Pat Garrett (folút: Patrick Floyd Jarvis Garrett; Cusseta (Alabama), 5 juny 1850 – Las Cruces (Nij-Meksiko), 29 febrewaris 1908) wie in Amerikaansk jager op bizons, cowboy, barkeeper, dûanier en plysjeman fan etnysk Ingelsk komôf. Hy kaam út in rike famylje fan plantaazje-eigners yn it Amerikaanske Suden fan it Antebellum. Garrett is in grutte namme út 'e skiednis fan it Wylde Westen, mar net sasear om himsels, as wol om't er de ferneamde bandyt Billy the Kid deaskeat. Garrett wie sheriff fan Lincoln County en letter fan Doña Ana County, beide yn 'e Amerikaanske steat Nij-Meksiko, en teffens wied er assisint-U.S. marshal, Texas Ranger en kommys. Yn 1908 waard er sels ûnder ûnopheldere omstannichheden deasketten.
Libben en karriêre Jonkheid en komôf Pat Garrett waard yn 1850 berne yn Cusseta, yn Chambers County yn 'e Amerikaanske steat Alabama. Hy kaam út in ryk maatskiplik fermidden fan blanke plantaazje- en slave-eigners yn it Amerikaanske Suden fan 'e Antebellumperioade. Garrett wie it twadde fan fiif bern yn 'e húshâlding fan John Lumpkin Garrett en dy syn frou Elizabeth Ann Jarvis. Syn fjouwer bruorren en susters wiene Margaret, Elizabeth, John en Alfred. De famylje wie fan etnysk Ingelsk komôf, mei foarâlden dy't nei Noard-Amearika ta emigrearre wiene út 'e Ingelske greefskippen Hertfordshire, Northamptonshire, Bedfordshire en Buckinghamshire.
Yn 1853, doe't Garrett in pjut fan trije jier wie, kocht syn heit de John Greer-plantaazje yn Claiborne Parish yn 'e Amerikaanske steat Louisiana oan. De Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865), dy't útbriek yn it jier dat Garrett alve waard, ferwoastge lykwols it fertún fan 'e famylje. Syn mem kaam te ferstjerren op 25 maart 1867, doe't se noch mar 37 jier wie; syn heit stoar op 5 febrewaris it jiers dêrop, 45 jier âld. De fjouwer bern bleaune efter mei in plantaazje dy't mear as $30.000 yn 'e skulden siet. De opfieding fan 'e jongste bern waard oernommen troch famyljeleden. Garrett, dy't achttjin jier wie doe't syn heit stoar, liet Louisiana ein jannewaris 1969 efter him en teach nei it Wylde Westen.
Iere jierren yn it Wylde Westen Wat Garrett de folgjende sân jier útfûn, is ûndúdlik. Tsjin 1876 wied er yn Teksas, dêr't er yn syn libbensûnderhâld foarseach as jager op Amerikaanske bizons. It wie yn dy snuorje dat er foar it earst in man om hals brocht, in oare bizonjager dy't Joe Briscoe hiet. Garrett joech himsels neitiid oan by de autoriteiten yn Fort Griffin, mar der waard besletten dat er yn dy saak net ferfolge hoegde te wurden. Doe't de bizons troch opsetlike oerbejaging krap rekken, ferliet Garrett Teksas en bejoech er him nei wat doe it Territoarium Nij-Meksiko wie. Dêr fûn er yn Fort Sumner wurk as cowboy op 'e ranch fan 'e rike feebaron Lucien Maxwell.
Houliken en bern Garrett syn earste frou wie Juanita Martínez, dy't fyftjin dagen nei harren trouwerij yn 1879 kaam te ferstjerren. Op 14 jannewaris 1880 wertroude er mei Apolinaria Gutierrez. De bewearing fan Garrett syn biograaf Leon C. Metz dat Apolinaria de suster fan Juanita wêze soe, is ûnwier, mei't Apolinaria mar ien suster hie, dy't Celsa hiet. Tusken 1881 en 1905 krigen Garrett en syn twadde frou acht bern: Ida, Dudley, Elizabeth, Annie, Patrick, Pauline, Oscar en Jarvis.
Sheriff fan Lincoln County en gedoente mei Billy the Kid Ferkiezing By ferkiezings op 2 novimber 1880 waard Garrett, mei it ûnthjit dat er feedieverij oanpakke soe, keazen ta sheriff fan Lincoln County yn Nij-Meksiko. Hoewol't syn termyn pas op 1 jannewaris 1881 begjinne soe, stelde de sittende sheriff, George Kimball, dy't de ferkiezings ferlern hie, Garrett daliks oan as helpsheriff, sadat er ûnderfining opdwaan en ynwurke wurde koe. Garrett liet himsels dêrnjonken beneame ta assistint-U.S. marshal, sadat er fuortflechtige kriminelen ek bûten de grinzen fan syn county efterfolgje koe.
