De Texelstroom is in fearboat fan de TESO dy't in regelmjittige feartsjinst tusken De Helder en Teksel. ûnderhâld. It is it twadde skip fan TESO dat fart ûnder dizze namme.
De kyl fan de fearboat waard lein op de werf fan La Naval yn Sestao yn Spanje. Yn april 2016 rûn it dêr as kasko fan de helling en waard oerfearn nei in drûchdok fan de Damen Shipyards Group, yn Amsterdam. Dêr waard it skip ôfboud. Nei meardere proeffearten waard de Texelstroom ynset ta ferfanging fan de Schulpengat, dy 't út tsjinst gie. De Dokter Wagemaker naam hjirby de funksje fan reserveboat oer fan de Schulpengat, wylst de Texelstroom haadtsjinstregeling fersoarget. It skip kin maksimaal 380 persoane-auto's en 1750 passazjiers ferfiere.
Op 18 febrewaris 2022 rekke it skip troch stoarm Eunice skansearre by it oanlizzen yn de fearhaven yn 't Horntje. De skea oan ien fan de ballasttanks waard lykwols pas trije dagen letter ûntdutsen. It skip wie sa'n tsien dagen út de feart.Texelse Courant, 23-2-2022 Schade aan Texelstroom door stormTexelse Courant, 28-2-2022, Texelstroom weer in de vaart Yn de hjerst fan 2022 wie de Texelstroom troch in technysk mankemint wer in moanne út de feart.Texelse Courant, 13-10-2022 Texelstroom komt weer in de vaart
Kategory:Nederlânske fearboat Kategory:Skip út 2015 Kategory:TESO