Ivanhoe is in Amerikaansk-Britske histoaryske aventoere- en ridderfilm út 1952 yn Technicolor. De film stie ûnder rezjy fan Richard Thorpe, en hie Robert Taylor en Elizabeth Taylor (gjin famylje) yn 'e haadrollen. De titel ferwiist nei de namme fan 'e haadpersoan, de Ingelske ridder Wilfred fan Ivanhoe. De film is basearre op 'e ferneamde histoaryske roman mei deselde namme fan sir Walter Scott út 1820. It ferhaal folget Ivanhoe by syn krewearjen om kening Richard Liuwehert frij te krijen, dy't op 'e weromreis fan 'e Trêde Krústocht yn it Hartochdom Eastenryk finzen nommen is en fêstholden wurdt oant in hege lospriis betelle is. Syn ferriedlike broer Jan sûnder Lân, dy't yn ôfwêzigens fan Richard as regint oer it Keninkryk Ingelân regearret, is lykwols fan doel om Richard sitte te litten, sadat er sels kening wurde kin. Ivanhoe krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. Plot Op 'e weromreis fan 'e Trêde Krústocht fan it Hillige Lân nei it Keninkryk Ingelân ferdwynt de Ingelske kening Richard Liuwehert spoarleas. Ien fan syn trouste ridders, de Sakser Wilfred fan Ivanhoe, giet op in kweeste om syn lienhear te finen en treft him lang om let oan yn in kastiel yn it Hartochdom Eastenryk, dêr't er finzen hold wurdt troch hartoch Leopold fan Eastenryk. Dyselde easket de ûnbidich hege lospriis fan 150.000 sulvermarken foar syn frijlitting. Richard syn ferriedlike jongere broer Jan sûnder Lân, dy't yn ôfwêzigens fan 'e kening as regint oer Ingelân hearsket, wit fan finzenskip en lospriis wol ôf, mar is net fan doel te beteljen, mei't er by de weromkear fan syn broer al syn macht wer ôfstean moatte soe. Ivanhoe swart dat er de lospriis op eigen manneboet gearskraabje sil, sadat de kening frijkocht wurde kin.
De kening fertelt Ivanhoe dat behalven prins Jan ek guon foaroansteande eallju diel útmeitsje fan 'e gearspanning tsjin him, eallju dy't ta de Normandyske boppelaach fan 'e Ingelske befolking hearre. Werom yn Ingelân docht Ivanhoe him foar as in omdoarmjend minstreel en wachtet it reisselskip op fan twa fan dy eallju, Brian de Bois-Guilbert en Hugh de Bracy. Dyselden binne ûnderweis nei in stekspul te Ashby-de-la-Zouch en sykje in ûnderkommen om 'e nacht troch te bringen. Ivanhoe jout him as gids by harren gefolch en liedt harren nei Rotherwood, de boarch fan syn fan him ferfrjemde heit Cedric. Hoewol't Cedric in grutske Sakser is dy't neat mei Normanjers op hat, hâldt er him oan syn plichten as gasthear en nûget de mannen deryn. As letter in oare reizger, in Isaac fan York, te Rotherwood om ûnderdak foar de nacht freget, lit Cedric ek dy deryn, ek al is it in Joad. Cedric nimt de gelegenheid te baat om Bois-Guilbert en Bracy fyntsjes yn te wriuwen dat er gjin ûnderskie makket tusken Normanjers en Joaden.
Underwilens glûpt Ivanhoe nei de keamer fan frouwe Rowena, in jonkfrou dy't ûnder syn heite fâdij stiet. Mei har wikselet er in hertstochtlike tút út, mei't se harren oaninoar fersein hawwe. Rowena freget letter dy jûns Cedric om by har te kommen, wêrnei't yn har keamer in konfrontaasje tusken Ivanhoe en syn heit folget. De âldman is noch altyd poer oer it beslút fan syn soan om op krústocht te gean, wylst der yn Ingelân genôch te fjochtsjen falt om 'e Saksyske befolking te beskermjen tsjin útrûpeling troch de Normandyske adel. Ivanhoe freget him ynmoedich om help by it ynsammeljen fan 'e lospriis foar de kening, mar Cedric seit dat de kening ek in Normanjer is, en dat it him ientûtmem is hokker Normanjer op 'e troan sit. Boppedat hat er gjin soan, sa hâldt er fol, mei't in soan fan him nea op krústocht gien wêze soe.
