Tsjerk fan Boelens of (latinisearre) Tarquinius van Boelens (Bûtenpost, 1582 - dêre, 22 jannewaris 1651) wie in Nederlânske bestjoerder fan Frysk komôf.
Biografy Van Boelens wie in soan fan Lieuwe van Boelens, sekretaris fan Achtkarspelen, en Anne Lieuma († 1626). Tsjerk wie in telch út de famylje Fan Boelens. Dat geslacht út Olterterp hie in tûke yn Achtkarspelen dy't grutte belangen hie yn de ferfeaning. Al yn de perioade 1526 -1549 komt in Sythie Boelis foar as grytman fan dy gritenij. Tsjerk wie moai wis in neikommeling fan dizze Sythie. Wijnsma, A.J. (2015). Grietmannen van Achtkarspelen. [online] Beskikber fia: Binnenbuitenpost.nl. [Rieplachte op 4 febrewaris 2022].
Yn 1598 waard Tsjerk ynskreaun as studint oan de universiteit fan Frjentsjer. Zijlstra, S. (1996). Het geleerde Friesland - een mythe? Universiteit en maatschappij in Friesland en Stad en Lande ca. 1380-1650. Ljouwert: Fryske Akademy. Al yn 1607 komt Van Boelens foar as rekkenmaster fan Fryslân. Yn 1618 folge er Feycke fan Herbranda op as grytman fan Achtkarspelen. Fan Boelens wie ûnder oaren Volmacht ten Landsdage út namme fan Achtkarspelen en letter wie er ek lid fan Deputearre Steaten fan Fryslân út namme fan Eastergoa.Bouma, R. (1997). Boelens II. Genealogysk Jierboek 1997, s.83-103. Yn 1633 resultearre de ynfiering fan nije belestingen yn lilkens ûnder de pleatslike befolking dy't him ûnder mear rjochte tsjin Fan Boelens en grytman fan Kollumerlân, Ritscke van Eysinga.Spanninga, H. (2012). Gulden Vrijheid? Politieke cultuur en staatsvorming in Friesland, 1600-1640. Hilversum: Uitgeverij Verloren. Yn 1637 die Van Boelens ôfstân fan it grytmanskip foar syn soan Pieter fan Boelens. Nei it ferstjerren fan Piter yn 1639 waard Tsjerk op 'e nij grytman oant er yn 1648 fannijs ôfstân die yn it foardiel fan syn pakesizzer Livius fan Boelens.
Yn Bûtenpost stichte de famylje Fan Boelens de Boelensstate dy't letter ek bekend stie as de Haersmastate. Plaatselijk Belang Buitenpost (2015). voormalige Haersmastate. [online] Beskikber fia: Binnenbuitenpost.nl. [Sjoen op 4 febrewaris 2022]. Fierder hie Van Boelens stimhawwende pleatsen yn syn besit yn Bûtenpost, Stynsgea, Droegeham, Surhuzum, Lutkepost en Twizel.
Houlik en bern thumb|150px|left|Hearebank yn de Marijetsjerke fan Bûtenpost mei it alliansjewapen Fan Boelens-Pieters Van Boelens boaske yn 1608 oan Maaike Pieters (± 1587/88-1655), dochter fan Pieter Binnerts, lekkenkeapman te Ljouwert, en Maeycke van Voort, besibbe oan de Uterske ferfeantersfamylje Van Voort dy't in part fan de feanen fan it Gerkeskleaster yn gebrûk krige.Waringa, N.J. & Heerma van Voss, A.L. (1950). Grafschriften en andere genealogische en heraldieke merkwaardigheden in en om de kerken tussen Flie en Lauwers. Deel I. Achtkarspelen. Ljouwert: Jongbloed.Visscher, W. (2015). Verveningen en verveners in Friesland. Dokkum: Wijdemeer. It pear krige in soan:
Pieter fan Boelens (1609-1639), hy folge syn heit op as grytman fan Achtkarspelen. Pieter boaske oan Eelckien fan Haersma, dochter fan Arent fan Haersma, grytman fan Smellingerlân en Hylck fan Harckema. Hylck wie in suster fan Aulus fan Harckema, grytman fan Fisfliet, sy troude letter op 'en nij mei Feycke fan Herbranda.Ley, R. van der (1985). Haersma fan Eastermar. Genealogysk Jierboek 1985, sd.58-80. It rouboerd foar Pieter fan Boelens sit yn de samling fan it Frysk Museum.
Sjoch ek List fan grytmannen fan Achtkarspelen List fan grytmannen fan Kollumerlân
Kategory:Grytman fan Achtkarspelen Kategory:Grytman fan Kollumerlân Kategory:Deputearre fan Fryslân Kategory:Persoan berne yn Bûtenpost Kategory:Persoan stoarn yn Bûtenpost Kategory:Persoan berne yn 1582 Kategory:Persoan stoarn yn 1651