It Brusselsk Haadstedsk Gewest (Frânsk: Région de Bruxelles-Capitale, Nederlânsk: Brussels Hoofdstedelijk Gewest), ok Brusselsk Gewest (Frânsk: Région bruxelloise, Nederlânsk: Brussels Gewest) neamd en ornaris Brussel (Frânsk: Bruxelles, Nederlânsk: Brussel) neamd, is sûnt 1989 ien fan de trije gewesten fan Belgje, dy't út 19 gemeenten bestiet wêrûnder de stêd Brussel, de haadstêd fan Belgje. It Brusselsk Haadstedsk Gewest leit yn it midden fan Belgje en is part fan de Flaamske Mienskip en de Frânske Mienskip, dochs is ûnôfhinklik fan it Flaamsk Gewest, dêr't er in enklave yn foarmet, en it Waalsk Gewest.
It Brusselsk Haadstedsk Gewest hat neistenby 1.256.000 ynwenners (2025) op in oerflak fan neistenby 162 km². De Stedsregio Brussel, dy't oer de grinzen fan it gewest rint hat likernôch 1,8 miljoen ynwenners.
Namme De namme Brussel komt fan it Aldnederfrankyske bruoc (broek/sompe) en sella (wenplak), dus "wenplak yn/by de sompe", dat yn it Midnederlânsk evoluearre de namme ta Bruesele, Brussele, Bruxel ta it hjoeddeistige Brussel. De namme komt foar it earst om 1000 hinne yn it Latyn as Brosella. Yn it Frânsk is de namme Bruxelles, dy't noch hieltyd tichteby it oarspronklike Bruocsella is. De nammen fan de oare gemeenten fan it Brusselsk Haadstedsk Gewest hawwe allegear in Nederlânske oarsprong.
Skiednis thumb|It Stedhûs fan Brussel thumb|Rue de la Loi/Wetstraat, ien fan de wichtichste strjitten fan it gewest 15px Foar mear ynformaasje oer de skiednis fan Brussel, sjoch op de side fan de stêd Brussel. Brussel ûntstie yn 976 en mooglik stifte troch hartoch Karel fan Nederloataringen nei't in nustje doarpen oaninoar fêstwoeksen binne en dêr in boarch op ien fan de trije eilannen yn de rivier de Senne boud waard.
Brussel krige yn 1229 stedsrjochten fan hartoch Hindrik I fan Brabân. Fan de trettjinde oant en mei de achttjinde iuw foel it gebiet om Brussel hinne ûnder de stedsfrijheden fan de stêd, itjinge de Kûpe fan Brussel (Kuip van Brussel, âlde stavering: Kuype) neamd waard. De omlizzende doarpen en plakken dy't ûnder de Kûpe foelen, foelen ûnder de jurisdiksje fan de stêd Brussel en foarmen in politike, ekonomyske en juridyske ienheid mei de stêd. Guon plakken fan it hjoeedeistige Gewest foelen net ûnder de Kûpe, mar foelen ûnder it rjocht fan Ukkel. Brussel waard ien fan de wichtichste stêden fan it hartochdom Brabân en letter de haadstêd fan de Boergondyske, Habsburchske en Súdlike Nederlannen.
Yn de Frânske tiid waarden de stedsfrijheden ôfskaft en waard de stêd Brussel in gemeente, waans jurisdiksje net fierder gie as de stedsgrinzen fan de Fiifhoeke, de foarm fan it âlde sintrum. De omlizzende plakken waarden selsstannige gemeenten. Dêrtroch rûn Brussel in soad belestingsynkommen mis. Nei de Frânske tiid kaam Brussel by it Feriene Keninkryk fan de Nederlannen dêr't er tegearre mei De Haach it sit fan de oerheid waard. Nei de Belgyske ûnôfhinklikens yn 1831 waard Brussel de haadstêd fan de nije Belgyske steat. Dêrnei wiene der grutte útwreidings fan Brussel en kaam de yndustrialisaasje ek al gau op gong. Nei de ûnôfhinklikens wie der troch ynmingen fan de oerheid in grutte ynstream fan Waalske amtners en Frânske flechtelingen, benammen revolúsjonêren. It Frânsk waard de iennige bestjoerstaal yn Belgje nei de ûnôfhinklikens. Brussel wie ynearsten in Nederlânsktalige stêd dêr't in pleatslik Brabânsk dialekt, it Brusselsk, sprutsen waard. De Frânsktalige ynkommers wiene benammen fan de hegere stân en de adel, dy't it stimrjocht hiene en twongen harren taal op te kringen. Dêr ûntstie njonken taaldiskriminaasje ek diskriminaasje op sosjaal mêd. Troch de yndustrialisaasje ûntstie der ek in grutte legere arbeidersklasse. It ferfrânskjen fan Brussel naam hieltyd ta, dochs kamen de Frânsktaligen pas yn de mearderheid yn it midden fan de tweintichste iuw.
