It gruttestêdebelied (GSB) waard yn 1994 troch de Nederlânske ryksoerheid opset as spearpunt fan it kabinet-Kok I. Hy waard opset ûnder lieding fan steatssekretaris Jacob Kohnstamm (D66), en ûnder it kabinet-Kok II fuortset troch minister Roger van Boxtel (D66). Under de kabinetten-Balkenende ferdwûn it nei de eftergrûn. De minister foar it grutte-stêdebelied en yntegraasje waard ferfongen troch in minister foar Ymmigraasje, Yntegraasje en Asyl.
Fan G4 nei G44 Under it kabinet-Kok I rjochte it belied him op de fjouwer grutte stêden, De Haach, Utert, Rotterdam en Amsterdam (de G4). Letter waard er útwreide mei 27 grutte en middelgrutte gemeenten (de G27). Op 28 april 2009 kamen dêr de gemeenten Almeare, Apeldoarn, Ede, Haarlimmermar en Zoetermeer (de saneamde Ortega-gemeenten) bij. Mei yngong fan 1 maart 2011 Delft en Gouda, mei yngong fan 1 maaie 2014 Oss,G32 verwelkomt gemeente Oss als 35ste lid (argivearre) mei yngong fan 25 septimber 2014 Roosendaal,G32 verwelkomt 36e lid: gemeente Roosendaal (argivearre) mei yngong fan 20 novimber 2014 Alfen oan de RynG32 verwelkomt 37e lid: gemeente Alphen aan den Rijn (argivearre) mei yngong fan 2 desimber 2016 Hoarn, en mei yngong fan 1 jannewaris 2018 Assen en Hilfertsom, dêr't it totaal G32-gemeenten op 40 troch kaam. Nei oanlieding dêrfan besleat it Stêdenetwurk G32 him mei yngong fan 2018 Stêdenetwurk G40 te neamen.Stedennetwerk G32 gaat door als G40, Stêdenetwurk G40, 15 febrewaris 2018 Op 1 july 2022 kaam Amstelfean bij it stêdenetwurk G40,Amstelveen is nieuw lid geworden www.g40stednnetwerk.nl Oproppen 20 novimber 2022 dêr't it totaal G40-gemeenten op 41 troch kaam. Dêrmei komt dus it totale tal (middel)grutte stêden op 45. Dat binne de G4 en de G40 (of G27 of G32, nei eardere tallen). Hja wurde byinoar wol de G31-gemeenten neamd, nei it oarspronklike tal.De terminology is dus in bytsje betiisd; sjoch ûnder "Keppelings om utens" foar it aktuele brûken fan de term G32, sjoch bygelyks foar it brûken yn 2013 fan de termen G27 en G31. De termen G32 en G31 wurde almeast net beide yn deselde tekst brûkt.
Boargemaster fan Breda, Paul Depla, is sûnt 15 maart 2019 foarsitter fan it G40-netwurk, dy't er doe oernaam fan syn foargonger, de boargemaster fan Ljouwert Ferd Crone, dy't fan 25 septimber 2014 oant 15 maart 2019 foarsitter wie.
G4 De G4 bestiet út: border|20px Amsterdam border|20px De Haach border|20px Rotterdam border|20px Utert
G40 De G40-gemeenten binne41 stêden www.g40stedennetwerk.nl Oproppen op 20 novimber 2022 : border|20px Alkmar border|20px Almelo border|20px Almeare border|20px Alfen oan de Ryn border|20px Amersfoart border|20px Amstelfean border|20px Apeldoarn border|20px Arnhim border|20px Assen border|20px De Bosk border|20px Breda border|20px Delft border|20px Dimter border|20px Doardtborder|20px Ede border|20px Eindhoven border|20px Emmen border|20px Fenlo border|20px Gouda border|20px Grins border|20px Haarlim border|20px Haarlimmermar border|20px Hearlen border|20px Helmond border|20px Hengelo border|20px Hilfertsom border|20px Hoarn border|20px Ynskedeeborder|20px Leien border|20px Lelystêd border|20px Ljouwert border|20px Maastricht border|20px Nimwegen border|20px Oss border|20px Roosendaal border|20px Saanstêd border|20px Sittard-Geleen border|20px Skiedam border|20px Swol border|20px Tilburch border|20px Zoetermeer
Doel It gruttestêdebelied hat as doel it wenjen, wurkjen en libben yn de 45 grutte stêden te ferbetterjen. Yn it gruttestêdebelied wurdt foar in tiirek fan 5 jier ôfsprutsen hokker resultaten op ferskate mêden helle wurde moatte. Yn it belied wurdt oan de stêden oerlitten hoe't dy resultaten helle wurde sillen.
Sjoch ek List fan grutste gemeenten yn Nederlân
Keppelings om utens De Krachtige stad. Offisjele webside fan it Gruttestêdebelied argivearre yn it Internet Archive op 26 desimber 2016. Stêdenetwurk G40
Kategory:Romtlike oardering yn Nederlân Kategory:Yntroduksje út 1994