The Untouchables is in Amerikaanske histoaryske plysje- en misdiefilm út 1987 ûnder rezjy fan Brian De Palma. De haadrollen waarden fertolke troch Kevin Costner en Sean Connery, ûnderstipe troch Robert De Niro, Andy García en Charles Martin Smith yn 'e wichtichste byrollen. De titel betsjut "De Unoanrekberen", en ferwiist nei de bynamme fan in Amerikaanske plysje-ienheid, dy't yn 'e iere 1930-er jierren yn Chicago aktyf wie om neilibbing fan 'e Drûchlizzing ôf te twingen. De leden dêrfan wiene 'ûnoanrekber' yn 'e sin dat it de maffia net slagge harren om te keapjen om't se net korrupt wiene. It ferhaal folget Eliot Ness, in spesjaal agint fan it Amerikaansk Ministearje fan Finânsjes, en syn mannen yn syn striid tsjin 'e suver almachtige gangster Al Capone. The Untouchables krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. Connery wûn mei syn rol yn 'e film sawol de Oscar as de Golden Globe foar bêste byrol fan in akteur. De filmmuzyk fan Ennio Morricone waard bekroane mei in BAFTA en in Grammy Award.
Plot Yn 1930, ûnder de Drûchlizzing yn 'e Feriene Steaten, behearsket maffiabaas Al Capone yn Chicago it smokkeljen en de ferkeap fan yllegale alkohol. Dêrmei wurdt er sa ryk en kriget er safolle ynfloed, dat er de hiele stêd hast nei syn pipen dûnsje litte kin. Eliot Ness, in spesjaal agint fan it Bureau of Prohibition (in foarrinder fan 'e hjoeddeistige ATF), dat ressortearret ûnder it Amerikaanske Ministearje fan Finânsjes, wurdt nei Chicago ta stjoerd mei de opdracht om Capone ûnder fuotten te heljen en yn it tichthûs te stopjen. Syn earste besykjen om in grutte lading yllegale alkohol yn beslach te nimmen mislearret lykwols op spektakulêre wize as de maffiabaas yn 't foar warskôge wurdt troch korrupte leden fan it Chicago Police Department. Om't er sa wis fan syn saak wie dat er de media útnûge hie om tsjûge fan 'e ynfal te wêzen, einiget it barren mei in ôfgong foar Ness. Fan gefolgen hat eltsenien neitiid de gek mei him.
Nei in tafallige moeting mei de Amerikaan fan Iersk komôf Jimmy Malone, dy't op âldere leeftyd noch altyd mar sljochtwei plysjeman is om't er in hekel oan korrupsje hat en dêrom troch syn korrupte superieuren net befoardere wurdt, beslút Ness in spesjale ienheid gear te stallen fan lju dy't net omkocht wurde kinne. Dêr freget er Malone foar, mar dy is yn 't earstoan ôfhâldich, om't de leden fan sa'n ienhied sûnder mis it doelwyt fan moardoanslaggen fan Capone syn ûnderhearrigen wurde sille. Uteinlik stimt er lykwols dochs ta. Om foar te kommen dat se korrupte plysjeminsken binnenhelje, stelt Malone foar om streekrjocht nei de plysjeskoalle te gean. Dêr rekrutearje se de jonge skerpskutter en Amerikaan fan Italjaansk komôf Giuseppe Petri, dy't syn namme feroare hat yn George Stone om net assosjearre te wurden mei de maffia. As fjirde lid jout Oscar Wallace him by de ienheid, in boekhâlder dy't troch syn superieuren yn Washington, D.C. oan Ness tawiisd is.
Op basis fan ynformaasje dy't Malone wit te besetten, dogge de fjouwer mannen in ynfal yn in postkantoar, dat in fasade blykt te wêzen foar ien fan Capone syn opslachplakken fan sterke drank. Dêr konfiskearje se de hiele foarrie en arrestearje se alle oanwêzigen. Neitiid krije Ness-en-dy foar it earst positive publisiteit yn 'e media, dy't harren 'De Unoanrekberen' begjinne te neamen, om't se ûnomkeapber binne. By in gearkomste fan 'e lieding fan syn organisaasje slacht de opljeppende Capone letter de baas fan 'e yn beslach nommen drankopslach dea mei in honkbalkneppel by wize fan warskôging oan syn oare setbazen om net te falen.