Mank dy evolúsje woeks ek it haadstedsk gebiet. Yn de iere njoggentjinde iuw wiene der mar seis gemeenten om de haadstêd hinne. Doe't it ferstedskjen en ferfrânskjen tanamen, waarden omlizzende gemeenten anneksearre. Dat barde by de tsienjierlikse taletellings, wannear't it tal Frânsktaligen en twataligen boppe in beskate grins kaam, waard dy belutsen gemeente by it haadstedsk gebiet foege.
Sûnt de 1960-er jierren waard Brussel de facto de haadstêd fan de Jeropeeske Mienskip en letter de Jeropeeske Uny. Dêrtroch kamen der nije stêdeboukundige projekten op gong. Gânse wiken waarden platskood en meitsje plak foar grutte kantoargebouwen, it Manhattanprojekt. Dat arsitektureel fersoberjen wurdt wol "Brusselisearring" neamd.
Nei de Twadde Wrâldkriich wie der stadichoan ferlet fan in haadstedsk bestjoer ek omreden de oanhâldende taalstriid yn Belgje. Yn 1970 waarden de Flaamske en Frânske kultuermienskippen oprjochte. Yn 1971 waard de Brusselske Agglomeraasjerie oprjochte. Dy rie wie in publyk orgaan mei gewestlik foech oer de 19 Brusselske gemeenten en wie ornearre om de ôfwêzigens fan in eigen Brusselsk gewest op te fangen. It oprjochtsjen fan de rie op 26 july 1971 stie yn it ramt oangeande agglomeraasjes en federaasjes fan Belgyske gemeenten. Om't oare grutte stêden troch de jierren hinne omlizzende gemeenten anneksearre hiene, wie dat by Brussel net it gefal. De gemeente Brussel hie yn de 1920-er jierren wol buorgemeenten yn it easten en noarden anneksearre lykas Haren, Laken en Neder-Over-Heembeek, mar dêr bleau it by. De oare gemeenten fan de Brusselske agglomeraasje bleaune selsstannige gemeenten. Sadwaande waard de Agglomeraasjerie oprjochte.
Dy Agglomeraasjerie waard yn 1989 lykwols ferfongen troch it oprjochtsjen fan it Brusselsk Haadstedsk Gewest op 18 juny dat jiers, tsien jier nei't it Flaamsk Gewest en it Waalsk Gewest oprjochte waarden. It Brusselsk Haadstedsk Gewest krige in eigen parlemint en regear, lykas de oare twa gewesten. Dêrby waard in regeling troffen oangeande it beskermjen fan de Flaamske minderheid dy't likernôch 20% fan de befolking beslacht. It Haadstedsk Gewest waard offisjeel twatalich, dy't lykas de federale oerheid út like folle Nederlânsktalige as Frânsktalige ministers besteane.
De Flaamske Mienskip en Frânske Mienskip hawwe lywols al foech oer it Brusselsk Gewest, sa as bygelyks op it mêd fan kultuer. Foar de Flaamske Mienskip hat de Flaamske Mienskipskommisje (VGC) en foar de Frânske Mienskip hat it COCOF it foech. Foar guon saken is der de Mienskiplike Mienskipskommisje.
De hjoeddeisstige ynstitúsjonele regeling foar it Brusselsk Haadstedsk Gewest is de oerienkomst fan ferskate steatsherfoarmings, dêr't de Frânsktaligen by besykje wolle en meitsje Brussel in folweardich gewest, wylst de Flamingen Brussel mear sjogge as in legere bestjoersfoarm, sa as in opwurdearre agglomeraasje as provinsje of ien stêd, dus in fúzje fan de 19 gemeenten. De juridyske status fan it Brusselsk gewest is justjes oars as dy fan it Flaamsk en Waalsk gewest.
Geografy thumb|Satelytfoto fan Brussel It Brusselsk Haadstedsk Gewest falt neffens grûngebiet gear mei it twatalige gebiet Brussel-Haadstêd en it Arrondissemint Brussel-Haadstêd. Dy bestiet njonken de stêd Brussel út 18 oare gemeenten dy't yn de rin fan de njoggentjinde en tweintichste iuw hieltyd mear mei de kearnstêd fergroeid waarden. Ta tsjinstelling fan de oare grutte agglomeraasjes yn Belgje, lykas Antwerpen, Gint, Charleroi en Luik rekke de Brusselske agglomeraasje net belutsen by de fúzjes fan Belgyske gemeenten yn 1977. Yn 1922 waarden allinnich de gemeenten Laken, Haren en Neder-Over-Heembeek troch de gemeente Brussel anneksearre.
Brussel leit op it Brabânsk Plato rûchwei yn it noardmidden fan Belgje, 110 km fan de kust, 180 km fan it súdlikste punt fan Belgje, 45 km súdlik fan Antwerpen en 50 km noardlik fan Charleroi. De trochsneed hichte is 57 meter boppe seenivo, mei it leechste punt fan 9,4 meter by, de hast folslein oerkape Senne, dy't troch it gewest fan súd nei noard rint, oant it heechste punt fan 148 meter yn it Soaniënwâld. Njonken de Senne, soargje syn sydrivieren de Maalbeek en de Woluwe yn it easten fan it gewest foar grutte hichteferskillen. Wâlden, parken en lânbougrûn foarmje likernôch 20% fan it totaal oerflak, dêr't wâlden konsintrearre binne yn it súdeasten, wylst in bytsje greide en ikkerlân yn it westen by Anderlecht is. Fierder is al it oare grûn beboud geiet.
