Burg Maus is in kastiel oan 'e Ryn boppe it doarp Wellmich by Sankt Goarshausen yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It kastiel stiet op in hichte fan 98 meter boppe seenivo en foarmet ûnderdiel fan it UNESCO-wrâlderfgoed Boppe-Middenryndelling.
Skiednis De bou fan it kastiel sette ûnder de namme Peterseck (ek: Thurnberg en Deuernburg) útein yn opdracht fan 'e Trierske aartsbiskop Bohemund II fan Saarbrücken (1354–1361). De aartsbiskoppen Kuno II fan Falkenstein (1362–1388) en Werner fan Königstein (1388–1418) wurken fierder oan 'e foltôging. thumb|left|It kastiel mei Wellmich yn 'e Topographia Archiepiscopatuum Moguntinensis op in ôfbyld fan Merian (1664). It kastiel moast it besit fan Kar-Trier op 'e rjochter kant fan 'e Ryn bewekje en wie in warskôging oan it adres fan 'e hearen fan Katzenelnbogen mei harren mânske kastiel Rheinfels oan 'e oare kant fan 'e Ryn. It plan fan Kar-Trier om in twadde kastiel oan de lofter Rynigge te bouwen, de 'Petersberg', waard nea útfierd.
As antwurd op 'e bou fan it nije kastiel boppe Wellmich liet de greve fan Katzelelnbogen in pear kilometer fierder de stream it kastiel Neu-Katzenelnbogen bouwe, dat letter bekend waard ûnder de namme Katz. Yn 'e folksmûle krige Peterseck fanwegen de kat-en-mûs-strategy tusken de karfoarsten en de hearen fan Katzelelnbogen de namme 'Maus'.
De aartsbiskoppen Kuno II fan Falkenstein en syn opfolger Werner fan Königstein mochten graach op harren nije boarch wêze en ferstoaren dêr ek. Beide aartsbiskoppen waarden yn 'e Sint-Kastortsjerke fan Koblenz begroeven, dêr't harren grêfmonuminten ek hjoed-de-dei noch te besjen binne. Yn 'e 16e iuw waard it kastiel in lien fan it grevehûs Nassau-Sporkenburg.
It kastiel waard nea ferneatige, mar yn 'e 18e iuw sette de delgong yn. Yn alle gefallen wie it kastiel sûnt 1719 al brekfallich en ûnbewenne. Yn dy tiid waard it kastiel ek al as 'Maus' oantsjut.
Yn 1806 waard it kastiel foar de ôfbraak ferkocht, mar dêr kaam net in soad fan telâne. Yn 1834 kocht Friedrich Gustav Habel de ruïne oan, dy't him ynsette foar it behâld fan 'e boarch. Tusken 1900 en 1906 waard it kastiel ûnder lieding fan arsjitekt Wilhelm Gärtner lang op let werboud, werby it oansjen safolle mooglik bewarre bleau.
Keppeling om utens Beskriuwing kastiel Maus op de Burgendatabank
Kategory:Sankt Goarshausen Kategory:Kastiel yn Rynlân-Palts Kategory:Bouwurk út de 14e iuw