Wallace, dy't yn 'e boekhâlding fan Capone dûkt, ynsafier't dy bekend is, ûntdekt dat Capone al yn gjin jierren ynkomstebelesting betelle hat. Om't de maffiabaas nea streekrjocht yn ferbân brocht wurde kin mei de moarden en oare misdriuwen dy't yn syn namme begien wurde, oppenearret Wallace it idee om him oan te kleien foar belestingûntdûking. Ness wurdt opsocht troch in lid fan 'e gemeenteried fan Chicago, dy't him besiket om te keapjen, wêrby't op subtile manear ek in warskôging fan Capone oerbrocht wurdt dat dyselde der net foar tebekskrilje sil om plysjeminsken út 'e wei te romjen. Mar Ness makket de man yn net mis te fersteane bewurdings dúdlik dat er gjin jild fan 'e maffia oannimme sil. Letter wurdt Ness foar syn hûs opwachte troch Frank Nitti, in hiermoardner fan Capone, dy't Ness syn frou en bern bedriget. Dêrop lit Ness syn gesin ûnderdûke.
Ness-en-dy reizgje yn it fleantúch nei de grins fan 'e Feriene Steaten mei Kanada, dêr't de measte yllegale alkohol wei komt. By in mienskiplike aksje mei de Keninklike Kanadeeske Beriden Plysje (RCMP) oerfalle se dêre in dranktransport dat de grins oer komt. Dêrby wurde tsientallen gangsters deasketten en wurdt in George, ien fan Capone syn boekhâlders, oppakt. George hat ferskate grutte kasboeken by him, mar wegeret te fertellen wêr't de ôfkoartings foar steane dy't dêryn brûkt wurde. Dêrop sjit Malone in gangster (dy al dea is) troch de holle om George (dy't mient dat er noch libbe) bang te meitsjen. Neitiid stimt George deryn ta om mei te wurkjen en tsjûge te wurden yn in proses tsjin Capone.
Nei harren triomfantlike weromkear yn Chicago sil Wallace George eskortearje nei in ûnderdûkadres, mar noch ear't se it plysjeburo ferlitte kinne, wurde se allebeide yn 'e lift deasketten troch Nitti. Ness is alhiel breinroer oer de dea fan syn maat en set nei Capone ta om dyselde mei de moarden te konfrontearjen, mar Malone skuort him mei dêrwei foar't Capone syn mannen Ness deasjitte kinne. Neitiid fiteret er Ness oan om foar te kommen dat de ofsier fan justysje de oanklachten tsjin Capone ynlûke sil no't der gjin tsjûgen mear binne, mei't er sels noch in izer yn it fjoer hat. It docht bliken dat Malone syn eardere ynformaasje oer de drankopslach yn it postkantoar krigen hie fan plysjekommissaris Mike Dorsett, dy't himsels troch Capone omkeapje litten hat. De man besiket lykwols beide kanten te bespyljen, en hat Wallace en George ferret oan Nitti. Troch him yninoar te slaan twingt Malone Dorsett om te fertellen wêr't Walter Payne is, de haadboekhâlder fan Capone.
Neitiid praat Malone mei Ness en Stone ôf yn syn appartemint, mar ear't dy beiden dêr arrivearje kinne, wurdt Malone troch Nitti mei in Tommygun delmeand. Ness en Stone treffe him stjerrend oan, mar foar't er oan syn ferwûnings beswykt, kin er harren noch fertelle hokker trein Payne nimme sil om Chicago te ferlitten, sadat er oan 'e deifurding fan 'e ofsier fan justysje ûntkomme kin. Ness en Stone bejouwe har nei Union Station, it sintraal stasjon fan Chicago, dêr't yn 'e lobby op 'e monumintale treppens in sjitpartij útbrekt tusken harren en de gangsters dy't Payne bewekje. Ness en Stone sjitte alle gangsters dea en nimme Payne finzen, wylst se tuskentroch noch it libben fan in pjut rêde dy't mei bernewein en al by de treppens del rôlet. Payne stimt ta om tsjin Capone te tsjûgjen om't by it fjoergefjocht yn it treinstasjon bliken dien hat dat syn 'liifwachten' eins opdracht hiene om him te deadzjen as it derop liek dat er arrestearre wurde soe.
By it proses tsjin Capone merkt Ness op dat Nitti, dy't yn it publyk sit, in pistoal by him hat. Hy en in parketwacht eskortearje Nitti út 'e rjochtseal en besykje it fjoerwapen te konfiskearjen, mar Nitti blykt in bryfke by him te hawwen dêr't op stiet dat er de persoanlike tastimming fan 'e boargemaster fan Chicago hat om te allen tide in pistoal by him te dragen. Se moatte dêrom it wapen weromjaan, mar mank Nitti syn oare besittings ûntdekt Ness in kartonnen lusifershâlder mei dêrop it wenadres fan Malone. Hy beseft dat Nitti dejinge is dy't syn freon fermoarde hat. As Nitti foar it ferstân kriget wat Ness ûntdutsen hat, lûkt er syn pistoal, sjit de parketwacht del en naait út. Ness set mei de revolver fan 'e parketwacht de efterfolging yn. Dy liedt de beide mannen nei it plat dak fan it gerjochtsgebou, dêr't Ness Nitti úteinlik te pakken kriget. Nitti is derfan oertsjûge dat er gau wer frijkomme sil. Mei't er himsels feilich waant yn 'e ferûnderstelling dat Ness alles neffens de regels docht, bespot er Malone troch te sizzen dat dy gilde as baarch doe't er stoar. Dêrop smyt Ness him fan it dak fan it gebou. As Nitti in gjalp jout wylst er te pletter falt, ropt Ness him efternei: "Klonk dat ûngefear sa?"
