Deepwater Horizon is in Amerikaanske rampefilm út 2016 ûnder rezjy fan Peter Berg, mei yn 'e haadrollen Mark Wahlberg, Kurt Russell en Gina Rodriguez. De titel ferwiist nei de Deepwater Horizon, in boareilân yn 'e Golf fan Meksiko, foar de kust fan 'e Amerikaanske steat Louisiana. De film is basearre op 'e wier barde ûntploffing fan 'e Deepwater Horizon op 20 april 2010, wêrby't alve minsken omkamen en dy't late ta de grutste oaljeramp yn 'e Amerikaanske skiednis. It ferhaal folget de ferrjochtings op dy needlottige dei fan trije wurknimmers op it boarplatfoarm: haadelektrisiên Mike Williams, offshore ynstallaasjemanager Jimmy Harrell en dynamic positioning operator Andrea Fleytas. De film waard foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto. Deepwater Horizon krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en waard nominearre foar twa Oscars en in BAFTA, mar flopte yn 'e bioskopen.

Plot Op 20 april 2010 begjint foar Mike Williams, Andrea Fleytas en Jimmy Harrell, nei't se trije wiken frij hân hawwe, in nije wurkrotaasje fan trije wiken oan board fan it boareilân de Deepwater Horizon. Dat befynt him yn it noardlike part fan 'e Golf fan Meksiko, 64 km út 'e kust fan 'e Amerikaanske steat Louisiana. Williams is as haadelektrisiên ferantwurdlik foar de elektrisiteitsfoarsjenning en it ûnderhâld fan alle elektroanika oan board. Andrea wurket yn 'e hoedanichheid fan dynamic positioning operator op 'e brêge ûnder kaptein Curt Kuchta en moat der yn haadsaak foar soargje dat de Deepwater Horizon, dat gjin fêst boareilân is dat op pylders stiet, mar feitliks in healôfsinkber skip is, sekuer de juste posysje boppe de oaljeboarne behâldt. Jimmy Harrell, mank syn bemanning bekend as "Mr. Jimmy", hat as offshore ynstallaasjemanager de einferantwurdlikheid oer it hiele fartúch.

Hja bejouwe harren nei in helikopterfleanfjild deunby see; dêrwei wurde se mei in groep oare wurknimmers nei it platfoarm ta flein. De Deepwater Horizon is in boarplatfoarm, wat sizze wol dat it brûkt wurdt om nei ierdoalje te boarjen, mar net om in oaljeboarne te eksploitearjen; dat moat neitiid dien wurde troch in produksjeplatfoarm. It boareilân is eigendom fan Transocean; dat bedriuw leaset it, bemanning ynbegrepen, oan 'e Britsk-Amerikaanske oaljemaatskippij BP.

As de helikopter syn passazjiers op it boareilân ôfset, treffe se dêr de saken net oan sa't se dy ferwachte hiene. De frachtboat de Damon Bankston leit om ûndúdlike reden by it boareilân. Op it helikopterplatfoarm komme se wurknimmers fan it bedriuw Schlumberger tsjin, dy't de helikopter werom nei it fêstelân nimme. Schlumberger wie ynhierd om te kontrolearjen oft de semintene "koark" wol doocht dy't oer de oaljeboarne hinne pleatst is yn ôfwachting fan 'e ôfreis fan 'e Deepwater Horizon en de oankomst fan in produksjeplatfoarm. It is lykwols dúdlik dat se dat ûndersyk yn 'e koarte tiid dy't se oan board west hawwe, nea útfiere kinnen hawwe. Sadree't se oan board binne, lit Harrell Andrea neifraach oer de Damon Bankston dwaan. It docht bliken dat de boat opdracht krigen hat om hjir te wachtsjen om't men tinkt hjoed noch boarslib ôffiere te moatten. Williams wurdt nei Jason Anderson ta stjoerd om neifraach te dwaan oer it ûndersyk nei it semint. Hy kriget ta beskie dat dat ûndersyk net útfierd is.

Harrell is dêr min oer te sprekken. Hy set nei Don Vidrine en Robert Kaluza ta, de managers fan BP op it boarplatfoarm, dy't ferantwurdlik binne foar it ôfsizzen fan it semintûndersyk (yn it jargon fan 'e oaljeyndustry it cement bond log, CBL). Hja wize derop dat de Deepwater Horizon mei it ôfhanneljen fan dizze oaljeboarne al 43 dagen efter op skema leit, en dat se it har gewoan net oan tiid dogge om sa'n tiidrôvjend ûndersyk út te fieren. Boppedat, der is gjin inkele reden om oan 'e kwaliteit fan it semint te twifeljen. Underwilens ferskine der op in djipte fan mear as 5 km ûnder de Deepwater Horizon skuorren yn 'e semintlaach om 'e oaljeboarne hinne, dy't almar fierder útrinne en dêr't bûlen troch nei bûten komme en begjinne op te stiigjen.

