The King's Speech is in Britsk-Amerikaanske histoaryske biografyske dramafilm út 2010 ûnder rezjy fan Tom Hooper, mei yn 'e haadrollen Colin Firth en Geoffrey Rush. It ferhaal giet oer de mei stammerjen oanhelle Britske prins en lettere kening George VI, dy't de eksintrike Australyske logopedist Lionel Logue yn 'e earm nimt om derfoar te soargjen dat er út 'e wurden komme kin as er taspraken hâlde moat. De titel is in wurdboarterij, dy't sawol "De Taspraak fan 'e Kening" as "It Spraakfermogen fan 'e Kening" betsjutte kin. De film, dy't as ûnôfhinklike film makke waard, krige poerbêste resinsjes fan 'e filmkritisy en ûntjoech him yn 'e bioskopen ek ta in trochslaand kommersjeel súkses. The King's Speech wûn fjouwer Oscars (wêrûnder de Oscar foar Bêste Film), in Golden Globe, sân BAFTA's, twa Screen Actors Guild Awards, twa Satellite Awards, in Empire Award en in grut tal oare prizen.
Plot By de seremoniële ôfsluting fan 'e Tentoanstelling fan it Britske Ryk yn it Wembleystadion yn Londen, hâldt prins Albert, hartoch fan York, de twadde soan fan kening George V fan it Feriene Keninkryk, mei muoite in taspraak foar it gearklofte publyk, dy't ûntsierd wurdt troch syn stammerjen. Syn syktocht nei genêzing fan dy oandwaning hat oant no ta om 'e nocht west, mar syn leafhawwende frou, Elizabeth Bowes-Lyon, bringt him yn kontakt mei in logopedist fan Australysk komôf oer wa't se heard hat, in Lionel Logue.
De earste moeting tusken Logue en syn nije pasjint ferrint stroef, mei't de logopedist derop stiet om Lionel neamd te wurden en de prins oansprekt as 'Bertie' (de ropnamme dy't yn famyljefermidden foar him brûkt wurdt). De prins is derfan oertsjûge dat er nea prate kinne sil sûnder te stammerjen, mar Logue set him in koptillefoan mei lûde muzyk op en lit him dan in passaazje út Hamlet fan Shakespeare foardrage. Fan it resultaat makket er in lûdsopname. Prins Albert rekket allinne mar mear frustrearre troch dat eksperimint, en rint lulk fuort, hoewol't it Logue noch wol slagget om him de lûdsopname by wize fan sûvenir mei te jaan.
Nei't kening George V yn 1934 syn krysttaspraak foar de radio fan 'e BBC holden hat, drukt er prins Albert op it hert dat dit medium yn it ferfolch in wichtich ûnderdiel útmeitsje sil fan 'e rol fan it Britske keninklik hûs. Hy fiteret syn soan oan om deselde taspraak sels te prebearjen (hoewol net op 'e radio), mar dat rint út op in mislearring as de prins troch syn stammerjen alhiel net út syn wurden komme kin. Dy jûns spilet er lykwols út in morbide sucht nei selshoffening de lûdsopname fan Logue ôf en rekket ferbjustere as bliken docht dat er de passaazje út Hamlet sûnder hapering foarlêzen hat.
Stipe troch syn frou Elizabeth keart de prins dêrop by Logue werom om tenei deistige oefenings yn sykheljen en foarlêzen te dwaan. Logue wol it ek oer de psychologyske oarsaak fan it stammerjen hawwe, mar dêr wol de prins earst neat oer loslitte. Meitiid fertelt er lykwols dat er as bern o sa troch syn bruorren narre is mei syn stammerjen, en dat syn heit wegere dêr it near op te lizzen om't er miende dat it narjen him twinge soe it stammerjen ôf te learen. Ek fertelt er oer syn mishanneling troch syn earste bernefamke.
Yn 1936 komt kening George V te ferstjerren en wurdt opfolge troch syn âldste sôan David, dy't op 'e troan komt as kening Edwert VIII fan it Feriene Keninkryk. Tsjin dy tiid is de nije kening lykwols al oan kop en earen ta behelle yn in leafdesrelaasje mei Wallis Simpson, in troude Amerikaanske frou dy't earder alris skieden is. Sy lit har ek fan har twadde man skiede, en Edwert wol dêrnei beslist mei har trouwe. Syn keninklike posysje as haad fan 'e Tsjerke fan Ingelân, dy't skiedings net erkent, makket soks lykwols ûnmooglik. Yn 'e eagen fan 'e tsjerke soe it nammentlik in gefal fan dûbele bigamy wêze, mei't Wallis har beide eardere mannen noch libje.
