It Gryksk is an Yndo-Jeropeeske taal. It is de offisjele taal fan Grikelân en Syprus. De taal waard eartiids sprutsen yn Grikelân, by de kust fan Lyts-Aazje lâns en yn it súdlike part fan Itaalje. De Griken neame harren taal Ελληνικά (Helleniká).
It Gryksk hat in skiednis fan mear as 3,500 jier. It is âlder as de measte Jeropeeske talen. Hjoed de dei prate sa'n 15 miljoen minsken Gryksk. Dy sprekkers libje foar it meastepart yn Grikelân en op Syprus.
De Griken hawwe harren eigen alfabet. It Latynske alfabet (dat wy brûke foar it Frysk en in protte oare talen) komme fan it Grykske alfabet. It Grykske alfabet wie ek de grûnslach foar oare alfabetten, lykas it Sirrilyske alfabet. De Griken hawwe it alfabet net útfûn, dat kaam fan de Foenysjers.
Kategory:Helleenske talen Kategory:Griken Kategory:Taal yn Grikelân Kategory:Taal yn Abgaazje Kategory:Taal yn Albaanje Kategory:Taal yn Armeenje Kategory:Taal yn Bulgarije Kategory:Taal yn Egypte Kategory:Taal yn Frankryk Kategory:Taal yn Georgje Kategory:Taal yn Itaalje Kategory:Taal yn Kazachstan Kategory:Taal yn Noard-Masedoanje Kategory:Taal yn de Oekraïne Kategory:Taal yn Oezbekistan Kategory:Taal yn Roemeenje Kategory:Taal yn Ruslân Kategory:Taal yn Súd-Afrika Kategory:Taal yn Syprus Kategory:Taal yn Turkije