Billy the Kid (Ingelsk foar "Billy de Jonge" of "Billy it Jonkje"), berne as William Henry McCarty jr. en ek bekend as William H. Bonney, Henry McCarty en Henry Antrim (New York, 23 novimber 1859 – Fort Sumner (Nij-Meksiko), 14 july 1881), wie in njoggentjinde-iuwsk Amerikaansk bandyt fan etnysk Iersk komôf. Hy wie in cowboy en revolverman dy't him oerjoech oan moard en dieverij en dêrmei in plak yn 'e Amerikaanske folkloare ferovere as ien fan 'e grutte nammen út 'e tiid fan it Wylde Westen. Hy waard bekend troch syn dielname oan 'e Prêrjeoarloch fan Lincoln County. Neffens de leginde soe Billy the Kid 21 manlju deamakke hawwe, mar histoarisy hâlde it derop dat dat oantal flink leger lei, tusken fjouwer en njoggen. Troch syn garismatyske persoanlikheid en altyd kibich klaaide foarkommen brocht er it, nettsjinsteande syn misdieden, ta de status fan folksheld.

Libben Komôf en iere jonkheid Neffens Michael Wallis en Robert M. Utley, dat foaroansteande histoarisy binne dy't har spesjalisearre hawwe yn 'e skiednis fan it Wylde Westen, waard Billy the Kid yn 1859 berne yn in troch Ierske ymmigranten bewenne folksbuert fan Manhattan yn New York. Oare bertedata wurde ek neamd, mei as lêste earne yn 1861. It is ûndúdlik wa't syn biologyske heit wie. Patrick Henry McCarty, Michael McCarty, William McCarty en Edward McCarty binne allegear as sadanich neamd. Syn mem hiet Catherine McCarty, mar saakkundigen binne it der noch altyd net oer iens oft McCarty no har troude efternamme of har famkesnamme wie. As it har famkesnamme wie, is it mooglik dat hja troud wie mei in William Bonney, mei't Bonney de efternamme wie dy't Billy the Kid letter foar himsels oannaam. It tinken is yn elts gefal dat hja mids njoggentjinde iuw op 'e flecht foar de Ierske Jirpelhongersneed nei de Feriene Steaten emigrearre.

Billy the Kid hie in (wierskynlik jongere) broer of healbroer dy't Joseph hiet. Yn 1868 wie Catherine McCarty mei har beide jonge soannen ferfearn nei Indianapolis, dêr't se de jongere William Antrim mette, mei wa't se tolve jier skeelde. Nei't se al in hoart gearwenne hiene wylst se om it hoartsje ferhuzen, trouden McCarty en Antrim yn 1873 mei-inoar yn Santa Fe, yn it doetiidske Territoarium Nij-Meksiko. Dêrnei setten se har nei wenjen yn Silver City, dat in eintsje fierder súdlik leit. Antrim wurke as timmerman en barkeeper, mar wie ek gokker en goudsiker, en liket mar komselden thús west te hawwen. Billy the Kid brûkte de efternamme fan syn styfheit mar komselden. Catherine McCarty fertsjinne fierhinne op eigen manneboet de kost foar harsels en har soannen, troch as waskfrou en bakkerinne te wurkjen en lju yn 'e kost te nimmen. Neffens de ferhalen út dy snuorje wie se in fleurich frommes, mar se litte al oan tuberkuloaze doe't se yn Silver City te wenjen kaam. Op 16 septimber 1874 ferstoar hja oan dy sykte.

Billy the Kid wie wierskynlik fjirtjin jier (mar miskien ek noch mar tolve) doe't syn mem weirekke. As weesjonge loek er yn by buorlju dy't in hotel hiene, dêr't er wurke foar kost en ynwenning. Sawol syn wurkjouwer as syn skoalmasters beskreaune him op dy jierren letter as in tige fatsoenlike jonge, dy't sûnder kleien tapakte en nea wat stiel. It hat foar syn biografen dan ek altyd in riedsel west hoe't it net folle letter sa mei him ûntspoare koe. Guon fan harren hawwe wiisd op 'e ferdjerlike ynfloed fan 'e dime novels dy't er graach lies, wêryn't misdie romantisearre waard. Oaren miene dat er troch syn behindige lichemsbou it doelwyt fan narjen troch gruttere en sterkere leeftydsgenoaten waard oant der wat by him knapte.

