Unstoppable is in Amerikaanske aksjeskriller en rampefilmút 2010 ûnder rezjy fan Tony Scott, mei yn 'e haadrollen Denzel Washington, Chris Pine en Rosario Dawson. De titel betsjut "Net te Stopjen" of "Untsjinkearber". De film is loskes basearre op it wier barde ynsidint mei de CSX 8888, en fertelt it ferhaal fan in frachttrein dy't op 'e rin giet en de beiden mannen dy't har libben weagje om him te stopjen. Unstoppable wie de lêste film dy't Tony Scott regissearre foar syn ferstjerren. De film krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie in beskieden kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. Unstoppable waard yn 2011 nominearre foar de Oscar foar bêste lûdsmontaazje.

Plot Wylst se op in ranzjearterrein yn noardlik Pennsylvania in frachttrein fan 'e (fiktive) Allegheny and West Virginia Railroad (AWVR) ferpleatse, litte de ynkompetinte spoarweimeiwurkers Dewey en Gilleece de trein by fersin op eigen krêft ôfsette sûnder dat der immen oan board is. Mei't se yn 't earstoan miene dat er op it heuvelige terrein allinne mar oan it útrôljen is, oarderet terreinmaster Connie Hooper Dewey, Gilleece en lasker Ned Oldham om der yn 'e auto efteroan te gean. As blykt dat de trein it punt dêr't se him opwachtsje wolle, al foarby is, kriget Oldham foar it ferstân dat er op folle krêft oan it riden is. Mei't de trein út 39 wagons bestiet dy't lutsen wurde troch twa GE AC4400CW-road-switcher-lokomotiven efterinoar (#777 foarop en #767 dêr fuort efteroan), is dat in grut probleem.

Connie nimt kontakt op mei Oscar Galvin, de adjunkt-direkteur fan 'e AWVR mei foech oer treinoperaasjes, en warskôget de pleatslike plysje en de steatsautoriteiten om alle spoarwei-oergongen ôf te sluten. Scott Werner, in ynspekteur fan 'e Federal Railroad Administration (FRA), ûntdekt by in besyk oan it ranzjearterrein dat acht fan 'e 39 wagons laden binne mei it tige giftige en licht ûntflambere raande fenol, wat betsjut dat in ûntspoaring fan 'e trein yn bewenne gebiet in grutte ramp mei foar 't neist in protte deadlike slachtoffers feroarsaakje soe. It nijs fan 'e op 'e rin sleine trein lekt al rillegau út nei de media, dy't oan ien wei troch oer de gefaarlike en spektakulêre sitewaasje begjinne te berjochtsjen.

Connie oppenearret om 'e trein mei opsetsin ûntspoare te litten op it tinbefolke plattelân, foar't er gruttere plakken berikke kin. Galvin ferwiist dat idee lykwols daliks nei de foddekoer, om't de skea oan 'e trein de spoarweimaatskippij hannen fol jild kostje soe. Ynstee lit er twa oare keppele lokomotiven, dy't bestjoerd wurde troch masinist Judd Stewart, foàr de op 'e rin sleine trein ride om dy ôf te remjen, sadat in oare spoarweiwurknimmer, de eardere marinier Ryan Scott, út in helikopter nei lokomotyf #777 abseile kin om dêr de rem derop te setten.

It plan rint lykwols út op in fiasko as Scott bewusteleas rekket trochdat er oan 'e abseilkeabel tsjin it foarrút fan 'e efteropkommende #767-lokomotyf slein wurdt. As Stewart dêrnei besiket om 'e #777 (en dêrmei de hiele trein) in sydspoar op te lieden, slagget it him net om 'e trein dêrfoar genôch ôf te remjen. Inkeld syn eigen beide lokomotiven ride it sydspoar op, dêr't se troch har te grutte faasje ûntspoare. Stewart komt dêrby om, wylst de trein op 'e rin gewoan rjocht troch riidt op it haadspoar. Connie en Galvin beseffe dat de trein no ûntspoare sil yn 'e Bocht fan Stanton, in skerpe bocht yn 'e spoarline dêr't dy op in fiadukt oer de beboude kom fan 'e tichtbefolke (fiktive) stêd Stanton (Pennsylvania) hinne laat wurdt. Galvin stimt dêrom einlings yn mei plannen om 'e trein ûntspoare te litten bûten it lytsere plak Arklow (Pennsylvania).