Ivanhoe beslút sa gau mooglik ôf te setten. Wamba, de nar fan Cedric, freget oft er meigean mei, wêrnei't Ivanhoe him beneamt ta syn skyldfeint. As de beide mannen hynders helje yn 'e stâl, binne se der tsjûge fan hoe't Isaac fan York, dy't yn 'e stâl leit te sliepen, troch twa Normandyske kriichslju út it gefolch fan Bois-Guilbert en Bracy berôve wurdt. Ivanhoe grypt yn en hy en Wamba wurde de kriichslju oermânsk en bine harren fêst. Isaac, dy't botte kjel wurden is fan it foarfal, beslút daliks fierder te reizgjen nei syn hûs yn Sheffield. Ivanhoe, dy't de âldman te neare nacht net allinnich gean litte wol, beslút him te beselskipjen en lit him op in hynder ride, sadat er net hoecht te rinnen. Nei't er thúsbrocht is, nûget Isaac Ivanhoe deryn en freget hoe't er him foar al syn help werombetelje kin. Ivanhoe sjocht dan syn kâns skoan en leit Isaac de saak fan kening Richard en de lospriis foar. Isaac, as ien fan 'e foaroanlju fan 'e Joadske mienskip yn Ingelân, seit ta dat de Joaden it bedrach dat Ivanhoe en de oare trouwe ûnderdienen fan Richard ynsammelje, oansuverje sille oant de folle 150.000 sulvermarken.
Ivanhoe seit dat er eins ek ferlet hat fan in wapenris, wapens en in hynder, sadat er meidwaan kin oan it stekspul yn Ashby-de-la-Zouch. As er dêr as Sakser de Normandyske ridders fan prins Jan ferslaan kin, sil dat de ynsammelingsaksje in oansjenlike ympuls jaan, sa mient er. Op dat stik kin Isaac, dy't net folle persoanlike rykdom besit, him lykwols net helpe. Nei't Ivanhoe mei Wamba yn yntrek nommen hat yn in herberge yn Sheffield, trappearret er dyselde nachts noch in ynkringer yn syn keamer. Hy nimt dy persoan finzen, dy't in frou blykt te wêzen. Hja seit dat hja in tsjinstfaam út 'e húshâlding fan Isaac fan York is, en dat har masteresse, Isaac syn dochter Rebecca, har hjitten hat om Ivanhoe har juwiellen te bringen, dat er dêr in hynder en wapenris fan keapje kin. Ivanhoe lit him lykwols net bedrage en ken de frou werom as Rebecca sels, fan wa't er by syn besyk oan it hûs fan Isaac in momint lang yn in spegel in glim opfongen hat. Hy nimt har geskink oan en stjoert Wamba mei om har wer feilich thús te bringen.
It stekspul te Ashby-de-la-Zouch hat gâns folk lutsen, en sels prins Jan is oanwêzich. De Normandyske ridders Brian de Bois-Guilbert, Hugh de Bracy, Reginald Front-de-Bœuf, Philip de Malvoisin en Ralph de Vipont ferslane al harren Saksyske tsjinstanners. As se miene dat se de einoerwinning behelle hawwe, ferskynt der noch ien nije Saksyske ridder, dy't tarist is yn it swart, syn gesicht efter in sletten fizier ferberget en gjin embleem fiert. Syn namme makket er likemin bekend, mar hy daget alle fiif Normandyske ridders út en ferslacht koart nei-inoar Malvoisin, Vipont en Front-de-Bœuf. Tuskentroch bringt er in salút (troch syn lâns foar har sakje te litten) oan Rebecca, dy't har mank it publyk befynt yn in segregearre seksje dy't reservearre is foar Joaden. Wannear't Bois-Guilbert Rebecca sjocht, is it foar him leafde op it earste gesicht, mar Rebecca sels is dan al folslein fereale rekke op Ivanhoe.
As de ûnbekende ridder it opnimt tsjin Bracy, ferslacht er dyselde ek, mar dêrby rint er in wûne oan it skouder op. Tsjin dy tiid hawwe de oanwêzige Saksers, ûnder wa Cedric fan Rotherwood, frouwe Rowena en Locksley, de oanfierder fan 'e in mânske binde strûkrôvers út 'e bosken, de identiteit fan 'e ridder al ret: it is nimmen oars as Ivanhoe. Yn 'e lêste wedstryd, tsjin Bois-Guilbert, wit dy lêste mei muoite yn it seal te bliuwen, wylst it Ivanhoe is dy't nei ôfrin fan syn hynder rûgelet. Hy wurdt mei in brankaar fan it fjild helle en nei syn tinte brocht, dêr't Rebecca har tsjinsten as genêzeresse oanbiedt. Cedric, dy't noch altyd folhâldt dat er gjin soan hat, stjoert nettsjinsteande dat Rowena om te sjen hoe't it mei Ivanhoe liket. Rebecca en Rowena kenne inoar fuortendaliks werom as rivalen, mar dochs wit Rebecca fan Rowena tastimming te krijen om Ivanhoe nei har heite hûs yn Sheffield te bringen, sadat se him dêr ferplege kin. Wylst Ivanhoe dêr bewusteleas op bêd leit, ferklearret Rebecca him har leafde, ek al wit se dat it tusken in joadinne en in kristen neat wurde kin.