Jacht op Billy the Kid Yn 'e neisleep fan 'e Prêrjeoarloch fan Lincoln County (1877-1878) waard de ferneamde bandyt Billy the Kid socht foar moard. Hoewol't de leginde hawwe wol dat Billy en Garrett boezemfreonen wiene, bestiet der eins gjin inkeld bewiis dat se mear wiene as dizenige kunde. Ein novimber 1880 stalde Garrett in posse gear foar de opspoaring en arrestaasje fan Billy the Kid, op waans holle gûverneur Lew Wallace in preemje fan $500 setten hie. Op 30 novimber bestoarmen hy en syn mannen de Dedrick-ranch te Bosque Grande, dêr't se Billy the Kid oer it mad tochten te kommen. Mar se troffen der inkeld in John Joshua Webb, dy't socht waard foar moard, en in hynstedief dy't George Davis hiet. Garrett droech dat pear oer oan 'e sheriff fan San Miguel County en ried sels fierder nei it plak Puerto de Luna, dêr't in pleatslike bruier rûzje mei him socht en troch him yn it skouder sketten waard.
Op 19 desimber setten Garrett-en-dy in nachtlike mûklaach op yn Fort Sumner. Doe't de binde fan Billy the Kid, besteande út Billy sels, Charlie Bowdre, Tom Pickett, Billy Wilson, Dave Rudabaugh en Tom O'Folliard, it stedsje binnenried, seagen se lykwols O'Folliard foar Billy oan. Se iepenen it fjoer en deaden dyselde, mar de echte Billy wist mei syn oare maten te ûntkommen.
Op 23 desimber waarden Billy en syn binde lykwols troch Garrett-en-dy ynsletten yn in ferfallen stiennen gebou op in ôfhandich plak dat doe bekend stie as Stinking Springs (deunby it hjoeddeistige Taiban). Wylst Billy the Kid-en-dy binnendoar leine te sliepen, besingelen Garrett en syn mannen it gebou en wachten oant de sinne opkaam. De oare moarns kaam Charlie Bowdre derút om syn hynder te fuorjen. De leden fan 'e posse seagen him oan foar Billy the Kid en skeaten him dea. Syn hynder rekke ek dea en it kadaver kaam sa ûngelokkich del, dat it de iennichste útgong fan it gebou blokkearre.
De leden fan 'e posse setten doe útein mei it sieden fan brea-iten boppe in iepen fjoer. Garrett en Billy the Kid rôpen boadskippen oer en wer: Garrett sei dat der genôch iten foar allegear wie as de bindeleden allinne mar nei bûten kamen om har oer te jaan, wylst Billy the Kid him oanrette om nei de hel te rinnen. Op 't langelêst beseften de bindeleden lykwols dat se sa yn 'e knipe sieten dat der gjin kâns mear bestie dat se útpike koene. Dat sadwaande joegen se har yndie oer, wêrnei't Garrett wurd hold en it iten mank allegearre omparte.
Billy the Kid waard nei Santa Fe brocht en letter nei Mesilla, dêr't yn april 1881 de rjochtsaak tsjin him holden waard. Op 9 april waard er skuldich befûn oan 'e moard op sheriff William J. Brady, ien fan Garrett syn amtsfoargongers, en op 13 april waard er feroardiele om ophongen te wurden. Om't de moard yn Lincoln plakfûn hie, moast ek de terjochtstelling dêr barre. Sadwaande waard Billy dêrhinne oerbrocht om oant syn eksekúsje op 13 maaie fêstholden te wurden yn it pleatslike gerjochtsgebou anneks tichthûs. Op 28 april, wylst Garrett sels net yn Lincoln oanwêzich wie, slagge it Billy the Kid om oan in fjoerwapen te kommen. Hy fermoarde syn beide sipiers, Garrett syn helpsheriffs James W. Bell en Bob Olinger, en naaide út
Dea fan Billy the Kid troch de hân fan Garrett Likernôch in fearnsjier nei de ûntsnapping krige Garrett berjocht dat Billy the Kid him wer yn 'e omkriten fan Fort Sumner ophold, dêr't er freonen hie. Hy en twa helpsheriffs rieden dêr op 14 july 1881 hinne om in ynwenner fan it plak oer de geroften te befreegjen. Dat wie Pedro Maxwell, in freon fan Billy the Kid, foar waans heit Lucien Garrett earder noch as cowboy wurke hie. Om midsnacht hinne, wylst Garrett en Maxwell sieten te praten yn Maxwell syn dûnkere sliepkeamer, gie de doar iepen en stoep Billy the Kid ûnferwachts nei binnen. Der binne teminsten twa ferzjes fan wat der doe barde.