Underwilens is in oare frachttrein fan 'e AWVR, lutsen troch lokomotyf #1206 mei oan board de mei desennia oan ûnderfining bejeftige masinist Frank Barnes en de griene kondukteur Will Colson, op itselde spoar ûnderweis yn 'e tsjinstelde rjochting. De warskôging oan harren oer de op 'e rin sleine trein komt te let om in sydspoar yn te slaan, mei't harren trein dêrfoar tefolle faasje hat. Barnes wit, krekt foar't it ta in frontale botsing komt, syn trein in koart parallel rinnend útwykspoar foar needgefallen op te stjoeren. De #777 is dan al sa tichtby, dat er de lêste beide wagons fan 'e #1206 fan it spoar riidt. Yn it foarbygean sjocht Barnes dat de lêste wagon fan 'e #777 in iepen keppeling hat. Dat betsjut dat er syn eigen lokomotyf oan 'e op 'e rin sleine trein keppelje kin om dy ôf te remjen foar't er de Bocht fan Stanton berikt.

Wylst Colson de wagons fan 'e #1206 loskeppelet op it útwykspoar, jout Barnes syn plan troch oan Connie en Galvin. Dy lêste wiist it sûnder mear ôf, om't er de sitewaasje al ûnder kontrôle hat troch de ûntspoaring by Arklow. Barnes oppenearret syn op jierren fan ûnderfining mei treinen basearre miening dat dy ûntspoaring net wurkje sil, om't de #777 ûnderwilens safolle feart opboud hat, dat er dwers troch de ûntspoaringsmeganismen hinne batse sil. Galvin bedriget Barnes mei ûntslach as er syn sin trochset en him mei it spul bemuoit, mar Barnes fertelt syn baas koeltsjes dat er syn oansizzing fan ferplichte pinsjonearring op heal pinsjoen al oer de post ûntfongen hat. Dêrop drigemintet Galvin dat er Colson ûntslaan sil as dy Barnes net tsjinhâldt, mar Colson is deprimearre troch syn mislearre houlik mei syn fan him ferfrjemde rekke frou Darcy, dy't in kontaktferbod tsjin him ynstelle litten hat. Dat it ferlies fan syn baan kin him eins net bjuster folle skele. De opsternate Galvin wurdt sadwaande straal negearre troch de beide mannen, ta bewûndering fan Connie, dy't al lang skjin har nocht fan har baas hat, en Barnes en Colson temûk ynformaasje trochspilet dy't Galvin harren net tahawwe wol.

Barnes en Colson ride harren #1206 foarút fan it útwykspoar en smite him dêrnei yn 'e achterút. Trochdat harren lokomotyf no gjin wagons mei hoecht te lûken, witte se de fuortdinderjende #777 stadichoan by te heljen. As de #777 op Arklow ta komt, besiket de gearklofte plysje de brânstofôfslutingsknop op 'e sydkant fan 'e trein yn te drukken troch der mei mannemacht op te sjitten. It slagget harren lykwols net en reitsje it lytse knopke op it hurd bewegende doelwyt. Sa't Barnes al foarsein hat, raast de #777 dwers troch de ûntspoaringsmeganismen hinne, sûnder der skea fan te ûnderfinen. Mei't er wit dat Barnes syn idee no it iennichste noch is dat in ramp foarkomme kin, nimt FRA-ynspekteur Werner de kontrôle oer de sitewaasje fan Galvin oer. Neitiid kin Connie oan Barnes en Colson einlings de folsleine en iepentlike stipe jaan dêr't se ferlet fan hawwe. Underwilens komt Colson syn frou Darcy fan bêd ôf en heart op it nijs wat der geande is en hokfoar rol har man dêryn spilet. Barnes syn teenage-dochters Nicole en Maya, dy't as servearsters yn in Hooters-breastaurant wurkje, sjogge dêre op 'e tillefyzje yn hokfoar sitewaasje harren heit behelle rekke is.

De #1206 fan Barnes en Colson hellet einlings de #777 yn. By it besykjen om harren lokomotyf op 'e keppeling fan 'e lêste wagon fan 'e #777 oan te sluten, ûntslute se by ûngelok de fersegeling fan 'e wagon, dy't nôt befettet. Fan gefolgen wurde se neitiid oanhâldend bestood troch fuortwaaiend nôt. De keppelpin wol net slute, dat Colson weaget him yn 'e nôtwyn en skopt de pin te plak. Dêrby rekket syn foet lykwols beknypt en ferwûne. Hy wit himsels te rêden, mar mankepoatet neitiid werom nei de kabine fan 'e #1206. Om't Colson no dúdlik net by steat is om oer de trein hinne te klimmen nei de beide lokomotiven oan 'e foarkant, nimt Barnes dy taak op him, wylst Colson efterbliuwt yn 'e #1206 en de trein troch dynamysk remjen stadiger besiket gean te litten. Barnes weaget syn libben troch oer it dak fan 'e gefaarlik fluch bewegende treinwagons nei foarren te draven, wêrby't er eltse kear tusken twa wagons hânmjittich de rem by de efterste wagon derop set.

