêr werbegroeven. Richter beslút dat Langdon net wit wêr't er it oer hat en keart mei syn mannen werom nei it Fatikaan. Langdon beseft no lykwols dat "Santi's tombe" ferwize moat nei in tsjerke dy't troch Rafael ûntwurpen en beskildere is: de Chigikapel. Mei noch inkele minuten te gean foar't it 20.00 oere is, hastiget er him mei Vetra, Olivetti en Vincenzi nei de kapel ta, dêr't se lykwols te let oankomme om kardinaal Ebner te rêden. De âldman, dy't foar syn dea brânmerke is mei it ambigrammatyske symboal foar "ierde", is stikt mei in mûle fol moude.
Nettsjinsteande it feit dat no dúdlik is dat de drigeminten fan 'e Illuminati serieus nommen wurde moatte, wegeret kardinaal Strauss, de deken fan it Kolleezje fan Kardinalen, om it pauslik konklaaf, dat ûnderwilens úteinset is, ôf te brekken. Op grûn fan in nije oanwizing, dy't Langdon basearret op 'e oanwêzigens en foarm fan in stânbyld fan in ingel troch Bernini yn 'e Chigikapel, ûntdekt er dat it twadde alter ferbûn is oan 'e Sint-Pitersbasilyk. Op it Sint-Pitersplein foar de basilyk treffe se om 21.00 oere kardinaal Lamassé deadlik ferwûne oan by in reliëf fan in ingel, op 'e nij troch Bernini. De longen fan 'e prelaat binne trochboarre en it ambigram "lucht" is him op it boarst brânmerke. Op it lichem fan Lamassé wurdt in driichbrief oantroffen, wêryn't de ûntfierder en moardner beweart dat preesters noch heechleararen him tsjinhâlde kinne. Langdon begrypt dêrút dat syn eigen belutsenens by de saak gjin geheim mear is.
Yn it brief skept de moardner ek op dat nimmen foar him feilich is, sels, sa hat al bliken dien, de paus sels net. Richter hâldt fol dat de befeiliging troch de Switserske Garde sa goed is dat nimmen mei kwea yn 't sin by de paus yn 'e buert komme kin. Dêrta binne koartby sels noch mear maatregels nommen om 'e pauslike fertrekken yn 'e rekken te hâlden. Nettsjinsteande dat begjint Vetra te fermoedzjen dat paus Pius XVI net oan in oerhaal beswykt is, sa't men tocht, mar ynstee fermoarde is mei in oerdoazis fan syn eigen medisyn tinzaparine, dat er ynnaam foar syn tromboflebitis (ûntstekking fan 'e ieren feroarsake troch bloedproppen). Underwilens binne de deiboeken fan Bentivoglio, dy't Vetra earder by it CERN opfrege hie, yn Fatikaanstêd besoarge, en Vetra set har oan it lêzen om te sjen oft har kollega syn kennis oer it antymatearje-eksperimint soms mei immen dield hie. Ear't se botte fier kommen is, freget McKenna har help om út te finen oft de paus silger echt fermoarde is. Vetra berget de deiboeken sekuer op en giet mei McKenna nei de Fatikaanske nekropolis, dêr't se de sarkofaach fan Pius XVI iepenje en oan 'e hân fan syn swarte tonge fêststelle dat er yndie fermoarde is mei in oerdoazis tinzaparine. Werom yn 'e pauslike fertrekken binne de deiboeken fan Bentivoglio poater. Vetra ûntdekt dat se yn beslach nommen binne troch Richter, dy't wegeret en jou se werom.
Wilens giet Langdon, begelaat troch luitenant Chartrand fan 'e Switserske Garde, werom nei de argiven. It bestudearjen fan 'e ynvintaris fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke is de iennichste flugge manear om út te finen hokker fan mear as tweintich tsjerkegebouwen op in line dwers troch Rome, dy't oanjûn wurdt troch it ingelreliëf op it Sint-Pitersplein, in stânbyld fan Bernini befettet. Wylst Langdon en Chartrand har yn 'e hermetysk ôfsletten argiven befine, dêr't in legere soerstofgraad yn stân holden wurdt om 'e âlde dokuminten te sparjen, wurdt de elektrisiteit útskeakele. Dêrmei hâldt de soerstoftafier ek op. Mei't de doar ta de argiven ek elektrysk is, komme Langdon en Chartrand op in hier nei om troch ferstikking, foar't se troch gâns skea oan te rjochtsjen witte út te brekken. Mei't bekend wie dat hy de argiven rieplachtsje soe, fermoedet Langdon dat it om in moardoanslach giet.
Nettsjinsteande alle tsjinwurking hat er dochs it trêde alter identifisearre as de Tsjerke fan Marije fan 'e Oerwinning. As Langdon dêr mei Olivetti, Vincenzi en ferskate carabinieri hinne set, treffe se om 22.00 oere kardinaal Guidera, dy't brânmerke is mei it ambigram "Fjoer", hingjend boppe it eigentlike heechalter oan, dat yn ljochte lôge stutsen is. Wylst Langdon en de carabinieri de kardinaal besykje te rêden, komt de moardner fanwegen, dy't noch yn 'e tsjerke oanwêzich is, en deadet Vincenzi en Olivetti. Hy deadet ek de beide carabinieri en keart de rêding fan Guidera tsjin. Wylst er ôflaat wurdt troch de oankomst fan in pear oare carabinieri (dy't er ek oer it mad komt en ombringt), wit Langdon troch in roaster nei de kelder fan 'e tsjerke te ûntkommen. De moardner lit him fierders gewurde en pykt út. Underwilens wurdt kardinaal Strauss op it pauslik konklaaf bepraat en lis syn funksje as deken fan it Kolleezje fan Kardinalen del, sadat er sels ferkiesber wurdt foar it pontifikaat. De oare kardinalen binne bang dat se der oars net út komme sille.