Prins Albert hat op in stuit skjin syn nocht fan it ûnferantwurde hâlden en dragen fan syn broer en siket Logue op foar in net yn 't foar ôfsprutsen moeting. Troch de jierren hinne is er Logue as in freon begûn te sjen, wat wat nijs foar him is, om't er troch syn isolearre maatskiplike posysje nea earder freonen hân hat. Oan Logue lit de prins syn frustraasje blike, net inkeld oer syn broer de kening, mar ek oer himsels. Syn spraakfermogen is der ûnderwilens yn 'e measte omstannichheden in stik op foarút gien, mar syn broer kin him noch sa stammerje litte dat er op 't lêst gjin wurd mear útbringe kin. Hy bringt de relaasje fan Edwert mei Wallis Simpson oan Logue út. Dy besiket him in hert ûnder de rym te stekken troch te sizzen dat Albert sels in goede kening wêze soe, mocht it slimste barre en Edwert abdisearje. De prins wol dêr lykwols neat fan witte en kiest derfoar om dat op te fetsjen as in ynflústering fan heechferrie. Neitiid kappet er alle bannen mei Logue troch.
De Abdikaasjekrisis rint der úteinlik op út dat Edwert ôfstân docht fan 'e troan, om't er bûge of barste mei Wallis Simpson trouwe wol en dat ûnmooglik is salang't er kening is. Stipe troch premier Stanley Baldwin folget prins Albert syn broer op as kening, ûnder de keningsnamme George VI. Underwilens hat Logue besocht syn ûntskuldigings oan te bieden, nei't syn frou Myrtle him dêrta oantrune doe't er har fertelde dat er rûzje krigen hie mei "in pasjint". It slagget him lykwols net om ta de prins talitten te wurden.
Prins Albert, dy't as kening oansjocht tsjin in hiele takomst fol taspraken, beseft dat er ferlet hat fan Logue syn help, en regelet in nije moeting by Logue thús. De logopedist hat soarge dat syn frou en syn beide soannen op dat stuit fuort binne. Hy en de prins prate harren skeel út en ferfetsje de oefenings, wylst prinsesse Elizabeth Bowes-Lyon yn it oangrinzgjende fertrek in kopke tee drinkt. As Myrtle Logue, dy't noch altyd neat wit fan 'e omgong dy't har man hat mei it keninklik hûs, ûnferwachts earder thúskomt, treft se de prinsesse yn har wenkeamer oan. Dat liedt ta in fermaaklik ynsidint wêrby't Logue him foar syn frou besiket te ferskûljen en troch prins Albert oanfitere wurde moat om har ûnder eagen te kommen.
As Logue en de prins de rol fan 'e prins by de kroaning oefenje wolle yn 'e Abdij fan Westminster, komme se yn botsing mei Cosmo Gordon Lang, dy't as aartsbiskop fan Canterbury it deistich bestjoer oer de Tsjerke fan Ingelân hat. Lang sjocht neat yn in sljochtwei man as Logue, dy't boppedat ek noch in Austraaljer is, en komt mei in eigen logopedist foar de prins oan. Dy jout him lykwols te ferstean dat er himsels wol rêde kin mei eigen priveelibben. Dêrop besiket de aartsbiskop Logue te ûndermynjen troch derop te wizen dat er gjin dokterstitel hat om't er nea gjin formele oplieding ta logopedist folge hat. Logue leit oan in ûntstelde prins Albert út dat der doedestiden yn Austraalje hielendal gjin formele logopedy-oplieding bestie en dat er syn fak yn 'e praktyk leard hat troch syn behanneling fan Australyske soldaten dy't út 'e Earste Wrâldoarloch weromkeard wiene mei shellshock. De prins bliuwt twifelich oer de saak, oant Logue him mei syn opsetlik ûnearbiedich hâlden en dragen foar de Stoel fan Kening Edwert en de Stien fan Scone oer ta sa'n razernij bringt dat er syn stammerjen alhiel kwytrekket.
Nei de rippetysje mei Logue giet de kroaningsplechtichheid, wêrby't de prins inkeld fjouwer koarte antwurden hoecht te jaan, dat it slydjaget. As nijbakken kening binne foar Albert lykwols de rapen gear as er yn septimber 1939, nei de oarlochsferklearring fan it Feriene Keninkryk oan nazy-Dútslân, mei frijwol gjin tiid foar tarieding in taspraak fan fjouwer kantsjes foar de radio jaan moat. Logue wurdt ûntbean op Buckingham Palace en nimt de taspraak fjirtich minuten lang mei de kening troch. As it heve moat mei de taspraak binne Elizabeth Bowes-Lyon, de beide jonge dochters fan 'e kening, aartsbiskop Lang, Winston Churchill en premier Neville Chamberlain oanwêzich om morele stipe te bieden. De kening en Logue sûnderje harren ôf yn 'e útstjoerkeamer, dêr't Logue as dirigint it sprekken fan 'e kening beävensearret. It begjin is dreech, mar it giet almar better en tsjin 'e ein praat er suver foar it faderlân wei.
