Medina del Campo is in stêd en gemeente yn 'e provinsje Valladolid en de Spaanske autonome regio Kastylje en Leön.

Skiednis Medina del Campo (Medina is Arabysk foar stêd) waard yn 'e 11e iuw op 'e heuvel La Mota stifte. Dy heuvel mei it kastiel leit hjoed-de-dei oan 'e stêdsrâne, mar wie yn dy tiid it sintrum. Yn 'e 15e en 16e iuw hie it plak in soad betsjutting as hannelssintrum en rûsd wurdt dat de stêd doe wol 50.000 ynwenners telde. Fan 'e 17e oant de 19e iuw rekke de stêd yn it neigean.

Befolkingsferrin jier 1857 1900 1950 2000 2017 2022ynwennertal 4.238 5.971 14.288 20.047 20.679 20.183

De mechanisaasje en de skaalfergrutting yn 'e lânbou soargen foar ferlies fan wurk op it Spaanske plattelân en droegen sûnt healwei de 19e iuw by oan 'e snelle ferheging fan 'e ynwennertallen fan stêden. Yn 'e gemeente lizze in soad doarpen, dy't troch de oarspronklike bewenners sa goed as ferlitten binne.

It besjen wurdich Castillo de La Mota (15e iuw) Colegiata de San Antolín (16e–18e iuw) Casa Consistorial (riedshûs, 17e iuw) Casa Blanca (16e iuw) Museo de las Ferias

Berne Ferdinand I fan Aragón (1380-1416), kening fan Aragón, Sisylje en Sardynje Alfûns V fan Aragón (1396-1458), kening fan Aragón, Sisylje en Sardynje Jehan II fan Aragón (1397-1479), kening fan Navarra, Aragón, Sisylje en Sardynje Eleonora fan Trastámara (1402-1449), keninginne fan Portugal Bernal Diaz del Castillo (1492-1581), conquistador

Kategory:Plak yn Kastylje en Leön