De Estudios Churubusco binne in studiokompleks en filmstudiobedriuw yn Meksiko-Stêd. It is it âldste en grutste studiokompleks fan Meksiko, dat ferneamd is nei de wyk Churubusco, dêr't it sitewearre is. Behalven fasiliteiten beskikber te stellen foar it meitsjen fan films, produsearret Estudios Churubusco ek eigen films.
Skiednis De Estudios Churubusco waarden boud nei in oerienkomst fan 'e Amerikaanske filmstudio RKO Radio Pictures mei Emilio Azcárraga Vidaurreta, de oprjochter fan wat letter de mediareus Televisa wurde soe. It kompleks waard iepene yn 1945. Fiif jier letter, yn 1950, fusearre it mei de Estudios y Laboratorios Azteca en hiet neitiid in skoft Estudios Churubusco Azteca. Yn 1958 waard it kompleks oankocht troch de Meksikaanske oerheid, dy't sûnt de eigner is. De Estudios Churubusco binne ien fan 'e beide studiokompleksen anneks filmstudio's út it Gouden Tiidrek fan 'e Meksikaanske Sinema dy't noch altyd besteane (de oare is Televisa San Angel). Sûnt 2000 hat 95% fan 'e films dy't yn Meksiko produsearre binne, gebrûk makke fan 'e fasiliteiten fan 'e Estudios Churubusco. Dêrnjonken witte ek hieltyd mear ynternasjonale produksjes de wei nei it kompleks te finen.
Produksjes Films In seleksje fan films dy't alteast foar in diel yn 'e Estudios Churubusco opnommen binne: The Fugitive (1946) Tarzan and the Mermaids (1948) The Brave One (1956) Butch Cassidy and the Sundance Kid (1969) Bring Me the Head of Alfredo Garcia (1974) Under the Volcano (1983) Conan the Destroyer (1984) Dune (1984) Romancing the Stone (1984) Rambo: First Blood Part II (1985) License to Kill (1989) Total Recall (1990) Honey, I Shrunk the Kids (1989)The Hunt for Red October (1990) Romeo + Juliet (1996) The Mask of Zorro (1998) Amores Perros (1999) Frida (2001) Original Sin (2001) El Crimen del Padre Amaro (2002) The Librarian: Quest for the Spear (2004) Man on Fire (2004) The Matador (2005) Bandidas (2006) Resident Evil: Extinction (2007) Barb and Star Go to Vista Del Mar (2021)
Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e Estudios Churubusco
Kategory:Film- en telefyzjestudiokompleks yn Meksiko Kategory:Meksikaanske filmstudio Kategory:Bouwurk yn Meksiko-Stêd Kategory:Bedriuw oprjochte yn 1945 Kategory:Bouwurk út 1945