De stêd New York, of New York City (offisjeel City of New York), en byneamd The Big Apple, is de grutste stêd fan de Feriene Steaten fan Amearika. De stêd leit yn de steat New York, oan de mûning fan de rivier de Hudson oan de Atlantyske Oseaan. De stêd is in sintrum fan ynternasjonale hannel, polityk, kommunikaasje, muzyk, moade en kultuer. Mei in grut tal musea, galeryen, poadia, media, ynternasjonale koöperaasjes en gruthannels is New York ornaris ta ien fan de fjouwer wichtichste stêden op 'e wrâld.

De stêd bestiet út fiif boroughs: Manhattan, Brooklyn, Queens, The Bronx en Staten Island. Benammen Manhattan stiet bekend om syn wolkekliuwers, lykas it Empire State Building en One World Trade Center, en om ferneamde plakken as Times Square, Central Park en Wall Street. Ek it haadkertier fan de Feriene Naasjes is yn New York fêstige.

New York waard yn 1624 troch de Nederlanners stifte as Nij Amsterdam. Nei de Ingelske oermastering yn 1664 krige de stêd de namme New York. Troch de ieuwen hinne groeide de stêd út ta ien fan de wichtichste ekonomyske en kulturele sintra fan de wrâld en ta in symboal fan ymmigraasje, ûnder mear troch de ûntfangst fan miljoenen nijynkommelingen fia Ellis Island.

Skiednis De regio hat bewenne west fan de Lenape-Yndianen doe't it yn 1524 ûntdutsen waard troch Giovanni da Verrazzano, in Italjaansk ûntdekkingsreizger yn tsjinst by de Frânske kening, dy't it "Nouvelle-Angoulême" (Nij-Angoulême). It echte kolonisearjen begûn mei de Nederlânske koloanje op itselde plak, dat letter de namme "Nij-Amsterdam" krige, op it súdlike punt fan Manhattan yn 1614. Nederlânsk koloniaal direkteur-generaal Peter Minuit kocht it eilân Manhattan fan de Lenape Indianen yn 1626. Yn 1664 feroveren de Britten de stêd en it krige de nije namme "New York", nei de Ingelske greve fan York en Albany. Oan 'e ein fan de Ingelsk-Nederlânske kriich krigen de Nederlanners Run (in eilân, dat gâns mear opsmyt as New York), en de Ingelsen Nij Amsterdam (New York). Under Britsk bewâld groeide de hannelstêd. Kening George II stifte yn 1754 de Universiteit fan Colombia yn Lower Manhattan.

Op 9 july 1776 lies de adjudant fan George Washington de Unôfhinklikheidsferklearring fan de Feriene Steaten foar oan syn troepen en de boargers fan New York; dy lêsten bestoarmen dêrnei Bowling Green — dêr't in stânbyld fan kening George III stie —, bûnen touwen om it byld, lutsen it fan syn sokkel en ferfierden de resten nei Litchfield, Konnektikut, dêr't it grutste part fan it lead fan it byld omsmolten waard ta 42.000 musketkûgels foar it Kontinintale Leger. Under dit proses waarden de dekorative eleminten boppe-op it stek — dat om de râne fan Bowling Green hinne set wie om it stânbyld te beskermjen — derôf seage. It stek stiet der hjoed-de-dei noch altyd, en de ûnregelmjittige seagspoaren op it plak dêr't de sierlikee eleminten eartiids sieten, binne noch hieltyd sichtber. Dizze foarfallen kamen bekend te stean as de New York-kampanje. Nei de Slach by Fort Washington yn Upper Manhattan yn 1776 tsjinne de stêd oant de ein fan de oarloch yn 1783 as in Britske militêre en politike basis. Yn 'e Amerikaanske ûnôfhinklikenskriich waard der ek fochten yn 'e stêd, de Amearikanen moasten har lykwols weromlûke, meidat de Britten sterker wienen. It kontinintale kongres kaam yn 'e stêd gear, en George Washington waard yn 1789 keazen as earste presidint fan de Feriene Steaten fan Amearika. New York bleau de haadsted oant 1790.

thumb|left|200px|Fort Amsterdam op Manhattan Lilkens om 'e militêre tsjinstplicht wilens de Amerikaanske Boargerkriich (1861-1865) liede ta opskuor yn 1863, ien fan 'e slimste foarfallen boargerûnresten yn 'e Amerikaanske skiednis. Yn 1868 krige de City of New York stal mei it konsolidearjen fan Brooklyn (foarhinne in selsstannige stêd), Manhattan en lytsere gemeenten. Mei de komst fan de metro yn 1904 wie de stêd ferbûn. Yn 'e earste helte fan de 20e iuw waard de stêd wrâldferneamd om har yndustry, kommersy, en kommunikaasje.

