The Deer Hunter is in Amerikaanske histoaryske anty-oarlochs- en dramafilm út 1978 ûnder rezjy fan Michael Cimino, mei yn 'e haadrollen Robert De Niro, Christopher Walken, John Savage en Meryl Streep. De titel betsjut "De Hartejager". It ferhaal folget trije jonge Amerikaanske stielfabryksarbeiders út Pennsylvania, dy't ein 1960-er jierren as soldaten nei Súdeast-Aazje ta útstjoerd wurde om yn 'e Fjetnamoarloch te fjochtsjen. De skeinende ûnderfinings dy't se dêr opdogge, feroarje harren libbens foargoed. The Deer Hunter krige oer it algemien loovjende resinsjes fan 'e filmkritisy en wûn yn 1979 fiif Oscars, wêrûnder de Oscar foar Bêste Film. De film wûn dêrnjonken in Golden Globe en twa BAFTA's. Yn 'e bioskopen wie The Deer Hunter ek kommersjeel súksesfol. Yn 1996 waard de film útornearre foar preservearring yn it Nasjonaal Film Register.
Plot Yn 1967 wenje seis freonen, Michael, Nick, Steven, Axel, Stanley en John, yn Clairton, yn 'e Amerikaanske steat Pennsylvania, in plak dêr't de measte ynwenners diel útmeitsje fan in grutte etnysk Russyske mienskip fan ymmigranten en harren neiteam. Fiif fan 'e seis freonen wurkje yn it pleatslike stielfabryk, wylst John kroechbaas is. Allegear meie se yn har frije tiid graach jeie yn 'e omlizzende berchkrite fan 'e Appalachen, mar inkeld Michael nimt dat tiidsferdriuw serieus en is in ekspêr yn 'e jacht op wapitys. Michael, Nick en Steven binne oproppen foar de tsjinstplicht om yn 'e Fjetnamoarloch te fjochtsjen en risselwearje om fuort.
Steven is ferloofd mei Angela, dy't swier rekke is fan in oare man. Nettsjinsteande dat trout er mei har op 'e foarjûn fan syn ôfreis nei Fjetnam. Nick en Michael diele in bungalow yn Clairton. Nick hat in relaasje mei Linda, dy't nei harren ôfreis yn 'e bungalow trekke sil om te ûntsnappen oan har alkoholistyske heit, dy't har mishannelet. Michael is temûk fereale op Linda. Op 'e brulloft fan Steven en Angela freget Nick Linda om mei him te trouwen, en sy jout him tawurd. Letter dy jûns, as se allegear wat op hawwe, freget Nick oan Michael om him net efter te litten yn Fjetnam. As er sneuvelje mocht, wol er dat Michael derfoar soarget dat syn stoflik omskot yn Clairton te hôf brocht wurdt. De deis nei de brulloft geane de freonen, sûnder brêgeman Steven, noch ienris op jacht. Sa't er foar de moade hat, deadet Michael mei in inkeld skot in mânske wapitybok.
Mank de ferskrikkings fan 'e oarloch yn Fjetnam wurde Michael, Nick en Steven kriichsfinzen nommen troch de Viet Cong. Se wurde neitiid finzen holden yn in hutte oan in rivier. Harren sipiers fermeitsje harsels troch de finzenen te twingen en wurkje mei oan spultsjes Russyske rûlette, wêrby't se skynselsmoarden útfiere moatte mei in revolver dy't laden is mei ien kûgel wylst nimmen wit oft de keamer dêr't de hammer op delkomme sil leech is of net. De sipiers slute weddenskippen ôf oer de fraach oft in beskate kriichsfinzene himsels dêrby deasjitte sil of net.
Steven giet geastlik stikken oan dy foarm fan tramtaasje en rjochtet op in stuit de revolver op 'e souder ynstee fan op syn eigen holle as er de trekker oerhellet. Dêrtroch oerlibbet er it 'spultsje', want dy kear komt de hammer op 'e folle keamer del. Mar om't er him net oan regels holden hat, wurdt er troch de sipiers yn in fan rotten optillende koai mei de liken fan oare spulbrekkers smiten, dy't frijwol hielendal ûnder wetter stiet yn 'e rivier. Michael bepraat Nick fan 'e needsaak om 'e sipiers oer te heljen om harren mei trije kûgels yn 'e út seis keamers besteande silinder spylje te litten. Hy ornearret dat se in ridlike kâns hawwe om te ûntsnappen as se trije sipiers deasjitte kinne. Russyske rûlette mei trije kûgels is lykwols tige riskant, dat Nick is der earst net wis fan, mar Michael wit him te oertsjûgjen.