De spanning tusken Vidrine en Kaluza, dy't foar BP fral de hân op 'e knip hâlde en tiid útsparje moatte, en Harrell, dy't behalven om it wurk ek om syn bemanning tinke moat, boazet stadichwei fierder oan. No't in CBL net mear dien wurde kin, beslút Harrell om in negative-druktest op 'e boarlieding út te fieren. Dat is dúdlik net syn earste kar, mar it is alles dat er no noch dwaan kin om 'e strukturele yntegriteit fan it semint nei te gean. De test lit sjen dat der in gefaarlike druk op 'e lieding stiet, mar Vidrine beweart dat it in foutive útslach wêze moat, om't der oars boarslib omheech kommen wêze soe, en dat is net bard. (Eins blokkearje brokstikken fan it semint de lieding, wat it boarslib tsjinkeart.) Harrell hat gjin antwurd op dat argumint. Op inisjatyf fan Vidrine wurdt in twadde negative-druktest útifierd, diskear op in oar part fan 'e lieding (boppe de blokkade, mei as gefolch dat op dat plak gjin druk stiet). As de druk dêr nihyl blykt te wêzen, beskôget Vidrine dat as it bewiis fan syn gelyk. Jason Anderson wiist derop dat de druk op beide plakken itselde wêze moatte soe, in warskôging dy't Vidrine yn 'e wyn slacht.

Vidrine en Kaluza wolle no sa gau mooglik begjinne mei it oppompen fan boarslib, mar hoewol't er troch Vidrine ûnder druk set wurdt, wegeret Anderson dat te dwaan sûnder ynstimming fan 'e ûnderwilens fuortroppen Harrell. Dyselde kin de ferskillende testútslaggen ek net útlizze, en om't er gjin rjochtfeardiging betinke kin en hâldt it wurk noch langer op, jout er Anderson tastimming om útein te setten. Dêrnei giet er nei syn eigen hut ta om in dûs te nimmen yn tarieding op in lange nacht fan wurkjen. Underwilens hawwe de beide druktesten de tastân fan it semint noch fierder ferswakke, en as Anderson de jûns om 21.56 oere mei it pompen begjint, brekt de hiele semintlaach fuort. Dêrtroch ûntstiet der in ûnbidige blow-out (wêrby't oalje út in oaljeboarne, dêrta oanset troch de reuseftige druk dy't derop útoefene wurdt, op ûnbehearskbere wize út 'e grûn spuitet). De oalje folget de piiplieding nei de Deepwater Horizon, en de druk dy't derop stiet is sa grut dat alle needôfslutings oan gruzeleminten blaasd wurde.

Yn 'e boarhut wurdt de blow-out it boarteam al rillegau oermânsk, en as der brokstikken fan it semint mei omheech komme, feroarje dy troch de druk fan 'e oalje yn libbensgefaarlike projektilen, dy't mei hege faasje alle kanten út fleane. De mannen op it slibferwurkingsdek (Keith Manuel, Shane Roshto, Roy Kemp, Karl Kleppinger jr., Adam Weise en Gordon Jones) komme om ear't de rest fan it boareilân sels mar yn 'e rekken hat dat der in ramp plakfynt. Fuortby de Deepwater Horizon merkt de bemanning fan 'e Damon Bankston foar it earst dat der wat mis is as der in mei oalje besmodzge pilekaan de brêge binnen fljocht en dêr in ravaazje oanrjochtet ear't er it bestjert. Op 'e brêge fan it boareilân sels ferkeart men op dat stuit lykwols noch yn loksillige ûnwittendheid.

De skea dy't de ynoarme druk fan 'e spuitsjende oalje en de fleanende projektilen oanrjochtsje op it dochs al troch efterstallich ûnderhâld pleage boareilân, liedt ta in keatling fan technyske defekten. As it ierdgas, dat mei de oalje omheech komt, de luchtroasters fan 'e diselgenerators ynsûgd wurdt, komt it earne yn it binnenste fan 'e masines in fonkje tsjin, dat de hiele boel mei in reuseftige ûntploffing yn ljochte lôge set. De eksploazje deadet alle mannen yn 'e boarhut (Dewey Revette, Stephen Curtis, Jason Anderson en Donald Clark).

