Nikolaj Aleksejevitsj Gûljajev (Moskou, 1 jannewaris 1966) is in earder Russysk reedrider. Berne yn de doetiidske Sovjet-Uny kaam er oant en mei 1991 út foar de Sovjet-Uny.

Hy die twa kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround en it Wrâldkampioenskip sprint, fjouwer kear oan it Europeesk kampioenskip en twa kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 1988 en 1992). Hy waard by dizze kampioenskippen ien kear wrâldkampioen en Europeesk kampioen allround en ien kear Olympysk kampioen. Hy waard ek ien kear allround kampioen fan de Sovjet-Uny. Jannewaris 1988 waard Gûlajev pakt mei 700 kapsules anabole steroiden. Hy mocht derom net meidwaan oan de Europeeske en Wrâldkampioenskippen allround, mar mocht dochs fan start gean op de Olympyske Winterspullen yn Calgary om't er net betrape wie op it brûken fan dopingLjouwerter Krante, 28-01-1988, Berisping Voor Koerier GoeljajevLjouwerter Krante, 11-02-1988, IOC Laat Rus Goeljajev Toch Starten in CalgaryLjouwerter Krante, 18-01-1988, Goeljajev Blijkt Dopingleverancier. Yn 1992 stopte Gûljajev mei reedriden op heech nivo fanwegen in blessuere oan syn rêch.

Persoanlike rekôrs Ofstân Tiid Datum Baan 500 meter 36,8422 desimber 1989 Medeo, Alma-Ata1000 meter1.13,0318 febrewaris 1988 Olympic Oval, Calgary1500 meter1.52,7015 febrewaris 1987 Thialf, It Hearrenfean3 km4.11,217 desimber 1987 Winterstadion, Leningrad5 km6.51,2814 febrewaris 1987 Thialf, It Hearrenfean10 km14.28,4515 febrewaris 1987 Thialf, It Hearrenfean

Resultaten jier EKAllround WKAllround WKSprint OlympyskeSpullen 19865e 1987 1988 500 m, 36ste1000 m, 1500 m, 7e1989 18e 199020ste 199117e 8ste1992 7e1000 m, 8ste

Kategory:Russysk reedrider Kategory:Russysk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1966