Jacob (Joop) Admiraal (Ophemert, Gelderlân, 26 septimber 1937 – Amsterdam, 25 maart 2006) wie in Nederlânske akteur, dy 't benammen bekend waard troch syn rollen by Het Werkteater en Toneelgroep Amsterdam.

Karriêre Debút Admiraal debutearre yn 1959 by de Nederlandse Comedie, mar hy bruts earst troch fan 1971 ôf by Het Werkteater, wêrmei't er op lokaasje eksperimintearre mei stikken dy't maatskiplik ta de saak dogge. Foar it solotonielstik U bent mijn moeder út 1981, dêr 't er sawol de soan (himsels) as syn tachtichjierrige demintearjende mem yn spile, krige er in Louis d'Or. It stik waard ek ferfilme, lykas Hersenschimmen (1988), wer oer demintens. Tonielgroep Amsterdam Yn 1987 foege er him by de nij oprjochte Toneelgroep Amsterdam. Yn dy hoedanichheid die er mei oan gâns teäterfoarstellingen yn klassike en moderne rollen. Spesjaal foar him en syn kollega Kitty Courbois skreau de Amerikaanske skriuwer Richard Maxwell it toanielstik Mercy Samaritans, dat yn 2002/03 yn premjêre gie. Admiraal spile oant syn pensjoen yn 1999 by Toneelgroep Amsterdam. Ek nei syn pensjoenearring bleau er spyljen. Hy seach der faak tige brekber út, mar koe nettsjinsteande dat ek tige krêftich spylje. Behalven yn de films U bent mijn moeder en Hersenschimmen spile Admiraal ek yn films as "Max Havelaar" (1976 ), "Twee vrouwen" (film) en Kort Amerikaans (1979).

Priveelibben Admiraal hat relaasjes hân mei sjonger en akteur Ramses Shaffy, mei wa't er ier jierren sechstich nei Rome reizge op syk nei nijsgjirrich filmwurk (de brieven dy't se skreaune oan harren mienskiplike freondinne Shireen Strooker waarden yn 2004 bondele) en mei akteur Gerard Thoolen. Twaentweintich jier lang wie er de libbenspartner fan Jaap Jansen, âld-útjouwer/kompanjon by Van Gennep.

Hy ferstoar ynienen yn'e âldens fan 68 jier oan in hertoanfal. Op de dei fan syn ferstjerren hie er jûns optrede moatten yn it toanielstik Uit Liefde, dêr't er de jûns dêrfoar ek noch yn stie.

Filmografy Big City Blues (1962) – rol ûnbekend Spinoza (telefyzjefilm, 1965) – rol ûnbekend Jongens, jongens, wat een meid (1965) Het museum (telefyzjefilm, 1966) – rol ûnbekend Het gangstermeisje (1966) – Wessel Franken (stim, net op de ôftiteling) Colombe (telefyzjefilm, 1967) – rol net bekend To Grab the Ring (1968) – rol onbekend Lucelle (tf-film, 1968) – Ascagnes Toestanden (1976) – rol net bekend Avondrood (1976) – Van Beusekom Max Havelaar of de koffieveilingen der Nederlandsche handelsmaatschappij (1976) – Slotering Prettig weekend, meneer Meijer (tf-film, 1978) – rol onbekend Camping (film) (1978) – Henk Opname (1979) – De Bruin Kort Amerikaans (1979) – De Spin De verwording van Herman Dürer (1979) – reklassearingsamtener Twee Vrouwen (1979) – learaar The Lucky Star (1980) – Thomas Het teken van het beest (1980) – dûmny Achter glas (1981) – rol ûnbekend Een zwoele zomeravond (1982) – Patrick/Cor van Kalkhoven De smaak van water (1982) – Schram U bent mijn moeder (1984) – alle rollen Hersenschimmen (1988) – Maarten Klein Eline Vere (1991) – de hear Hovel Rooksporen (1992) – rol ûnbekend Wie aus weiter Ferne (tf-film, 1994) – rol ûnbekend Oude tongen (1994) – boargemaster Joop Sake Oog in oog (tf-rige) – âld man (1994) Duinzicht boven (1999) – rol ônbekend Ober (film) (2006) – meagere man Olivier etc. (2006) – rol ûnbekend

Literatuer Ramses Shaffy en Joop Admiraal: Brieven uit Rome aan Shireen Strooker. Nijgh & Van Ditmar, Amsterdam 2004. ()

Keppelingen om utens Toanielgroep Amsterdam Koarte biografy op werkteater.nl

Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Nederlânsk toanielakteur Kategory:Súdgeldersk persoan Kategory:Persoan berne yn 1937 Kategory:Persoan stoarn yn 2006