Clara Hughes (Winnipeg, 27 septimber 1972) is in earder Kanadeesk reedrydster en Hurdfytster.

Hughes begûn har sportkarriêre as reedrydster, mar stapte yn 1990 oer nei it hurdfytsen. Dêr helle sy har earste grutte suksessen: sy wûn twa brûnzen medaljes by it hurdfytsen op de Olympyske Simmerspullen 1996 en die fjouwer kear mei oan de Tour Feminin. Yn 2000 gie sy wer reedriden.

Sy die seis kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround, en trije kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 2002, 2006 en 2010). Sy waard by dizze kampioenskippen ien kear Olympyske kampioen. Nei de spullen fan 2010 hold Hughes op mei it reedriden op heech nivo, en gie wer hurdfytsen.

Yn 2012 die Hughes foar de twadde kear mei oan de Olympyske Simmerspullen. Sy waard hjir 5e yn de tiidrit en 32ste by de dykwestriid. Nei de Spullen fan 2012 is it frijwat stil wurden omtrint de karriêre fan Clara Hughes.

Persoanlike rekôrs Reedriden Ofstân Tiid Datum Baan 500 meter 41,1912 oktober 2006 Olympic Oval, Calgary1000 meter1.18,7423 desimber 2006 Olympic Oval, Calgary1500 meter1.57,4620 novimber 2005 Utah Olympic Oval, Salt Lake City3 km3.59,0618 novimber 2005 Utah Olympic Oval, Salt Lake City5 km6.53,0413 jannewaris 2008 Olympic Oval, Calgary10 km14.19,7311 maart 2005 Olympic Oval, Calgary

Resultaten Reedriden jier WKAllround WKOfstannen OlympyskeSpullen 2001 3 km, 11e2002 3 km, 10e5 km, 20036e3 km, 4e5 km, 200410e3 km, 4e5 km, 200512e3 km, 5e5 km, ploege-efterfolging, 2006 3 km, 9e5 km, ploege-efterfolging, 200717e3 km, 13e200811e3 km, 6e5 km, 200919e3 km, Diskwalifisearre5 km, 2010 3 km, 5e5 km,

Kategory:Kanadeesk reedrider Kategory:Kanadeesk hurdfytser Kategory:Kanadeesk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1972