Aaron Charles Carter (Tampa, 7 desimber 1987 - Lancaster, 5 novimber 2022) wie in Amerikaansk sjonger. Aaron wie it jongste bruorke fan sjonger Nick Carter. Yn 1997, doe't er tsien jier âld wie, stie Aaron foar it earst allinnich as sjonger op it poadium, yn it foarprogramma by in optreden van de Backstreet Boys de popgroep fan syn broer. Hjirnei tekene er in platekontrakt en waard der in earste single útbrocht yn de hjerst fan 1997, "Crush on You". Op 1 desimber fan datselde jier folge it debútalbum "Aaron Carter". Ein jierren 90 begjin 2000 song er in tal soundtracks yn foar de films Pokémon de film: Mewtwo tsjin Mew, Rugrats in Paris: The Movie, Jimmy Neutron: Boy Genius en The Princess Diaries. Letter gie Carter oer fan sjongen op rappen, en hie er inkele roltsjes yn films en musicals.

Op 5 novimber 2022, yn 'e aldens fan 34 jier, ferstoar Aaron Carter nei in jierrenlange drug- en alkoholferslaving en psychyske problemen.

Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label SinglesAaron Carter1 desimber 1997EdelCrush on You,Crazy Little Party Girl,I'm Gonna Miss You Forever,Surfin' USA (The Beach Boys cover)Aaron's Party (Come Get It)26 septimber 2000JiveAaron's Party (Come Get It),I Want Candy,That's How I Beat Shaq,BounceOh Aaron7 augustus 2001Oh Aaron,Not Too Young, Not Too Old,I'm All About You,Leave It Up to MeAnother Earthquake!3 septimber 2002Another Earthquake!,Summertime,To All the Girls,Do You RememberLove16 febrewaris 2018 Z Music EntertainmentDon't Say Goodbye

Kompilaasje-albums Album Utbrocht opMost Requested Hits4 novimber 2003Come Get It: The Very Best of Aaron Carter17 jannewaris 20062 Good 2 B True28 febrewaris 2006

Kategory:Amerikaansk sjonger Kategory:Amerikaansk rapper Kategory:Amerikaansk popartyst Kategory:Amerikaansk hiphopartyst Kategory:Persoan berne yn 1987 Kategory:Persoan stoarn yn 2022