Iere jierren Doe't de buorlju by wa't er ynwenne in healjier letter húslike swierrichheden krigen, moast Billy the Kid in oar hinnekommen sykje. Hy triek doe yn in pinsjon en begûn putsjes op te knappen as los arbeider. Yn april 1875 waard er foar it earst arrestearre troch sheriff Harvey Whitehill fan Grant County foar it stellen fan in tsiis. Op 24 septimber fan dat jier waard er fannijs oppakt doe't er yn it besit oantroffen waard fan guon klean en fjoerwapens dy't in oare kostgonger by in Sineeske waskerette stellen hie. Twa dagen nei't er yn 'e sel set wie, ûntsnapte Billy the Kid troch fia de skoarstien nei it dak te klimmen. Fan dy tiid ôf wied er min ofte mear oanhâldend op 'e flecht foar de lange earm der wet. Sheriff Whitehill soe letter sizze dat er de jonge wol lije mocht, en dat syn dieverij mear fuortkaam út behoeftigens as út begearte of boasaardigens.

It is net alhiel dúdlik wat Billy the Kid fuort nei syn ûntsnapping útheefde. Guon ferslaggen wolle hawwe dat er nei ferrin fan tiid wurk fûn as cowboy en/of skieppehoeder yn it súdeasten fan Arizona. Yn elts gefal sette er him yn 1876 nei wenjen yn 'e neite fan Fort Grant, in legerbasis yn Arizona, dêr't er as cowboy op ferskate ranches wurke en it dêrmei fertsjinne jild brûkte om te gokken yn inkele pleatslike kasino's. Yn dyselde snuorje kaam Billy the Kid yn 'e kunde mei John R. Mackie, in Skotske âld-soldaat yn 'e Amerikaanske Leger dy't in skiednis fan kriminaliteit hie. Neffens de ferhalen setten de beide mannen in riskant mar lukratyf hanneltsje fan hynstedieverij op. Billy the Kid rekke doe yn dy kontreien bekend ûnder de skûlnamme Kid Antrim. De bynamme "Kid", dat "jonge" of "jonkje" betsjut, ûntstie neffens syn biograaf Utley troch syn jonge leeftyd, behindige lichemsbou en burdleaze gesicht.

Earste moard en flecht Yn 1877, doe't er 17 (of mooglik 15) jier âld wie, rekke Billy the Kid yn Fort Grant behelle yn in konflikt mei in Ierske hoefsmid dy't net yn it leger tsjinne, in Frank P. Cahill, dy't "Windy" neamd waard. Cahill soe der in gewoante fan makke hawwe om Billy the Kid te narjen. Op 17 augustus foel er de jonge nei in ferbale konfrontaasje ek fysyk oan, wêrby't er Billy the Kid oer de grûn smiet. Neffens betroubere boarnen fergou dy dat troch Cahill del te sjitten. De smid kaam de deis dêrop oan syn ferwûnings te beswiken. By de lykskôging waard konkludearre dat it om in net te rjochtfeardigjen moard gie, mar guon tsjûgen fan it foarfal seine letter dat Billy the Kid út selsferdigening sketten hie.

Yn elts gefal naam Billy the Kid út eangst foar wraaknimmings troch freonen fan Cahill de wyk nei Nij-Meksiko, dêr't er him te Apache Tejo by de Jesse Evans Binde joech, in groep feedieven dy't de grutte keppels fan feemagnaat John Chisum plonderen. It wie om dy tiid hinne dat er himsels William H. Bonney begûn te neamen, mooglik om efterfolging út Arizona te mislieden. Hy waard lykwols sjoen troch immen út Silver City dy't him koe, en sa waard syn belutsenens by de binde bekend. Letter doek er op by de wente fan in Heiskell Jones, yn 'e Pecosdelling, nei't de Apachen syn hynder stellen hiene. Dêrtroch moast er fier rinne troch ûnherberchsum gebiet om 'e bewenne wrâld te berikken, en doe't er by de famylje Jones oan 'e doar kaam, wied er neffens de ferhalen de dea nei-oan. Frou Jones ferpleegde him oant er wer opbettere. Der ûntjoech him in sterke freonskipsbân tusken Billy the Kid en de Jones', sasear sels dat Heiskell Jones him in hynder joech.

Prêrjeoarloch fan Lincoln County Konflikt Yn 1877 ferfear Billy the Kid nei Lincoln County yn Nij-Meksiko, dêr't er oannommen waard foar wurk yn in tsizerij. Fia de eigners fan it bedriuw, Doc Scurlock en Charlie Bowdre, kaam er yn 'e kunde mei Frank Coe, George Coe en Ab Saunders, trije neven dy't in lytse ranch hiene. Nei't er koart op 'e ranch fan Henry Hooker wurke hie, kaam Billy the Kid as cowboy foar de neven te wurkjen. Ein 1877 waard er mei Bowdre, Scurlock, de Coes, Saunders en Richard M. Brewer, de buorman fan 'e trije neven, oannommen as bewekker fan 'e feekeppels fan John Tunstall, in Ingelske rancher, bankier en keapman, en dy syn sakepartner Alexander McSween, dy't doedestiden yn Nij-Meksiko in foaroansteand abbekaat wie.