De bekendste ferzje fan it ferhaal wol hawwe dat, doe't Billy the Kid de sliepkeamer yn kaam, hy Garrett net weromkoe omreden fan it feit dat er fan it ljocht yn it tsjuster stoep. Hy skrok, loek syn revolver en wiek tebek, wylst er frege "¿Quién es? ¿Quién es?" (Spaansk foar "Wa is dat? Wa is dat?"). Garrett koe Billy the Kid oan syn stimlûd wer, loek syn eigen revolver en skeat twaris. De earste kûgel rekke Billy the Kid yn it boarst krekt boppe it hert, en hoewol't de twadde kûgel doel miste en ynstee de skoarstienmantel yn 'e keamer efter him rekke, foel er del op 'e flier, gappe in lyts skoftke nei de siken en stoar.
Yn in minder bekende ferzje fan it barren kaam Billy the Kid de sliepkeamer binnen mei inkeld in mês yn 'e hân, mei't er blykber nei de koken woe om iten, dêr't er foar troch de sliepkeamer moast. Hy murk yn it healtsjuster immen op en frege "¿Quién es? ¿Quién es?" Garrett, dy't him oan syn stimlûd werkoe, loek syn revolver en skeat him sûnder pardon dea. Hoewol't de earste ferzje in stik populêrder is en troch Garrett ferspraat waard om't dêryn syn dieden yn in better ljocht pleatst wurde, ornearje guon histoarisy dat de twadde ferzje nei alle gedachten werjout hoe't Billy the Kid wier oan syn ein kaam.
Der bestiet ek noch in trêde, sterk ôfwikend ferhaal, wêryn't Garrett syn treffen mei Billy the Kid gjin tafal wie, mar it resultaat fan in mûklaach dy't de posse foar Billy the Kid opsette. Neffens dat ferhaal hiene Garrett en syn mannen der lucht fan krigen dat Billy the Kid in relaasje ûnderhold mei Paulita, de suster fan Pedro Maxwell. Dêrom oerfoelen se har yn har sliepkeamer en waarden har oermânsk, wêrnei't se har fêstbûnen en knevelen op har bêd. Dêrnei wachten se de oankomst fan Billy the Kid ôf. Doe't dy de sliepkeamer ynstoep, wachte Garrett him dêr op efter Paulita har bêd en skeat him dea, net mei in revolver, lykas yn 'e oare beide ferzjes fan it ferhaal, mar mei in jachtgewear.
Ta einbeslút giene der ek fuort al geroften dat Billy the Kid hielendal net troch Garrett deade wie, mar dat Garrett, dy't "ommers" syn boezemfreon wie, de dea fan Billy the Kid yn sêne set hie sadat dy oan rjochtsferfolging ûntkomme koe. Dy ferhalen wurde troch histoarisy net serieus nommen.
Boek oer Billy the Kid Nei de dea fan notoire bandyt Billy the Kid wie der jild te fertsjinjen mei beskriuwings fan syn libben. In soad skriuwers setten dêrmei útein en yn dy biografyen kaam Pat Garrett oer it generaal nei foarren as in ferrieder en in gemiene slûpmoardner. Om syn eigen reputaasje te behimmeljen, skreau Garrett dêrom mei sjoernalist Ash Upson in eigen biografy fan Billy the Kid, The Authentic Life of Billy, the Kid, dy't yn 1882 útkaam. Hoewol't it boek doedestiden in flop wie, rekke it letter ferneamd en wie it oant de 1960-er jierren de wichtichste boarne fan ynformaasje oer it libben fan Billy the Kid, nettsjinsteande it feit dat der in protte flaters yn stiene.
Nei Billy the Kid Texas Ranger Doe't der yn 1882 in nije sheriff keazen wurde moast yn Lincoln County, stelde Garrett himsels net mear ferkiesber. Hy ferfear nei Teksas, dêr't er om 'e nocht besocht en feroverje in sit yn 'e Senaat fan Teksas. Dêrnei joech er him by de Texas Rangers, dêr't er de rang fan kaptein hie. Minder as in moanne nei syn ferkiezingsnederlaach ferhuze er lykwols werom nei Nij-Meksiko, dêr't er him mei wiif en bern nei wenjen sette yn Roswell.
Ynvestearrings yn yrrigaasjeprojekten Garrett ûntdiek yn 'e omkriten fan Roswell, yn 'e delling fan 'e rivier de Pecos, in grut ûndergrûnsk reservoir welwetter en rjochte yn july 1885 mei twa partners de Pecos Valley Irrigation and Investment Company op. Yn jannewaris 1887 kocht er ek in belang fan in trêdepart oan yn 'e Texas Irrigation Ditch Company. Yn beide gefallen waard him nei ferrin fan tiid troch syn partners de wacht oansein. Yn augustus 1887 rjochte er mei William L. Holloman de Holoman & Garrett Ditch Company op, mar by einbeslút mislearren al Garrett syn ynvestearrings yn yrrigaasje jammerdearlik. Tsjin 1892 wie Garrett mei syn almar úttynjende húshâlding wer nei Teksas ferhuze, dêr't er him nei wenjen set hie yn Uvalde yn 'e delling fan 'e Rio Grande. Dêr rekke er befreone mei John Nance Garner (1868-1967), dy't it letter ta fise-presidint fan 'e Feriene Steaten bringe soe.