Interstellar is in Amerikaansk-Britske science fiction-film út 2014 ûnder rezjy fan Christopher Nolan, mei yn 'e haadrollen Matthew McConaughey, Anne Hathaway en Jessica Chastain. De titel betsjut "Ynterstellêr", wat ek oerset wurde kinne soe as "Tusken de Stjerren". It ferhaal is pleatst yn in dystopyske takomst, wannear't de Ierde fluch ûnbewenber rekket. In groep astronauten wurdt útstjoerd om troch in wjirmgat te reizgjen op 'e siik nei in nije planeet foar de minskheid. Interstellar krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film wûn in Oscar foar bêste special effects, en teffens in BAFTA, seis Saturn Awards, twa Empire Awards en ferskate oare prizen.
Plot Yn 'e midden fan 'e ienentweintichste iuw bedriigje stofstoarmen en plantesykten yn lânbougewaaksen it fuortbestean fan 'e minskheid op 'e Ierde. Joseph Cooper, byneamd Coop, is in widner en earder testpiloat foar de Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA, dy't no boer wurden is, in bestean dêr't er in grouwéligen hekel oan hat. Hy bebuorket op it Amerikaanske plattelân in pleats dêr't er yn 'e mande mei syn skoanheit Donald, syn soan Tom en syn dochter Murph wennet. De maatskippij dêr't se yn libje is post-wierheid, en Coop wurdt dêrom by de direkteur fan Murph har skoalle op it matsje roppen foar in beskrobbing om't er har ferteld hat dat de Apollomisjes nei de moanne echt plakfûn hawwe: de prestaasjes fan it romtefeartprogramma binne nammentlik út 'e nije Amerikaanske refizjonistyske skiednisboekjes skrast.
Coop lit him lykwols net troch oaren foarskriuwe wat er al en net dwaan mei, dat hy fiteret Murph neitiid oan om neat klakkeleas fan oaren oan te nimmen, mar ynstee har eigen waarnimmings altyd soarchfâldich fêst te lizzen en dêr konklúzjes út te lûken. Underwilens fine der by harren yn 'e hûs, spesifyk yn Murph har sliepkeamer, riedseleftige ferskynsels plak. It giet yn 't earstoan om nuvere, geometryske patroanen yn 'e binnenwaaide moude, dy't dúdlik net tafallich ûntstien wêze kinne. Murph skriuwt dy yn it begjin ta oan 'e oanwêzigens fan in spûk, mar as se letter docht wat har heit har oanret hat, ûntdekt se dat de patroanen feroarsake wurde troch minuskule fariaasjes yn 'e swiertekrêft en dat se omset wurde kinne yn geografyske koördinaten.
Tegearre mei Murph bejout Coop him nei dy koördinaten, dêr't in geheime NASA-fasiliteit blykt te wêzen dy't ûnder lieding stiet fan professor John Brand, Coop syn âlde baas. Brand leit oan Coop út dat him 48 jier lyn in wjirmgat iepene hat yn 'e neite fan Saturnus, wêrmei't in rûte nei in fier stjerrestelsel ûntstien is mei tolve potinsjeel bewenbere planeten deunby in swart gat dat Gargantua doopt is. It wjirmgat kin net op natuerlike wize ûnstien wêzen; der wurdt teorisearre dat it makke is troch in ras fan heech ûntwikkele bûtenierdske wêzens dy't de minskheid in kâns jaan wolle om te oerlibjen. Tolve astronauten dy't har foar it projekt as frijwilliger oanmeld hiene, binne jierren lyn al útstjoerd nei dy planeten, en trije fan harren, Miller, Edmunds en Mann, hawwe positive resultaten weromstjoerd.
Op basis dêrfan hat Brand twa plannen betocht om it fuortbestean fan 'e minskheid te bewissigjen, dy't beide gebrûk meitsje fan it wjirmgat en de ferhuzing fan 'e minsklike beskaving nei ien fan 'e nije planeten yn 'e neite fan Gargantua. Yn elts gefal sil it romteskip de Endurance mei in bemanning fan fjouwer astronauten troch it wjirmgat reizgje om fierdere tariedings te meitsjen. Plan A draait om 'e ûntwikkeling fan in gravitaasje-oandriuwing dy't in massale eksodus fan alle minsken fan hjir nei dêr mooglik meitsje soe. Plan B is it nije begjinnen fan 'e minsklike beskaving mei de 5.000 beferzen minsklike embryo's oan board fan 'e Endurance, wylst frijwol alle libbene minsken by de Ierde efterbliuwe om te stjerren. Professor Band rekrutearret Coop as piloat fan 'e Endurance.