Klimaat Brussel hat in seeklimaat mei waarme simmers en frisse winters en wurdt neffens de klimaatklassifikaasje fan Köppen klassifisearre Cfb. It klimaat wurdt beynfloede troch wyn fan de Noardsee.
Bestjoerlike yndieling thumb|300px|De 19 gemeenten fan it Brusselsk Haadstedsk Gewest thumb|Gemeentehûs fan Schaerbeek/Schaarbeek thumb|Gemeentehûs fan Saint-Gilles/Sint-Gillis It Brusselsk Haadstedsk Gewest bestiet út ien arrondissemint: it Arrondissemint Brussel-Haadstêd. Dy bestiet út 19 selsstannige gemeenten, dy't wol de "Brusselske Gemeenten“ neamd wurde. Yn alle 19 gemeenten binne beide it Frânsk en Nederlânsk de bestjoerstalen. De mearderheid fan de befolking is lykwols Frânsktalich. De gemeente Saint-Josse-ten-Noode/Sint-Joost-ten-Node is mei om de 24.100 ynwenners de km² hinne de tichtst befolkte gemeente fan Belgje.
Wapen Gemeente Oerflakin km² Befolking1 jannewaris 2020statbel.fgov.be x35px Anderlecht 17,74 120.887 x35px Auderghem/Oudergem 9,03 34.404 x35px Berchem-Sainte-Agathe/Sint-Agatha-Berchem 2,95 25.502 x35px Stêd Brussel (Bruxelles-ville/Stad Brussel) 32,61 185.103 x35px Etterbeek 3,15 48.473 x35px Evere 5,02 42.656 x35px Forest/Vorst 6,25 56.581 x35px Ganshoren 2,46 25.234 x35px Ixelles/Elsene 6,34 87.632 x35px Jette 5,04 52.278 x35px Koekelberg 1,17 21.959 x35px Molenbeek-Saint-Jean/Sint-Jans-Molenbeek 5,89 97.979 x35px Saint-Gilles/Sint-Gillis 2,52 49.678 x35px Saint-Josse-ten-Noode/Sint-Joost-ten-Node 1,14 27.497 x35px Schaerbeek/Schaarbeek 8,14 132.799 x35px Uccle/Ukkel 22,91 83.980 x35px Watermael-Boitsfort/Watermaal-Bosvoorde 12,93 25.332 x35px Woluwe-Saint-Lambert/Sint-Lambrechts-Woluwe 7,22 57.712 x35px Woluwe-Saint-Pierre/Sint-Pieters-Woluwe 8,85 42.119 x35px Brusselsk Haadstedsk Gewest 161,36 1.218.255
Polityk thumb|Gewesten fan Belgje: thumb|Mienskippen fan Belgje: Status It Brusselsk Haadstedsk Gewest is ien fan de trije gewesten fan Belgje. Geografysk en taalkundich is it in twatalige enklave yn it ientalich Flaamsk Gewest. De gewesten foarmje ien ûnderdiel fan de Belgyske ynstellings, wylst de trije mienskippen in oar ûnderdiel foarmje. De Brusselske befolking hat te krijen mei of de Frânske Mienskip of de Flaamske Mienskip, bygelyks op it mêd fan kultuer en ûnderrjocht, of de Mienskiplike Mienskip foar saken dy't te krijen hawwe mei beide mienskippen lykas sûnenssoarch en sosjale saken.
Nei it opspjalten fan de provinsje Brabân yn 1995 heart it Brusselsk Haadstedsk Gewest by net ien fan de provinsjes fan Belgje en is it gewest ek net ferparte yn provinsjes. De status fan it gewest is in oerienkomst tusken de Frânske en Flaamske mienskippen. De Frânske mienskip wol it gewest ferheffe ta de status as dy fan de oare gewesten, wylst de Flamingen Brussel in legere bestjoersfoarm jaan wolle sa as fan in opwurdearre agglomeraasje as provinsje of as ien grutte gemeente.
Bestjoer Sûnt 1989 hat it Brusselsk gewest syn eigen parlemint dy't troch de befolking fan it gewest keazen wurde kin. It parlemint bestiet út 89 leden, 72 Frânsktaligen en 17 Nederlânsktaligen, dy't it regear gearstalt. It regear bestiet út acht leden, wêrûnder ien minister-presidint, 4 ministers en trije steatsekretarissen. Lykas it federaal regear moat it Brusselsk regear út twa Frânsktalige en twa Nederlânsktalige ministers, twa Frânsktalige steatsekretarissen en ien Nederlânsktalige steatsekretaris bestean. De minister-presidint hoecht net oan it taalkwotum te foldwaan, dochs yn de praktyk wie er almeast in twatalige Frankofoan. 19 fan de 72 Frânsktalige parlemintsleden binne ek lid fan it parlemint fan de Frânske Mienskip. 6 fan de 17 Nederlânsktaligen binne ek lid fan it Flaamsk parlemint.