thumb|right|200px|Steaftsjerke fan Borgund In steaftsjerke (Noarsk: stavkirke) is in gehiel út hout oplutsen tsjerkegebou, mei in typyske boustyl dy't benammen yn Skandinaavje oantroffen wurdt. Steaftsjerken binne ûntstien yn de perioade dat it kristendom yn Skandinaavje ferspraat waard.

Konstruksje In steaftsjerke waard boud op in stiennen fundearring dêr't in frame of geramte fan houten balken op set waard. Op dit fûnemint rêsten de peallen. By de alderearste steaftsjerken waarden de staven of peallen yn in gat yn de grûn pleatst. Hoewol't dat foar genôch stabiliteit soarge, holden dizze bouwurken net lang stân trochdat de peallen troch ferrotting oantaast waarden. Dy peallen waarden oan de boppekant oaninoar fêstmakke mei in nij geramte fan horizontale balken. Dizze balken droegen de konstruksje foar it dak. Om dizze konstruksje genôch stevigens te jaan waarden trije metoaden tapast: earst waarden der tusken alle staven in pear krúslings pleatste staven setten, twad waarden der houten bôgen tusken de peallen pleatst en as lêste waard der in lege rûngong om de tsjerke makke dy't wichtich is foar de konstruksje. As ferbiningsmetoaden waarden brûkt: swellesturtferbining, houten pinnen en klam ferbiningen. In staaftsjerke waard nea mei spikers, neils of lym boud sadat de konstruksje fleksibel bleau en it hout wurkje koe (útsette en krimpe).

Foarmen De ienfâldichste steaftsjerken binne lytse, rjochthoekige gebouwen en besteane út in skip en in lyts koar. It dak rêst op de muorren.

Gruttere steaftsjerken kinne in lange mêst yn 'e midden hawwe, dy't de toerspits draacht en dy't de muorren foar in part ûntlêst.

De meast komplekse steaftsjerken hawwe in hege romte yn 'e midden, dy 't droegen wurdt troch frijsteande mêsten; dy sintrale romte is omjûn troch legere sydboeken dy 't de konstruksje ferstevigje.

Noch oanwêzige steaftsjerken

Inlandet Tsjerke BoujierOpm.Steaftsjerke fan Garmo100pxOm en de by 1200Steaftsjerke fan Hedalen100px1327Steaftsjerke fan Hegge100px13e iuwSteaftsjerke fan Høre100px1327 Steaftsjerke fan Lom100px1160Steaftsjerke fan Lomen100px1179 Steaftsjerke fan Øye100px1358 meardere kearen werboudSteaftsjerke fan Reinli100px1237 1x werboudSteaftsjerke fan Ringebu100px1220

Møre og Romsdal Tsjerke BoujierOpm.Steaftsjerke fan Grip100px1450Steaftsjerke fan Kvernes100px1432 Steaftsjerke fan Rødven100px1200

Trøndelag Tsjerke BoujierOpm.Steaftsjerke fan Holtålen100px1200Ferhúze nei in iepenloftmuseum

Vestfold og Telemark Tsjerke BoujierOpm.Steaftsjerke fan Eidsborg100pxom en de by 1250Steaftsjerke fan Heddal100px13e iuw Grutste Steaftsjerke fan NoarwegenSteaftsjerke fan Høyjord100px1100

Vestland Tsjerke BoujierOpm.Steaftsjerke fan Borgund100px1182Steaftsjerke fan Fantoft100px1150 2x werboudSteaftsjerke fan Hopperstad100px1140Steaftsjerke fan Kaupanger100px11831x werboudSteaftsjerke fan Røldal100px1250Steaftsjerke fan Undredal100px1147 Tsjerke is wyt ferveSteaftsjerke fan Urnes100px 1130 De âldste steaftsjerke fan Noarwegen

Viken Tsjerke BoujierOpm.Steaftsjerke fan Flesberg100px1735Steaftsjerke fan Gol100px1157Ferhúze nei in iepenloftmuseumSteaftsjerke fan Nore100px1167 Steaftsjerke fan Rollag100px1425 Steaftsjerke fan Torpo100px1200 Steaftsjerke fan Uvdal100px1200

Bûten Noarwegen Tsjerke Lân BoujierOpm. Steaftsjerke fan Hedared 100px Sweden 1500Steaftsjerke fan Ruhnu 100px Estlân 1644 Steaftsjerke fan Vang 100px Poalen 1200 Oarspronklik boud yn Vang, mar yn 1842 ferhúze nei Karpacz Poalen.

Kategory:Tsjerkegebou Kategory:Tsjerkegebou yn Noarwegen‎