260px|thumb|De Sylroede sjoen fan de Slûs ôf De Sylroede is in kanaal by in syl yn Hylpen yn de gemeente Súdwest-Fryslân.
De Sylroede is 200 meter lang en begjint by it wetter de Yndyk en rint yn noardlike rjochting ûnder de Wipbrêge troch nei de Slûs Hylpen. Justjes foar de Slûs is der yn eastlike rjochting ferbining mei de Easterfeart (Hylpersk: Aesterfaart). De Sylroede is part fan de rûte fan de Alvestêdetocht.
Galery
Kategory:Hylpen Kategory:Kanaal yn Hylpen (gemeente) Kategory:Kanaal yn Nijefurd Kategory:Kanaal yn Súdwest-Fryslân