De Friesland is in fearboat fan rederij Doeksen dy't fan 1956 oant 1988 in regelmjittige feartsjinst tusken Harns en Skylge ûnderhâldt. Sûnt 1989 hat de nije Friesland de tsjinstregeling oernaam. De Friesland waard yn 1988 ferkocht nei Zwijndrecht dêr't it skip de namme Carolina krige; yn 1992 krige it skip syn âlde namme wer werom. Yn 1996 kaam it skip wer yn 'e ferkeap en gie it nei Sieriksee dêr't it brûkt waard as rûnfeartskip op de Easterskelde. Sûnt 2002 leit it skip yn Inkhuzen en fart it as farrend monumint op de rûte Inkhuzen-Medemblik yn oanslúting op de Museumsteamtram Hoarn-Medemblik. As gefolch fan de koroana pandemy waard it skip yn de simmer fan 2020 wer efkes hierd troch Rederij Doeksen om tegearre mei de Holland reizigers nei Skylge te bringenLjouwerter Krante, 30-5-2020, De Koningin van het Wad vaart weer uit. Ek yn de simmer fan 2021 waard de Friesland troch Doeksen ynset no om't de Koegelwieck problemen mei de motoren hie en dêrtroch net ynset wurde koe.Ljouwerter Krante, 4-5-2021, Rederij Doeksen haalt Ms Friesland opnieuw ‘van stal’
Kategory:Nederlânske fearboat Kategory:Skip út 1956 Kategory:Rederij Doeksen