Nei de Twadde Wrâldkriich waard New York de wichtichste stêd op 'e wrâld, mei Wall Street as symboal foar de Amerikaanske ekonomyske macht. Yn 1952 waard it haadkertier fan 'e Feriene Naasjes boud yn New York, hjirtroch waard de stêd in ynternasjonaal polityk sintrum fan belang. Troch it grutter wurden fan it Abstrakt ekspresjonisme yn New York, ferlear Parys de titel 'keunstsintrum fan 'e wrâld'.

Op 11 septimber 2001 waard de stêd troffen troch terroristyske oanslaggen, wêrby't sa'n 3,000 minsken stoaren en it World Trade Center ferneatige waard. De Freedom Tower komt op it plak fan it World Trade Center, en sil yn 2010 klear wêze.

Demografy Neffens in skatting fan it Amerikaanske Folkstellingsburo hie New York op 1 july 2025 8.584.629 ynwenners. Dêrmei is New York de grutste stêd fan de Feriene Steaten en ien fan de grutste stêden fan 'e wrâld. De stêd hat in lângebiet fan likernôch 783 km², wat in befolkingstichtens jout fan sa'n 10.963 ynwenners de km².

New York is it sintrum fan 'e New York metropolitan area, in stêdekloft dy't him útstrekt oer dielen fan 'e steaten New York, New Jersey en Connecticut. Yn it hiele metropoalgebiet wenje hast 20 miljoen minsken. It gebiet om New York hinne heart ta de grutste konsintraasjes fan befolking, ekonomy en kultuer yn 'e wrâld.

Befolkinggroei De befolking fan New York is sûnt de njoggentjinde iuw sterk groeid troch yndustrialisaasje en grutte ymmigraasjewellen. Yn 1900 wennen der sa'n 3,4 miljoen minsken yn 'e stêd. Nei de gearfoeging fan 'e fiif boroughs yn 1898 groeide New York út ta in wrâldstêd. Yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw berikte de befolking in hichtepunt fan mear as 7 miljoen minsken.

Nei in perioade fan befolkingsôfname yn 'e jierren 1970 is de stêd sûnt de jierren 1990 wer groeid. De groei waard benammen feroarsake troch nije ymmigraasje, ekonomyske groei en de weromkear fan minsken nei sintrale stedsgebieten.

Befolking nei borough New York is bestjoerlik ferdield yn fiif boroughs, dy't tagelyk de fiif county's fan 'e stêd foarmje:

Borough Ynwennertal (skatting 2025) County Brooklyn 2.617.631 Kings County Queens 2.316.841 Queens County Manhattan 1.660.664 New York County The Bronx 1.384.724 Bronx County Staten Island 498.212 Richmond County

Brooklyn en Queens binne de grutste boroughs. Manhattan hat minder ynwenners as Brooklyn en Queens, mar is troch de hege bebouwing en it grutte tal deistige pendelders it tichtst befolke en ekonomysk wichtichste diel fan 'e stêd.

Etnyske en kulturele gearstalling New York is ien fan 'e meast kultureel ferskaatste stêden fan 'e wrâld. Mear as in tredde fan 'e ynwenners is bûten de Feriene Steaten berne. Yn 'e stêd wenje minsken mei woartels yn hast alle lannen fan 'e wrâld.

Neffens folkstellingsgegevens bestiet de befolking út in grutte ferskaat oan groepen. Grutte groepen binne ûnder oaren minsken mei Latynsk-Amerikaanske eftergrûn, Afro-Amerikanen, blanke Amerikanen fan Jeropeeske komôf en Aziatyske Amerikanen. De grutste Aziatyske mienskippen yn 'e Feriene Steaten binne te finen yn New York, benammen yn Queens en Brooklyn.

Wichtige ymmigrantegroepen komme ûnder oare út: de Dominikaanske Republyk, Sina, Jamaika en oare Karibyske lannen, Guyana, Meksiko, Yndia, Ekwador, Bangladesj, Haïty en Trinidad en Tobago.

De stêd hat ek histoaryske mienskippen fan Ierske Amerikanen, Italjaanske Amerikanen, Joadske Amerikanen, Poalske Amerikanen en in grut tal oare Europeeske en Midden-Easterske groepen.

Talen Ingelsk is de meast sprutsen taal yn New York, mar de stêd hat ien fan 'e grutste talige ferskaatsten yn 'e wrâld. Yn in grut part fan 'e húshâldings wurdt thús in oare taal as Ingelsk sprutsen.