Neitiid jout Stone oan Ness in list dy't er yn 'e binnenbûse fan it kolbêrjaske fan Nitti fûn hat, dat efterbleaun wie op 'e gong bûten de rjochtseal. Dêrop steane de leden fan 'e sjuery fan it proses tsjin Capone mei namme en tanamme fermeld en dêrby it bedrach dat se foar har omkeaping ûntfongen hawwe. De rjochter wegeret dat lykwols foar wier oan te nimmen. Dêrop freget Ness oft er de rjochter eefkes ûnder fjouwer eagen te wurd mei. Neitiid oarderet de rjochter de parketwachten om 'e sjuery yn it proses tsjin Capone om te wikseljen mei de sjuery yn 'e oanbuorjende rjochtseal, dêr't in rjochtsaak oer in skieding oan 'e gong is. As de ofsier fan justysje oan Ness freget wat er tsjin 'e rjochter sein hat om dizze ommekear yn syn hâlden en dragen te feroarsaakjen, antwurdet Ness dat er de rjochter wiismakke hat dat dy syn namme ek yn it kasboek fan Capone stie (wat net sa is, mar wat blykber wol kinnen hie, de reäksje fan 'e rjochter yn acht nommen).
Nei de ferwikseling fan 'e sjuery feroaret Capone syn abbekaat de bewearing fan ûnskuld fan syn kliïnt yn in skuldbekentenis, ta razernij fan Capone sels. De maffiabaas wurdt úteinlik ta alve jier finzenisstraf feroardiele. De deis dêrnei slút Ness syn kantoar yn Chicago om werom te kearen nei Washington, D.C. Hy nimt ôfskie fan Stone en jout him it medaljon fan 'e hillige Judas fan Malone. As er it plysjeburo ferlit, seit in sjoernalist tsjin him dat it regear neffens de gerochten de drûchlizzing ôfskaffe sil. Hy wol witte wat Ness dwaan sil as dat bart. Ness antwurdet: "Ik leau dat ik dan earst in slokje nim."
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise spesjaal agint Eliot Ness Kevin Costner Jimmy Malone Sean Connery
byrollen personaazje akteur/aktrise Al Capone Robert De Niro George Stone/Giuseppe Petri Andy García Oscar Wallace (basearre op Frank J. Wilson) Charles Martin Smith Frank Nitti Billy Drago Catherine Ness Patricia Clarkson kommissaris Mike Dorsett Richard Bradford Walter Payne Jack Kehoe George Brad Sullivan gemeenteriedslid Del Close ofsier fan justysje Clifton James sjoernalist Steven Goldstein kaptein fan 'e RCMP Robert Swan frou Blackmer Colleen Bade barkeeper John J. Walsh famke by ûntploffing Aditra Kohl sjauffeur Vito D'Ambrosio plysje Preseuski Don Patrick Harvey dochterke fan Ness Kaitlyn Montgomery tafersjochhâlder sjitbaan Greg Noonan ynspekteur Anderson Peter Aylward Williamson Kevin Michael Doyle omkesizzer fan Malone Sean Grennan
Produksje en distribúsje Produksje The Untouchables waard regissearre troch Brian De Palma nei in senario fan David Mamet dat basearre wie op The Untouchables, de autobiografy dy't Eliot Ness yn 1957 mei help fan ghostwriter Oscar Fraley skreau. De Palma wie letter beskieden oer syn eigen rol by it meitsjen fan 'e film, en sei in moanne nei de premiêre yn in fraachpetear dat er inkeld it materiaal foarmjûn hie dat Mamet oanlevere. As produsint wie Art Linson by it projekt belutsen foar de filmstudio Paramount Pictures. Foar de film wie in budget beskikber fan $25 miljoen.
Casting Foar de rol fan Eliot Ness hie regisseur Brian De Palma oarspronklik Don Johnson op it each, de stjer fan Miami Vice, in ferneamde plysjesearje út 'e 1980-er jierren. Dat waard lykwols neat, en neitiid wiisde Mickey Rourke de rol fan Ness ek ôf, sadat dy úteinlik nei Kevin Costner gie. Costner wie doedestiden noch ûnbekend, en syn rol yn The Untouchables foarme foar him de grutte trochbraak.