As it romteskip ôfsette sil, wegeret Murph har heit út te swaaien, ek al hat er har derfan bewissige dat er mei in pear jier werom wêze sil. Dêrop lit er syn horloazje foar har efter, sadat se harren relative tiid ferlykje kinne as er werom komt. Behalven út Coop bestiet de bemanning fan 'e Endurance út 'e wittenskippers dr. Amelia Brand (de dochter fan professor Brand), dr. Romilly en dr. Doyle en teffens út twa selsbewuste robots, TARS en CASE. Wylst se troch it wjirmgat reizgje, wurdt Amelia eat foarbygeands bûten de Endurance gewaar dat se ynterpretearret as in bûtenierdsk wêzen.
Nei't it romteskip yn it fiere stjerrestelsel oankommen is, hâlde se earst ho by de wrâld fan Miller. Wylst Romilly it swarte gat Gargantua bestudearret, geane Coop, Doyle en Amelia yn ien fan 'e fjouwer lâningsfartugen omleech nei it planeetoerflak. De wrâld fan Miller blykt in oseaanplaneet te wêzen. Se lânje yn knibbelheech wetter en treffe ta harren ferheardens inkeld brokstikken oan fan it romteskip fan Miller, dat noch mar krekt op 'e planeet arrivearre liket te wêzen. In opkommend tij fan gigantyske proporsjes leit út hoe't it romteskip ferneatige is. Doyle, dy't te fier fan it lâningsfartúch ôfdwaald is, slagget it net om op 'e tiid werom te kearen. Hy wurdt fuortspield en komt om, krekt as Miller foar him. De floechweach bringt skea ta oan it lâningsfartúch, sadat reparaasjes inkele oeren yn beslach nimme. Fanwegen de neite ta it swarte gat is de tiid op 'e planeet yn hege mjitte dilatearre, wat ek de reden is dat it skip fan Miller noch mar inkele oeren earder op 'e planeet arrivearre wie doe't Coop-en-dy dêr kamen. As Coop en Amelia oeren letter (foar harren) weromkeare nei de Endurance, binne dêr foar Romilly ûnderwilens 23 jier foarbygien.
Mei't dúdlik is dat de wrâld fan Miller ûngeskikt is foar de húsfêsting fan in minsklike beskaving, is it de fraach wêr't de Endurance no hinne moat. Troch de fertraging fan 23 jier is de brânstoffoarrie nammentlik sa sterk belune dat se noch mar ien fan 'e beide oare planeten ûndersykje kinne. De wrâld fan Edmunds hat telemetry dy't justjes better is, mar oan 'e oare kant stjoert Mann noch altyd nije gegevens út, en Edmunds al jierren net mear. Der ûntstiet in konflikt oan board as Amelia nei de wrâld fan Emunds wol, wylst Coop fan miening is dat se har liede lit troch har gefoelens, mei't sy in romantyske relaasje mei Edmunds hie. Mei stipe fan Romilly beslút Coop dat se nei de wrâld fan Mann geane. Underweis dêrhinne ûntfange se berjochten fan Murph, dy't wilens in folwoeksen frou wurden is en jierrenlang as wittenskipster ûnder professor Brand wurke hat. Op syn stjerbêd hat Brand oan har opbychten dat syn plan B altyd al it iennichste reälistyske plan wie, mei't foar syn plan A ûnbesetbere gegevens nedich wiene út it swarte gat sels.
De wrâld fan Mann blykt in iisplaneet te wêzen, dêr't de bemanning fan 'e Endurance Mann sels út kryostasis wekker makket. Hy bewissiget harren derfan dat in minsklike kolonisaasje fan 'e planeet mooglik is, nettsjinsteande it fijannige klimaat. As se letter tegearre op in ekskurzje binne, besiket Mann lykwols om Coop te fermoardzjen. Wilens bychtet er op dat er fan it begjin ôf oan ferfalske gegevens útstjoerd hat yn 'e hope om rêden te wurden. Hy stelt in lâningsfartúch en pykt út nei de Endurance. Romilly komt om as er yn in falstrik rint dy't troch Mann efterlitten is. Amelia rêdt Coop mei in twadde lâningsfartúch, wêrnei't se de efterfolging ynsette op Mann. Nettsjinsteande harren warskôgings besiket dyselde syn lâningsfartúch op in ferkearde manear oan 'e Endurance te keppeljen. Dat liedt ta in ûntploffing wêrby't Mann sels dea rekket en de Endurance swiere skea oprint. Nei in ekstreem drege oankeppelingsmaneuver wit Coop oan board fan it romteskip te kommen en dat wer ûnder kontrôle te bringen.