Njonken Ingelsk binne Spaansk, Sineesk (benammen Mandarynsk en Kantoneesk), Russysk, Bengali, Haïtiaansk-Kreoalsk, Arabysk, Frânsk, Koreaansk en Portegeesk wichtige talen yn 'e stêd.

Yn totaal wurde yn New York mear as 200 talen sprutsen. Dat ferskaat is sichtber yn 'e buertkultueren, media, skoallen en religieuze ynstellingen.

Leeftyd en húshâldings De befolking fan New York is relatyf jong yn ferliking mei in soad oare grutte Amerikaanske stêden. In grut part fan 'e ynwenners is tusken de 20 en 40 jier âld, wat gearhinget mei de rol fan 'e stêd as sintrum foar ûnderwiis, wurkgelegenheid en kultuer.

Troch de hege wenkosten en it grutte tal allinnichsteande stedslju hat New York in heech persintaazje ienpersoanshúshâldings. Tagelyk wenje der miljoenen gesinnen mei bern, benammen yn Brooklyn, Queens, The Bronx en Staten Island.

Ynkommen en earmoede New York hat grutte ekonomyske ferskillen. De stêd is it finansjele sintrum fan 'e Feriene Steaten mei tige hege ynkommens yn sektoaren lykas finansjeel, technology en media, mar hat ek grutte gebieten mei earmoede.

In part fan 'e befolking libbet ûnder de federale earmoedegrins. De heechste earmoedesifers komme foar yn dielen fan The Bronx, Brooklyn en Queens. De gemeente hat dêrom programma's foar betelbere húsfesting, sosjale stipe en tagong ta sûnenssoarch.

Religy Troch de grutte kulturele ferskaat is New York thús foar in grut tal religieuze mienskippen. Der binne grutte groepen roomske katoliken, protestanten, joaden, moslims, hindoes en boeddhisten. De stêd hat ien fan 'e grutste joadske mienskippen bûten Israel en wichtige mienskippen fan moslims en hindoes.

Berne en stoarn yn New York List fan minsken dy't berne en/of stoarn binne yn New York (stêd)

Geografy New York leit oan de eastkust fan de F.S. yn 'e Baai fan New York, dêr't de rivieren de Hudson rivier en de East Rivers yn 'e Atlantyske Oseaan streamt. Trochsneed hichte fan it lân is 6 meter boppe seenivo. It sintrum fan 'e stêd leit op Manhattan, dat tusken de Hudson en East Rivers leit. Om de rivieren hinne lizze de oare stêdsdielen. De stêd hat in oerflak fan 785.6 km².

Yndieling New York hat fiif stêdsdistrikten The Bronx, Queens, Brooklyn (Kings County), Manhattan (New York County) en Staten Island. It eilân Manhattan is it sintrum fan de wrâldstêd wurden. Om Manhattan hinne lizze trije rivieren: de Hudson yn 't westen, de East River yn 't easten, en de Harlem River yn 't noarden. Manhattan is troch brêgen ferbûn mei Brooklyn, Queens, en de Bronx, en ek mei de steat New Jersey oan de oarekant fan de Hudson.

250px|thumb|De fiif boroughs: 1: Manhattan, 2: Brooklyn, 3: Queens, 4: The Bronx, 5: Staten Island The Bronx (ynw. 1.384.724) is New York City's meast noardlike stêdsdistrikt. It Yankee Stadium, dêr't de New York Yankees spylje, en it plak fan de grutste huzenkloft yn de Feriene Steaten dy't koöperatyf eigendom is, Co-op City. Utsein in stikje Manhattan dat bekend is as Marble Hill, is de Bronx it ienichste stikje fêstelân fan de stêd dat in diel is fan de Feriene Steaten. Yn 'e Bronx is rap en de hiphop kultuer ûntstien.

Brooklyn (ynw. 2.617.631) is it stêdsdiel dêr't de minsken it tichtst op inoar wenje, en wie oant 1898 ta in selsstannige stêd. Brooklyn is bekend om syn kultureel, sosjaal en etnysk ferskaat, in eigen keunst krite, aparte buorskippen en in unike arsjitektuer. De borough hat in wiid strân en Coney Island, dat yn 1870 stifte is wie it earste ferdivedaasje plak fan it lân.

Manhattan (ynw. 1.660.664) hat in soad wolkekliuwers, dêrom is it tal ynwenners de km² ôfgryslike heech. Yn dit borough leit it saken- en finansjele sintrum fan de stêd, en in protte kulturele ynstellings, lykas museums, it Broadway theatre distrikt en Madison Square Garden. Manhattan is parte yn Downtown, Midtown, en de Uptown. Uptown Manhattan is partsjen yn 't Central Park tusken de Upper East Side en Upper West Side, boppe it park leit Harlem.