Underwilens ûntdekke prins Jan en syn ridders de identiteit fan Ivanhoe en dat er dwaande is om 'e lospriis foar de frijlitting fan kening Richard yn te sammeljen. Prins Jan jout dêrop oan Bois-Guilbert de opdracht om Ivanhoe en eltsenien dy't him helpt op te pakken en foar him te bringen om berjochte te wurde. Jan-en-dy wurde lykwols yn 'e gaten holden troch Locksley syn mannen, en sadwaande berikt in warskôging it hûs fan Isaac ear't de Normanjers dêr arrivearje kinne. Ivanhoe, dy't ûnderwilens fierhinne opbettere is, hjit Isaac en Rebecca om har ûnder beskerming fan Cedric te stellen, dy't yn Sheffield talme hat, wachtsjend op nijs oer de tastân fan syn soan. Sels set Ivanhoe mei Locksley ôf nei de bosken. As it selskip fan Cedric fan Rotherwood letter lykwols op York oangiet, wurdt it ûnderweis oanfallen troch Bois-Guilbert, Bracy en Front-de-Bœuf en harren kriichslju, dy't de Saksers oerweldigje.
Cedric, Wamba, Isaac, frouwe Rowena en Rebecca wurde finzen nommen en meifierd nei Torquilstone, it kastiel fan Front-de-Bœuf. Dêr wurde Wamba en Isaac fuortendaliks nei de tsjerkers brocht, wylst Cedric, Rowena en Rebecca yn keamers opsletten wurde. As Ivanhoe fan harren lot heart, riidt er lykme allinne nei Torquilstone, dêr't er himsels oanbiedt yn ruil foar de frijlitting fan syn heit en de oare finzenen. Bois-Guilbert nimt dat oanbod oan en Ivanhoe jout him oer. Hy wurdt koart weriene mei Cedric, dy't him no ferjeffenis skinkt foar syn ôfsetten op krústocht, en him wer as soan oannimt. As Ivanhoe Bois-Guilbert opropt om no wurd te hâlden troch Cedric en de oaren frij te litten, antwurdet dy dat er dat ek dwaan sil… nei't Ivanhoe ferteld hat wêr't it jild foar de lospriis bewarre wurdt, sadat dat yn beslach nommen wurde kin. Dêrop wurde Ivanhoe en Cedric troch Front-de-Bœuf ôffierd nei de tsjerkers. Underwilens besiket Bracy frouwe Rowena yn 'e keamer dêr't se fêstholden wurdt, en seit har oan dat er fan doel is en nim har ta frou, oft se dat no wol of net. En Bois-Guilbert siket Rebecca op, oan wa't er ûnthjit dat er har heit en Ivanhoe yn libben hâlde sil as sy syn mêtresse wurdt.
Ear't de tramtearring fan 'e finzenen begjinne kin, ferskynt Locksley foar de poarten fan Torquilstone, dy't de frijlitting fan 'e finzenen easket. As syn wurden negearre wurde, komt syn leger fan strûkrôvers en oar sljochtwei Saksysk folk út 'e omlizzende bosken foar it ljocht en slacht belis foar it kastiel. Bois-Guilbert-en-dy litte Ivanhoe út 'e tsjerker helje om him op 'e heechste toer oan 'e belegerders sjen te litten, wernei't se driigje him fan 'e muorre te smiten. Ivanhoe wit lykwols oan Front-de-Bœuf te ûntsnappen en komt op frije fuotten yn it kastiel, dêr't er inkele kriichslju út 'e wei rommet en harren wapens stelt. Hy bejout him wer nei de tsjerkers, dêr't er syn heit, Wamba en Isaac befrijt, wêrnei't se it kastiel yn 'e brân stekke. Front-de-Bœuf en in stikmannich fan syn kriichslju komme har oer it mad. Front-de-Bœuf driuwt Wamba tebek de brân yn, dat er omkomt, mar wurdt dêrnei sels deamakke troch Ivanhoe.
Wylst de ferdigening fan Torquilstone ynsakket en Locksley en syn mannen it kastiel binnenkringe, beslute Bois-Guilbert en Bracy om te besykjen om út te naaien troch de beide froulju as libben skyld te brûken. Bracy wurdt finzen nommen as er Rowena út har keamer helje wol, mar Bois-Guilbert ûntkomt mei Rebecca by him. Letter nimt prins Jan Rebecca fan in ferheftich tsjinakseljende Bois-Guilbert oer, om har te berjochtsjen foar hekserij. Om dêrfan ôf te sjen wol Jan in lospriis fan 100.000 sulvermarken hawwe, wat sekuer it bedrach is dat de Joaden fan Ingelân ûnder lieding fan Isaac fan York byinoar brocht hawwe foar de lospriis fan kening Richard. Ivanhoe stelt dat nimmen it Isaac kwea-ôf nimme sil as er der ynstee foar kiest syn dochter te rêden. Foar dy wrede kar steld, kiest Isaac der lykwols foar om 'e kening te befrijen, om't dat goed is foar alle Joaden yn Ingelân en net inkeld foar him persoanlik. Ivanhoe ûnthjit him dat er alles dwaan sil om Rebecca te rêden. De taak om 'e kening yn Eastenryk los te keapjen, draacht er dêrom oer oan syn heit.