No't de wrâld fan Mann ek ûngaadlik is foar minsklike kolonisaasje, sitte Coop en Amelia der raar foar, want se hawwe te min brânstof om 'e wrâld fan Edmunds noch te berikken. Coop betinkt in plan om 'e benedige faasje te krijen troch in slinger om Gargantua hinne te meitsjen. Dêrfoar komt de Endurance lykwols sa deunby it swarte gat, dat der troch tiiddilataasje yn in flok en in sucht nochris 51 jier foarby giet. Amelia hat der in hurde holle yn dat it slagje sil, mei't it romteskip te swier is. Wêr't se gjin rekken mei holden hie, is dat Coop en TARS it skip mei twa fan 'e lâningsfartugen ferlitte om it lichter te meitsjen en sa te bewissigjen dat Amelia en CASE de wrâld fan Emunds berikke sille.
As se troch de waarnimmingshoarizon fan Gargantua hinne geane, smite Coop en TARS harsels út harren respektivelike lâningsfartugen en ûntdekke se nei in ûnbeskate tiid dat se har befine yn in tesserakt (in fjouwerdiminsjoneel objekt), dat mooglik makke is troch heechûntwikkele minsken út 'e fiere takomst. Mei't tiid de fjirde diminsje is, wurdt Coop dwers troch de tiid hinne de boekekast yn Murph har âlde sliepkeamer op 'e Ierde gewaar, dêr't er in tige beheinde ynfloed op 'e swiertekrêft útoefenje kin. Hy beseft dat hysels Murph har 'spûk' is, en begjint de wizers fan it horloazje dat er oan har jûn hat, te manipulearjen om sa fia Morsekoade de kwantumdata dy't TARS yn it swarte gat sammele hat, troch te jaan. Nei't er dy mânske put oprêden hat, wurdt Coop, tegearre mei TARS út 'e tesserakt smiten. Hy mient dat er no stjerre sil, mar hat dêr frede mei. Hy sjocht ferskate fizioenen, wêrûnder de Endurance dy't troch it wjirmgat komt, mei himsels, Amelia, Doyle en Romilly oan board. Amelia wurdt him gewaar, en Coop beseft dat er behalven Murph har spûk en Amelia har bûtenierdsk wêzen is. Uteinlik wurdt alles swart.
As Coop wekker wurdt, befynt er him op in mânsk romtestasjon yn in baan om Saturnus. Hy blykt krekt op 'e tiid yn it Sinnestelsel weromkeard te wêzen om syn dochter Murph noch werom te sjen, no in âlde frou op hege jierren dy't op har stjerbêd leit. Mei de kwantumdata dy't er har út it swarte gat wei trochjûn hat, wie sy yn steat om 'e gravitaasje-oandriuwing te ûntwikkeljen om professor Brand syn Plan A, de evakuaasje fan 'e hiele minskheid, mooglik te meitsjen. Murph stjoert har heit fuort om't se bern, beppesizzers en oerbeppesizzers by 't folop hat om har yn har lêste oeren selskip te hâlden, en om't, sa seit se, in heit syn eigen dochter net stjerren sjen moatte soe. Se bringt him yn 't sin dat Amelia, op wa't Coop geandewei de misje fereale rekke is, har no mei inkeld CASE as selskip op 'e wrâld fan Edmunds befynt. Coop reparearret TARS en tegearre stelle se in romteskip wêrmei't se útpike troch it wjirmgat om har by Amelia te jaan.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise Joseph "Coop" Cooper Matthew McConaughey Amelia Brand Anne Hathaway Murph Cooper Jessica Chastain
byrollen personaazje akteur/aktrise Tom Cooper Casey Affleck Mann Matt Damon Donald John Lithgow professor John Brand Michael Caine de jonge Murph Mackenzie Foy de jonge Tom Timothée Chalamet de âlde Murph Ellen Burstyn Doyle Wes Bentley TARS Bill Irwin (stim) CASE Josh Stewart (stim) Getty Topher Grace Romilly David Gyasi Lois Leah Cairns skoaldirekteur David Oyelowo frou Hanley Colette Wolfe Williams William Devane bestjoerslid Elyes Gabel
Produksje en distribúsje Produksje