Thierry Marc Boutsen (Brussel, 13 july 1957) is in earder Belgysk Formule 1-koereur. Boutsen makke by de Grutte Priis fan Belgje yn 1983 syn debút foar it team fan Arrows. Boutsen hat trije kear in Grutte Priis wûn en fyftjin kear op it poadium stien by in Grutte Priis. De Grutte Priis fan Belgje yn 1993 wie de lêste Formule 1-wedstriid fan Boutsen. Behalven yn de Formule 1 kaam hy ek mear as ien kear út yn úthâldingswedstriden lykas de 24 oeren fan Le Mans, ûnder oare foar Porsche en Toyota. It wie nei oanlieding fan in swier ûngelok yn dy lêste wedstriid, dat er in punt sette efter syn karriêre. Noch yn syn wedstriidjierren helle er syn fleanbrevet en kocht er in priveefleantúch. Fan dy nije passy makke er neitiid syn berop troch yn syn wenplak Monako in bedriuw yn de fleantúchferkeap te begjinnen.Boutsen aviation
Oersjoch Formule 1-karriêre 19831984198519861987198819891990199119921993Totaal Oantal races 10 16 16 16 16 16 16 16 16 16 10 164 (163 starts) Oantal oerwinningen 0 0 0 0 0 0 2 1 0 0 0 3 Oantal pole-posysjes 0 0 0 0 0 0 0 1 0 0 0 1 Oantal fluchste omgongen 0 0 0 0 0 0 0 1 0 0 0 1 Oantal Poadiumplakken 0 0 1 0 1 5 5 3 0 0 0 15 Oantal WK-punten 0 5 11 0 16 27 37 34 0 2 0 132 Einstân WK - 15 11 - 8 4 5 6 - 14 -
Kategory:Belgysk autokoereur Kategory:Belgysk ûndernimmer Kategory:Formule 1-koereur Kategory:Persoan berne yn 1957