Williams befynt him op it stuit fan 'e ûntploffing yn syn wurkplak, dêr't er fia byldbeljen op syn kompjûter in petear fiert mei syn frou Felicia. As op it boareilân as gefolch fan 'e ûntploffing de elektrisiteit útfalt en it byld ynienen op swart giet, bliuwt Felicia yn fertwifeling oer it lot fan har man efter. De doar fan it wurkplak wurdt troch de skokweach fan 'e eksploazje fan 'e hingen en nei binnen ta blaasd, boppe-op Williams, dy't op dat stuit krekt nei de gong rint om te sjen wat der oan 'e hân is. Hy rekket in skoftke út 'e tiid. Harrell is minder gelokkich. Hy stiet noch ûnder de dûs as de ûntploffing syn hut fierhinne ferwoastget, en kriget skerven fan 'e spegel yn û.m. syn eagen en fuotsoallen, sadat er amper noch rinne of sjen kin.

Troch de ûntploffing is de besetting fan 'e brêge fan 'e Deepwater Horizon him einlings ek bewust wurden fan 'e ramp dy't plakfynt. Andrea wol de Amerikaanske Kustwacht alarmearje, mar kaptein Kuchta beskrobbet har dêrfoar en pakt har de portofoan ôf. Hja hjit him om ris nei bûten te gean en te sjen wat der eins op it boareilân geande is. As er dat docht, besaut er him deroer. Efter him pakt Andrea de portofoan wer op om har alarmearring te ferfetsjen. Ek de bemanning fan 'e Damon Bankston stjoert in needoprop út, krekt as in grut tal skippen dy't yn 'e neite fan 'e Deepwater Horizon passearje en oare boareilannen dy't sicht op 'e Deepwater Horizon hawwe. De needsintrale fan 'e Kustwacht yn Louisiana wurdt ynienen oerspield troch berjochten dat der in boarplatfoarm yn 'e brân stiet. Fuortendaliks wurde patrûljeboaten en helikopters útstjoerd, mar dy binne likernôch 35 minuten nedich om 'e lokaasje fan 'e Deepwater Horizon te berikken.

De bemanning fan it boareilân set ûnderwilens útein mei in evakuaasje, wylst de Damon Bankston in motorsloep yn see lit om in rêdingsaksje te begjinnen. As Williams wer by besleur komt en beseft dat er sjen moat dat er oan dek komt, rêdt er ûnderweis in ferwûne kollega mei holleletsel dy't alhiel fan 'e wrâld is en dwilet oer net ta de saak dwaande dingen. Nei't er de man by de oare boareilânwurkers brocht hat dy't wachtsje oant in rêdingssloep yn see takele wurdt, giet Williams it baarnende boareilân wer yn om Harrell te sykjen, dy't noch fermist wurdt. Wannear't er de man fynt, hat dy ûnderwilens fierhinne op 'e taast de spegelskerven út syn foet lutsen en him oanklaaid. Williams bringt him nei it dek ta en tegearre helpe se Caleb Holloway en ferskate oare oaljewurkers om in oare kollega te befrijen dy't mei de skonk klem sit tusken twa stielen balken.

Oan dek nimt Harrell, hoewol't er sels ferwûne is en amper noch wat sjocht, de lieding oer de sitewaasje. Hy lit him troch Williams nei de brêge bringe, dêr't er, mei help fan Andrea, besiket de oaljetafier ôf te knipen. Mar trochdat de elektrisiteit útfallen is, docht ek it dynamic positioningsysteem it net mear, mei as gefolch dat de Deepwater Horizon ôfdreaun is fan syn korrekte posysje. De ôfslúting wurket sadwaande net om't de oaljepiiplieding der no skean yn hinget. By de rêdingssloep driget in skansearre boom fan ien fan 'e kranen los te kommen en de sloep te ferpletterjen. Kraanmasinist Dale Burkeen klimt nei de kraan ta om 'e boom fansiden te draaien, by de sloep wei. Ear't er wer omleech klatterje kin, wurdt de kraankabine troffen troch in grut projektyl. Dat smyt him dwers troch it rút, dat er te pletter falt.

Op 'e brêge docht Harrell noch ien lêste wraam om te besykjen de sitewaasje master te wurden. Hy stjoert Williams nei de reserve-elektrisiteitsgenerator, oan 'e oare kant fan it boareilân. Beselskippe fan Holloway weaget Williams syn libben om dêr te kommen. Se krije de generator oan 'e praat, mar der blykt al tefolle skea oanrjochte te wêzen om 'e Deepwater Horizon noch te rêden. Harrell jout befel oan alle bemanningsleden om it boareilân te ferlitten. Mei Kuchta en Andrea bejout hy him nei de rêdingssloep, wylst Williams en Holloway jitris har libben yn 'e skealjes stelle moatte om werom te kommen fan 'e oare kant fan it boareilân. As de beide groepkes by de rêdingssloep arrivearje, docht lykwols bliken dat de sloep op oanstean fan Vidrine en Kaluza al ôfset is, mei't dyselden gjin oare oerlibbenen mear ferwachten.