Wylst kening George en syn gesin nei de radiotaspraak fan it balkon fan it paleis ôf de gearklofte mannichte folk tawiuwe, komt in tekst yn byld dy't fertelt dat Logue de hiele Twadde Wrâldoarloch troch altyd oanwêzich wie as de kening in taspraak jaan moast. Hy waard dêrfoar ûnderskaat mei de Keninklike Fiktoaria Oarder foar persoanlike tsjinsten oan 'e Kroan, en teffens waard er yn 'e adelstân ferheft. Hy en de kening bleaune befreone oant it ûntidich ferstjerren fan George oan longkanker yn 1952.
Rolferdieling haadrollen personaazje akteur/aktrise kening George VI fan it Feriene Keninkryk Colin Firth Lionel Logue Geoffrey Rush
byrollen personaazje akteur/aktrise keninginne Elizabeth Bowes-Lyon Helena Bonham Carter kening Edwert VIII fan it Feriene Keninkryk Guy Pearce Winston Churchill Timothy Spall aartsbiskop fan Canterbury Cosmo Gordon Lang Derek Jacobi kening George V fan it Feriene Keninkryk Michael Gambon Myrtle Logue Jennifer Ehle Wallis Simpson Eve Best Stanley Baldwin Anthony Andrews prinsesse Elizabeth II fan it Feriene Keninkryk Freya Wilson prinsesse Margaret fan it Feriene Keninkryk Ramona Marquez Clive Wigram, 1e baron Wigram Patrick Ryecart Bertrand Dawson, 1e boarchgreve Dawson fan Penn Simon Chandler keninginne Marije fan Teck Claire Bloom prins George, hartoch fan Kent Orlando Wells
Produksje en distribúsje Produksje It senario foar The King's Speech waard skreaun troch David Seidler. Dyselde stammere sels as bern ek en waard ta it oerwinnen dêrfan ynspirearre troch it súkses op dat mêd fan George VI. Hy woe dêrom in skript oer de kening skriuwe en die dêrta oan 'e ein fan 'e 1970-er en yn 'e 1980-er jierren in protte ûndersyk. Hy kaam in protte oan 'e weet oer de kening, mar frijwol neat oer Lionel Logue. Uteinlik naam er kontakt op mei Valentine Logue, in soan fan 'e logopedist, dy't dermei ynstimde om 'e notysjeboeken fan syn heit beskikber te stellen as keninginne-mem Elizabeth Bowes-Lyon dêrmei ynstimde. Dy frege him lykwols dat net te dwaan salang't sy noch libbe, wêrnei't Seidler syn wurk foarearst rêste liet.
Nei it ferstjerren fan 'e keninginne-mem yn 2002 pakte Seidler it projekt yn 2005 wer op. Op oanrieden fan oaren makke er der earst in toanielstik fan, dat er letter omwurke ta in filmsenario. By in lêzing fan it toanielstik troch in groep Austraaljers om utens wie de mem fan regisseur Tom Hooper belutsen, dy't neitiid har soan opskille om him te fertellen dat se syn folgjende film ûntdutsen hie. As produsinten wiene Iain Canning, Emile Sherman en Gareth Unwin by it projekt belutsen foar de filmstudio's Momentum Pictures, See-Saw Films, Bedlam Productions, FilmNation Entertainment en de Amerikaanske Weinstein Company, wat fan 'e film in Britsk-Amerikaanske ko-produksje makke. Bykommende finansiering waard feilichsteld fia de UK Film Council, Aegis Film Fund en Molinare, London. Foar de film wie in budget beskikber fan $15 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Danny Cohen, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Alexandre Desplat.
Opnamen De opnamen foar The King's Speech fûnen fan novimber 2009 oant jannewaris 2010 plak op lokaasje yn Londen en op oare plakken yn Ingelân en Skotlân. Om it stammerjen fan George VI sa reälistysk mooglik foar te stellen, wurke haadrolspiler Colin Firth gear mei twa stimcoaches: Neil Swain en syn eigen suster Kate Firth. Nei ôfrin fan 'e opnamen hie Colin Firth muoite om wer fan it stammerjen ôf te kommen. Yn in fraachpetear neamde er it "út en troch harstikkene besmetlik". Ek seid er dêroer: "Wat mear ik deroan tink, wat slimmer it wurdt. Yn elts gefal jout my dat in ynkykje yn hoe't it wêze moat [foar in echte stammerder]."
Distribúsje