It bewekjen fan Tunstall syn fee wie nedich wurden troch it útbrekken fan in wapene konflikt dat bekend kommen is te stean as de Prêrjeoarloch fan Lincoln County. Dat spile tusken de konkurrearjende saaklike belangen fan 'e fêstige macht, fertsjintwurdige troch Lawrence Murphy en James Dolan, en de nijynkommelingen Tunstall en McSween. Ear't dy lêste beiden har yn Lincoln County nei wenjen setten, hiene Murphy en Dolan dêre in monopoalje hân op feehannel en detailhannel. Harren wiidfiemjend konglomeraat fan bedriuwen stie bekend as "The House" ("It Hûs"), nei in grutte filla yn Lincoln (Nij-Meksiko), dêr't harren haadkertier fêstige wie. Njonken it feit dat Murphy en Dolan net bliid wiene dat Tunstall en McSween besochten harren monopoalje te trochbrekken, hie it konflikt ek in etnyske komponint: Murphy en Dolan wiene Ieren mei in sterke ôfkear fan Ingelsen lykas Tunstall.

Moard op Tunstall en reäksje fan 'e Regulators De Prêrjeoarloch fan Lincoln County rûn fan dwersbongeljen en narderijen oer en wer út op bloedferjitten doe't Tunstall op 18 febrewaris 1878 njoggen hynders nei Lincoln ta brocht en ûnderweis in posse fan The House tsjinkaam dy't útstjoerd wie om 'e besittings fan McSween skea ta te bringen. De posse bestie út William Morton, Jesse Evans, Tom Hill, Frank Baker en de korrupte sheriff William J. Brady fan Lincoln County, dy't op 'e leanlist fan Murphy en Dolan stie. De leden fan 'e posse besochten it letter foar te stellen as hie Tunstall sels in fjoergefjocht útlokke en hiene sy harren inkeld ferdigene, mar bewiismateriaal op it plak delikt suggerearre dat Tunstall krekt besocht hie in konfontaasje foar te kommen foar't er deasketten wie. Nei't se him fermoarde hiene, skeaten de leden fan 'e posse ek syn hynder dea, mei't Tunstall bekend stie om syn leafde foar hynders.

McSween, dy't in prinsipieel pasifist wie, besocht de moardners fan syn sakepartner oan te pakken fia it rjocht. Fan rjochter John B. Wilson wist er arrestaasjebefellen tsjin harren te bemachtigjen. De cowboys fan Tunstall, dy't troch syn moard ta razernij brocht waarden, foarmen ûnderwilens in eigen posse of binde (ôfhinklik fan hoe't men it besjen wol), en neamden harsels de Regulators. Brewer, Tunstall syn foarman, dy't spesjaal plysjefoech krigen hie om 'e moardners fan Tunstall op te pakken, beëdige de oaren ta syn assistinten. Koart dêrnei waarden Billy the Kid, Richard M Brewer en Fred Waite troch sheriff Brady arrestearre doe't se him in deifurding besochten te bringen. Se fertochten him nammentlik fan mandéligens oan 'e plondering fan 'e winkel fan Tunstall nei dy syn dea.

Plakferfangend U.S. marshal Robert Widenmann foel dêrop mei in detasjemint soldaten it tichthûs fan Lincoln County binnen, dêr't se Billy the Kid, Brewer en Waite frijlieten en harren sipiers, de helpsheriffs fan Brady, sels efter de traaljes setten. Nei't de mannen frijkommen wiene, setten de Regulators mei mannemacht ôf nei de krudenierswinkel fan The House. Dêr kamen se Morton en Baker oer it mad, dy't útnaaiden, mar nei in lange efterfolging op 6 maart finzen nommen waarden. Doe't se dagen letter weromkearden yn Lincoln, rapportearren de Regulators dat Morton en Baker op 9 maart yn 'e neite fan Agua Negra deasketten wiene doe't se op 'e nij besochten te ûntkommen. Neitiid hiene de Regulators ûnderweis werom nei Lincoln ien fan harren eigen mannen, in McCloskey, ombrocht, dy't se derfan fertochten in ferrieder te wêzen.