Trollfest is in Noarske Folkmetalband oprjochte yn 2003 yn Oslo. De band brocht yn 2005 syn debútalbum Willkommen Folk tell Drekka Fest! út. Yn de earste jierren spile Trollfest nea live, it earste live-optreden wie yn 2007. Yn 2022 die Trollfest mei oan de Noarske foarronde foar it Eurofyzje Sjongfestival mei it nûmer Dance like a Pink Flamingo; de band kaam ta de heale finale. De teksten fan de band gean benammen oer trollen en drinken. Se neame de taal dêr’t se yn sjonge "Trollspråk" ("trolletaal" yn it Noarsk), in mjuks fan ferskillende talen (meast Noarsk en Dútsk). Trollfest hat njoggen studio-albums en ien live-album útbrocht.
Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label SinglesWillkommen Folk tell Drekka Fest!15 maart 2005 SolistitiumBrakebein24 maaie 2006OmvinaVillanden9 jannewaris 2009TwilightEn Kvest for den Hellige Gral29 april 2011NoiseArtBrumlebassen24 augustus 2012Kaptein Kaos28 maart 2014Ave MariaHelluva24 febrewaris 2017Steel Sarah,Fräulein HelluvaNorwegian Fairytales18 jannewaris 2019Flamingo Overlord27 maaie 2022Napalm RecordsDance like a Pink Flamingo
Live-albums Album Utbrocht op Label Live at Alrosa Villa4 maaie 2015útbrocht yn eigen behear
Kompilaasje-albums Album Utbrocht ynA Decade of Drekkadencemaart 2013
Kategory:Noarske metalband Kategory:Band oprjochte yn 2003