As hy en Nick út 'e sel helle wurde om tsjininoar te spyljen, bepraat Michael de sipiers om trije kûgels yn 'e silinder te dwaan. De sipiers fine dat wol spektukulêr en geane akkoart. Michael kriget de earste kear de revolver tastoppe, set it wapen tsjin syn holle oan en hellet de trekker oer op wat in lege keamer blykt te wêzen. Dan docht Nick mei folle minder bravoere itselde, en wer komt de hammer del op in lege keamer. It pistoal wurdt Michael wer taskood, dy't wit dat der no noch trije kûgels yn fjouwer keamers sitte. Dat hy pakt it oan en sjit trije sipiers dea. Hy en Nick gripe de mitrailleurs fan 'e ombrochte mannen, en sjitte dêrmei de rest fan 'e sipiers ek dea. Nei't se Steven út 'e ûnderwetterkoai befrijd hawwe, klampe se har fêst oan in deade beam en litte har yn 'e rivier streamôf spiele.
As se in rynkranke hingbrêge oer de rivier berikke en dêrop kladderje, wurde se sinjalearre en rêden troch in helikopter fan it Amerikaanske Leger. Om't it tastel ûnder fjoer nommen wurdt troch de fijân, moat de rêding halje-trawalje útfierd wurde. Nick wurdt troch de helikopterbemanning it tastel yn skuord, mar Michael en Steven moatte har fêsthâlde oan 'e glydstangen fan it ûnderstel. Steven, dy't ferswakke is, falt op in stuit werom yn 'e rivier, en Michael springt him efternei. De helikopter, mei de oerstjoere Nick deryn, fljocht fuort. Steven is by syn fal krekt op in pear rotsen ûnder wetter del kommen, en syn skonken binne tebrizele. Michael skuort him lykwols nei de riviersigge ta en nimt him dan op 'e rêch. Sa draacht er him troch it oerwâld oant se by in wei útkomme dy't nei Saigon liedt. Dêr sjocht it swart fan it folk dat foar de oarloch op 'e flecht is nei de Súdfjetnameeske haadstêd. Michael hâldt in Jeep fan it Súdfjetnameeske Leger oan en jout Stephen oan 'e soldaten mei om him nei it legerhospitaal yn Saigon te bringen. Sels jout er him by de mannichte flechtlingen dy't geandefoets ûnderweis is.
Underwilens betteret Nick yn in legerhospitaal yn Saigon op fan syn lichaamlike ferwûnings, mar it psychologysk trauma dat er oprûn hat, bliuwt ûnbehannele. Nei't er út it sikehûs ûntslein wurdt, doarmet er troch de stêd. As er op in stuit skotten út in goksealtsje kommen heart, bringt dat him syn behanneling troch de Viet Cong wer yn 't sin. Hy besiket him ôf te jaan, mar de Frânske sakeman Julien Grinda bepraat him om mei deryn te gean. It docht bliken dat yn it goksealtsje weddenskippen pleatst wurde op 'e útkomst fan Russyske rûlette dy't troch twa manlju spile wurdt. Nick wurdt poer, pakt de revolver ôf en jaget de boel yn 'e bulten. Michael is mank it publyk oanwêzich en besiket om 'e nocht om Nick syn oandacht te lûken. As de gearkomste yn trelit einiget, pykt Nick út. Letter wurdt er op 'e strjitte wer oansprutsen troch Grinda, dy't him ûnthjit dat er him ryk meitsje kin. Mei tsjinnichheid stapt Nick by him yn 'e auto en tegearre ride se fuort. Michael komt krekt te let om dat tsjin te kearen.
Michael kriget earfol ûntslach út it leger en reizget werom nei Clairton, dêr't er lykwols swierrichheden ûnderfynt om syn âlde bestean wer op te pakken. Dat begjint al fuort by syn weromkomst. As er by jûn arrivearret en sjocht dat syn freonen in wolkomsfeest foar him taret hawwe, kompleet mei spandoeken mei de tekst "Wolkom Thús, Mike", hjit er syn taksysjauffeur om troch te riden. Hy bringt de nacht troch yn in motel en komt pas de oare moarns, as de 'kust feilich' is, thús. Fan Linda, dy't no yn it hûs fan him en Nick wennet, heart er dat Nick desertearre is. As er dy deis syn maten Stanley, John en Axel moetet, heart er dat Steven ek thúskommen is, mar nimmen wit wêr't er is om't syn frou Angela dêr net oer prate wol. Michael giet dêrop nei Angela ta, dy't no de mem fan in pjut is. Hja is weisakke yn in suver katatoanyske steat, mar troch oan te hâlden as kâld wetter kriget Michael úteinlik in tillefoannûmer fan har los.