Troch it gebrek oan ûnderfining fan Colson by it betsjinjen fan 'e lokomotyf reitsje de remmen fan 'e #1206 op 't lêst stikken, mei as gefolch dat de hiele trein wer mear faasje begjint te meitsjen. It docht lykwols bliken dat de trein genôch ôfremme is om 'e Bocht fan Stanton te heljen, want hoewol't ferskate wagons in sikestûkjend momint oan ien kant mei de tsjillen los komme fan 'e rails, falle se wer werom sûnder dat it ta in ûntspoaring liedt. As de #777 de bocht útkomt en wer almar mear feart begjint te krijen, komt Barnes op in stuit út by in wagon mei iepen lading, dêr't er net fierder kin. Oldham, dy't yn syn pick-uptruck de trein al fan it begjin ôf folget, arrivearret mei plysjebegelieding njonken de #1206 op in dykje dat parallel oan it spoar rint. Colson wit, nettsjinsteande syn ferwûne foet, yn 'e laadbak fan 'e auto te springen, wêrnei't Oldham him nei de lokomotyf ta riidt. Dêr slagget it Colson om in hantfet oan 'e sydkant fan 'e trein fêst te gripen krekt foar't de parallelwei ophâldt en Oldham boppe-op 'e rem moat. Colson skuort himsels oan board fan 'e lokomotyf en smyt de rem derop, sadat de trein einlings en te'n lêsten ta stilstân brocht wurdt.

Neitiid wurde Barnes, Colson en Oldham ynhelle as helden. Barnes wurdt opwachte troch syn dochters, wylst Colson syn frou Darcy, no't har man op in hier nei dea rekke is, ta it besef kommen is dat se him dochs net kwyt wol. Barnes, dy't widner is, en Connie moetsje inoar foar it earst en tusken harren liket in fonk oer te springen. Barnes giet mei in folslein pinsjoen út it wurk, en Galvin wurdt ûntslein, om't er libbens yn gefaar brocht hat trochdat er inkeld each hie foar jild en net foar minsken. Connie kriget promoasje en nimt Galvin syn funksje oer. Dewey, dy't ferantwurdlik is foar it hiele debakel, rekket syn baan by it spoar kwyt en giet oan it wurk as ober yn in fastfoodrestaurant.

Rolferdieling

haadrollen personaazje       akteur/aktrise Frank Barnes Denzel Washington Will Colson Chris Pine Connie Hooper Rosario Dawson

byrollen personaazje akteur/aktrise Dewey Ethan Suplee Oscar Galvin Kevin Dunn Ned Oldham Lew Temple FRA-ynspekteur Scott Werner Kevin Corrigan Bunny Kevin Chapman Gilleece T.J. Miller Darcy Colson Jessy Schram Judd Stewart David Warshofsky Janeway Andy Umberger Nicole Barnes Elizabeth Mathis (Miss Teen Michigan 1998) Maya Barnes Meagan Tandy (Miss Teen California 2007) koördinator Spoarfeiligenskampanje Aisha Hinds Ryan Scott Ryan Ahern

Ynspiraasje Unstoppable waard ynspirearre troch en loskes basearre op it ynsidint mei de CSX 8888 yn 2001. Dêrby rekke in frachttrein fan CSX Transportation dy't lutsen waard troch lokomotyf #8888 op in ranzjearterrein yn Walbridge (Ohio) ûnbemanne op 'e rin doe't in spoarweimeiwurker útstapte om in foutyf ôfstelde wiksel oan te passen. De trein ried op dat stuit stapfoets en de meiwurker miende dat er de rem derop setten hie. Mar hy wie mis, want eins hied er de trein, foar't er derút sprong, ynsteld op folle krêft foarút. Mei't by dat type lokomotyf "fol gas" en "boppe-op 'e rem" mei deselde hendel yn deselde stân oanjûn waarden nei't der earst in oare operaasjemodus ynsteld wurde moast, wie dat in begryplike flater.

Twa fan 'e wagons befetten, krekt as yn 'e film, it uterst giftige en licht ûntflambere raande fenol, dat (yn sterk fertinne foarm) as yngrediïnt fan ferve brûkt wurdt. De ûnbemanne trein lei op eigen krêft mei in faasje fan 82 km/h in ôfstân fan 106 km ôf troch noardlik Ohio, wêrby't om 'e nocht besocht waard om him ûntspoare te litten. Doe't in twadde trein fan efteren oankeppele, koe de faasje werombrocht wurde ta 11 km/h. Masinist Jon Hosfeld slagge it doe om dravend op 'e #8888 te springen en de trein krekt bûten Kenton (Ohio) ta stilstân te bringen. Aldergeloks rekke nimmen ferwûne by dat ynsidint.

Produksje en distribúsje Produksje