Pelé bynamme fan Edson Arantes do Nascimento (Três Corações, 23 oktober 1938 – São Paulo, 29 desimber 2022) wie in Brazyljaansk fuotballer dy't as oanfaller spile. Yn 1956 makke hy syn debút foar it alvetal fan Santos. Yn syn karriêre wûn Pelé in soad grutte prizen, wêrûnder trije kear de Wrâldtitel mei it Braziljaansk alvetal. Mei tanksij dizze trije wrâldtitels, syn enoarme talint, behearsking fan alle ûnderdielen fan it spul en mentaliteit wurdt Pelé troch in soad minsken as ien fan de bêste fuotballers fan alle tiden sjoen. Pelé makke yn syn hiele karriêre 1301 doelpunten, en hie dêr 1390 wedstriden foar nedich. Nei syn karriêre sette er him yn foar goede doelen en waard er in wichtich persoan by de FIFA.

Kategory:Brazyljaansk fuotballer Kategory:Brazyljaansk persoan fan Afro-Brazyljaansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1940 Kategory:Persoan stoarn yn 2022