Adrianus (Ard) Schenk (Anna Paulowna, 16 septimber 1944) is in earder Nederlânsk reedrider. Schenk wûn tusken 1963 en 1974 meardere gouden medaljes by de Olympyske Winterspullen, Wrâldkampioenskippen en Europeeske kampioenskippen. De jierren dat Schenk syn reedrydsuksessen fierde, geane troch foar it tiidrek fan "Ard en Keessie". Mei Keessie wurdt Kees Verkerk bedoeld, syn wichtichste Nederlânske rivaal op it iis.

Oan de ein fan it seizoen 1972 stapte Schenk, tegearre mei in tal oare reedriders, oer nei it nij opstarte profsirkwy fan de International Speed Skating League en waard dêr ien kear wrâldkampioen. Oant 1976 stie Schenk boppe-oan de wrâldranglist fan alle tiden, de saneamde Adelskalinder.

Yn 2005 wie Schenk ien fan de fiif earste sporters dy't eare waarden mei de Fanny-Blankers-Koen-Troffee, in oeuvrepriis bedoeld foar sporters mei bûtengewoane fertsjinsten foar de Nederlânske sport.

Persoanlike rekords Ofstân Tiid Datum Baan 500 meter38,915 jannewaris 1975 Eisstadion Davos, Davos1000 meter1.18,820 jannewaris 1971 Ludwig Schwabl Stadion, Inzell1500 meter1.58,716 jannewaris 1971 Eisstadion Davos, Davos3 km4.08,32 maart 1972 Ludwig Schwabl Stadion, Inzell5 km7.09,84 maart 1972 Ludwig Schwabl Stadion, Inzell10 km14.55,914 maart 1971 Ludwig Schwabl Stadion, Inzell

Resultaten jier NKAllround EKAllround WKAllround WKSprint OlympyskeSpullen 1964 1500 m, 13e 1965 5e 1966 196715e 19686e 500 m, 13e1500 m, 19694e13e 19706e 19711972 500 m, 34e,1500 m, ,5 km, 10 km,

Kategory:Nederlânsk reedrider Kategory:Nederlânsk Olympysk kampioen Kategory:Westfrysk persoan Kategory:Persoan berne yn 1944