Antonius Bernardus Matthijs (Ton) Frinking (Grins, 1 febrewaris 1931 - Delft, 3 augustus 2022) wie in Nederlânsk politikus fan de KVP en letter it CDA.

De yn Grins berne Frinking wie in katolike lânmachtoffisier dy't yn de perioade 1970-1993 definsjespesjalist wie yn de Twadde-Keamerfraksje fan de KVP, dy't yn 1980 opgien is yn it CDA. Hy spile nei oanlieding fan it NAVO-dûbeldbeslút fan 1979 in wichtige rol yn de debatten oer it al of net pleatsen fan krúsraketten. Hy ferdigene de CDA-line fan "ja, mits" (foar pleatsing, mar ûnder betingsten).

Ton Frinking ferstoar op 3 augustus 2022, yn 'e aldens fan 91 jier.

Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Nederlânsk steatssekretaris Kategory:CDA-politikus Kategory:KVP-politikus Kategory:Nederlânsk konservatyf Kategory:Grinslânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1931 Kategory:Persoan stoarn yn 2022