Nicolaas Hessel (Nico) Rienks (Tiel, 1 febrewaris 1962) is in earder Nederlânsk roeier.
Karriêre Rienks die fiif kear mei oan de Olympyske Spullen. Hy wûn twa kear olympysk goud yn Seoel 1988 yn de dûbbeldtwa, en yn Atlanta 1996 yn de manlju's acht, by de Olympyske Spullen fan 1992 yn Barcelona wûn er in brûns yn de dûbbeldtwa.
Nico Rienks waard yn 1991 yn Wenen wrâldkampioen yn de dûbbeldtwa, en wûn trije kear sulver yn 1989 yn de dûbbeldtwa en yn 1994 en 1995 mei de manlju's acht.
Yn 2005 wie Rienks ien fan de fiif earste sporters dy't eare waarden mei de Fanny-Blankers-Koen-Troffee, in oeuvrepriis bedoeld foar sporters mei bûtengewoane fertsjinsten foar de Nederlânske sport.
Priveelibben Rienks is fysiolooch en hat in eigen bedriuw. Rienks is boaske mei roeister Harriet van Ettekoven. It pear hat twa soannen, Rik Rienks en Ralf Rienks dy't ek aktyf yn it roeien binne, en krekt as harren heit en mem de Olympyske Spullen wisten te beheljen. NOS, 26-7-2024, Roeikampioenen zien nageslacht naar Spelen gaan: 'Probeer niet te belerend te zijn' Riedplachte op 26-7-2024
Kategory:Persoan berne yn 1962 Kategory:Nederlânsk roeier Kategory:Nederlânsk Olympysk kampioen Kategory:Súdgeldersk persoan