Anna Gimbrère (Utert, 6 jannewaris 1986) is in Nederlânsk wittenskipssjoernalist en presintatrise.
Biografy Gimbrère is fan Frânsk komôf en stammet út in geslacht fan paraplumakkers., Mediatalent Anna Gimbrère (32): ‘Ik analyseer alles kapot, ook emoties’, yn: Trouw, 22 april 2019. Se trochrûn de middelbere skoalle yn Swol en studearre teoretyske natuerkunde oan de Universiteit fan Amsterdam. Hja wurke ek as model. ANNA GIMBRERE, het-agentschap.nl (yn't argyf) Nei har stúdzje waard se wittenskipssjoernalist en fungearre as redakteur of saakkundige by telefyzjeprogramma's lykas de Nationale Wetenschapsquiz (2015), Galileo (2016), Tijd voor MAX (2017) en Experimensen (2019). Yn 2018 wie se kandidaat yn De Slimste Mens.
Se presintearre yn 2017 Oranje boven, Down Under en yn 2019 De wilde ruimte. Anna's avontuur, VPRO, 6 maart 2019. Argyf op 27 oktober 2020. Troch de Volkskrant waard se útroppen ta mediatalint fan 2019. Hét mediatalent van 2019, Anna Gimbrère: 'Wetenschap is schoonheid', de Volkskrant, 27 desimber 2018. Argyf op 5 april 2019. Yn 2020 begûn se foar KRO-NCRV mei de presintaasje fan it sjoernalistike programma De Monitor dat yn jannewaris 2021 gearfoege waard mei Pointer.
Hja hat in relaasje mei sjoernalist en presintator Herman van der Zandt.
Telefyzje Nationale Wetenschapsquiz (2015) Galileo (RTL 5) (2016) Oranje boven, Down Under (2017) - duopresintaasje mei Herman van der Zandt Tijd voor MAX (2017) - saakkundige What's the Right Thing to Do? (dokumintêrerige) (2017) De Slimste Mens (2018) - kandidaat Bright (2019-no) - presintaasje mei ferskate oare prisintators Experimensen (2019-2020) - saakkundige The Future Is Bright (2019-no) - duopresintaasje mei Eric Bouwman De Wereld Draait Door (2019) - tafeldame De wilde ruimte (2019) - presintaasje Bodem in zicht (2020) - duopresintaasje mei Eva Cleven De Monitor (2020) - duopresintaasje mei Teun van de Keuken Pointer (2021-no) - duopresintaasje mei Teun van de Keuken Tik ‘m aan (2021) - sjuerylid Anna's brains (2021) - presintaasje De Grote Klimaatkwis (2021) - saakkundige Wie is de Mol? (2024) - meidogger (De Mol) Beat the Champions (2024) - Champions
Filmografy Hartenstrijd (2016) - Dame yn park
Kategory:Nederlânsk wittenskipssjoernalist Kategory:Nederlânsk telefyzjepresintator Kategory:Nederlânsk natuerkundige Kategory:Nederlânsk persoan fan Frânsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1986