Stanley, Axel, John, Linda en al Michael syn oare freonen en kunde yn Clairton begripe neat fan 'e oarloch. As er op jacht giet, kin er op it lêste momint in grutte wapitybok net deasjitte. Letter, as er mei Stanley, Axel en John yn in blokhutte yn 'e bergen oernachtet, sjocht er hoe't Stanley, dy't altyd in revolver by him hat, it wapen foar 't ljocht hellet en Axel der by wize grap mei bedriget. Michael ferliest syn selsbehearsking hielendal, grypt it wapen, skoddet alle kûgels op ien nei út 'e silinder, set Stanley de loop tsjin 'e holle oan en traktearret him op in rûntsje Russyske rûlette, wêrby't de hammer aldergeloks op in lege keamer del komt. Linda, dy't al yn gjin jierren berjocht fan Nick krigen hat, en dy't har al foar de ôfreis fan 'e trije freonen nei Fjetnam begûn ôf te freegjen oft se soms de ferkearde keazen hie, hat ûnderwilens gefoelens foar Michael ûntwikkele. Se besiket him te ferlieden om mei har op bêd te gean, mar Michael beskôget dat as in foarm fan ferrie fan Nick en besiket de boat ôf te hâlden. Dat se no tegearre yn ien hûs wenje, helpt fansels net. Uteinlik jout er belies.
It tillefoannûmer dat Michael fan Angela krigen hat, blykt it nûmer fan in fersoargingstehûs foar oarlochsfeteranen te wêzen, dêr't Steven ferbliuwt. As Michael him dêr opsiket, sjocht er dat Steven syn beide skonken ôfset binne en dat er no yn 'e rolstoel sit. Hy lit Michael in laadfol jild sjen, dat him nei eigen sizzen eltse moanne anonym tastjoerd wurdt út Saigon. Michael liedt dêrút ôf dat Nick noch libbet en him skuldich fielt foar Steven oer. Steven sels skammet him foar syn ferwûnings en brûkt it fersoargingstehûs om him yn te ferbergjen, mar Michael twingt him om nei hûs te gean.
Michael keart werom nei Saigon om Nick te sykjen. De oarloch rint no op syn ein en de stêd ferkeart yn in steat fan gaos om't de Viet Cong en it Noardfjetnameeske Leger op it punt steane Saigon yn te nimmen. Michael spoart Grinda op en keapet dyselde om mei it jild dat Nick nei Steven stjoerd hat om him nei in goksealtsje te bringen dêr't Nick syn jild fertsjinnet mei it spyljen fan Russyske rûlette. Syn freon hat him ûntjûn ta professional yn it makabere spultsje en is boppedat ferslave rekke oan heroïne. Hy is ûnferskillich, beart dat er Michael net ken en flybket him sels yn it gesicht as er him net gewurde litte wol. Michael fielt dat er gjin oare kar hat as om it plak yn te nimmen fan Nick syn tsjinstanner. Sa sitte se op 'e nij foarinoaroer by in spultsje Russyske rûlette. Michael is earst oan bar, set de revolver tsjin syn holle oan en hellet de trekker oer op in lege keamer. Tuskentroch slagget it him einlings om ta Nick troch te kringen mei it opheljen fan oantinkens oan harren jachttripkes yn 'e bergen. Nick glimket, set de revolver tsjin syn holle oan en sjit himsels dea.
Neitiid soarget Michael derfoar dat Nick syn stoflik omskot, sa't er foar harren ôfreis nei Fjetnam al ûnthjitten hie, repatriëarre wurdt nei Clairton. Dêr bringe Michael en Nick syn oare freonen, famylje en kunde him te hôf. Nei de begraffenis geane Michael, Stanley, Axel, John, Steven, Linda en Angela nei John syn kroech om it lykmiel te brûken. Se bringe in toast út op Nick.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise Michael "Mike" Vronsky Robert De Niro Nikanor "Nick" Chevotarevich Christopher Walken Steven Pushkov John Savage Linda Meryl Streep
byrollen personaazje akteur/aktrise Stanley John Cazale John Welsh George Dzundza Peter "Axel" Axelrod Chuck Aspegren Angela Ludhjduravic Pushkov Rutanya Alda Julien Grinda Pierre Segui Steven syn mem Shirley Stoler Axel syn faam Mady Kaplan Stan syn faam Mary Ann Haenel fjirde breidsfamke Amy Wright Linda har heit Richard Kuss bandlieder Joe Grifasi man op brulloft Christopher Colombi jr. Sineeske skiedsrjochter Po Pao Pee Viet Cong-skiedsrjochter Somsak Sengvilai
Produksje en distribúsje Preproduksje