thumb|left|180px|Jean Alesi yn 1999 Giovanni (Jean) Alesi (Avignon , 11 juny 1964) is in earder Frânsk autokoereur. Alesi makke by de Grutte Priis fan Frankryk yn 1989 syn debút foar it team fan Tyrrell. Yn 1995 behelle Jean syn iennichste oerwinning yn de Formule 1 by de Grutte Priis fan Kanada, mar stie yn syn karriêre al 32 kear op it poadium. De Grutte Priis fan Japan yn 2001 wie de lêste Formule 1-wedstriid fan Alesi.

Nei syn Formule 1 karriêre Fan 2002 ôf hat Alesi riden yn de DTM (Dútske Toerweinen) foar it AMG-Mercedes-team. Yn de 51 wedstriden dy 't er riden hat is er 30 kear yn de punten bedarre en hat er 3 oerwinningen behelle.

Yn 2007 en 2008 hat Alesi meidien oan de Speedcar Searjes, in kompetytive Stockcar-searje dy't oer 18 races hâlden waard yn it Midden-Easten, Aazje en Amearika. Yn beide jierren wist er meardere races te winnen, mar griep mei troch (opnij) maleur hieltyd njonken de titel. De searje is yntusken alwer opheft.

Yn 2010 ried Jean Alesi mei yn de 24 oeren fan Le Mans.

Oersjoch Formule 1-karriêre 1989199019911992199319941995199619971998199920002001TotaalOantal races 8 15 16 16 16 14 17 16 17 16 16 17 17 202 (201 starts)Oantal oerwinningen 0 0 0 0 0 0 1 0 0 0 0 0 0 1Oantal pole-posysjes 0 0 0 0 0 1 0 0 1 0 0 0 0 2Oantal fluchste omgongen 0 0 1 0 0 0 1 2 0 0 0 0 0 4Oantal Poadiumplakken 0 2 3 2 1 4 5 8 5 1 0 0 0 32Oantal WK-punten 8 13 21 18 16 24 42 47 36 9 2 0 5 244Einstân WK 9 9 7 7 6 5 5 4 4 11 15 - 15

Kategory:Frânsk autokoereur Kategory:Formule 1-koereur Kategory:Oksitaansk persoan Kategory:Persoan berne yn 1964