The Equalizer is in Amerikaanske mediafranchise, dy't yn 1985 úteinsette mei de tillefyzjesearje The Equalizer. Underwerp is Robert McCall, in pinsjonearre geheim agint mei in mysterieus ferline, dy't syn feardichheiden ynset om as figilante rjochtdei te hâlden oer kriminelen dy't ûnskuldige minsken tenei komme. De franchise bestiet fierders út twa films út 'e 2010-er jierren mei Denzel Washington yn 'e titelrol, en in op 'e nij ferbylde tillefyzjesearje út 2021 mei Queen Latifah as in froulike Robyn McCall.
Tillefyzjesearjes The Equalizer (1985)
The Equalizer wie in spionaazjeskrillersearje, dy't betocht waard troch Michael Sloan en Richard Lindheim. De rige gie oer Robert McCall (spile troch Edward Woodward), in pinsjonearre geheim agint foar in net by namme neamde ynljochtingetsjinst fan 'e Amerikaanske oerheid. Hy hat in protte dingen dien dêr't er net grutsk op is, en besiket dêrfoar no boete te dwaan troch fergees syn tsjinsten oan te bieden as oplosser fan problemen, beskermer en/of ûndersiker. The Equalizer rûn fjouwer seizoenen, fan septimber 1985 oant en mei augustus 1989, en der waarden yn totaal 88 ôfleverings fan makke troch tillefyzjestudio Universal Television. De searje waard oarspronklik útstjoerd troch CBS.
The Equalizer (2021)
Yn 2021 waard der in remake fan 'e oarspronklike tillefyzjesearje makke, wêryn't it personaazje fan Robert McCall op 'e nij ferbylde wie as Robyn McCall, spile troch de swarte aktrise Queen Latifah. De nije searje waard ûntwikkele troch Andrew W. Marlowe en Terri Edda Miller en produsearre troch û.m. Davis Entertainment, de CBS Studios en Universal Television. Krekt as de orizjinele searje waard er oarspronklik útstjoerd troch CBS. It earse seizoen bestie út tsien ôfleverings, mar yn maart 2021 bestelde CBS in twadde seizoen.
Films The Equalizer (2014)
De earste ferfilming fan tillefyzjesearje út 'e 1980-er jierren hiet ek The Equalizer. Dêryn libbet widner Robert McCall (Denzel Washington) in aldendeisk bestean as winkelbetsjinde fan in boumerk yn Boston. Syn libben hinget oaninoar fan rûtines en hy is iensum. Mei syn kollega's kin er goed, mar net ien dy't him goed ken. Oan syn kalm fuortskolferjende bestean komt in ein as er beslút in jonge prostituee (Chloë Grace Moretz) te helpen dy't yn seksuele slavernij fan 'e Russyske maffia libbet. It docht bliken dat McCall út syn mysterieuze ferline ûnfermoede feardichheden hat, dy't him by steat stelle om koart wurk te meitsjen fan syn ûnmeilydsume tsjinstanners.
The Equalizer waard regissearre troch Antoine Fuqua nei in senario fan Richard Wenk. De film gie op 26 septimber 2014 yn premiêre, en brocht $192,3 miljoen op tsjin in budget fan $73 miljoen.
The Equalizer 2
Yn The Equalizer 2 wurdt Robert McCall (Denzel Washington) syn freondinne en âld-kollega Susan Plummer fermoarde wylst se in skynber gefal fan moard-selsmoard fan in oare âld-agint fan 'e DIA en dy syn frou ûndersiket. Neitiid giet McCall sels op ûndersyk út en ûntdekt dat sawol Plummer as de agint nei wa't se ûndersyk die, ombrocht binne troch syn eigen eardere partner Dave York (Pedro Pascal). Dyselde wurket no eins as hierling en hat in team fan lykstimden om him hinne sammele. McCall is wisberet om 'e hiele binde foargoed út te skeakeljen.
The Equalizer 2 waard wer regissearre troch Antoine Fuqua nei in senario fan Richard Wenk. De film gie op 20 july 2018 yn premiêre, en brocht $190,4 miljoen op tsjin in budget fan tusken de $62 en 79 miljoen.
The Equalizer 3
Yn The Equalizer 3 rekket Robert McCall (Denzel Washington) by in misje op Sisylje swierferwûne. Neitiid betteret er stadichoan op yn in skildereftich kustdoarpke oan 'e Italjaanske Amalfikust, dêr't er einlings syn plak fûn liket te hawwen. Wannear't er foar it ferstân kriget dat de ynwenners yntimidearre en ôfparse wurde troch de maffia, besiket er earst de oare kant út te sjen. Mar de maffiosi begripe net mei wa't se fan dwaan hawwe, en provosearje him oant er úteinlings op gewelddiedige wize regaad meitsje moat.
The Equalizer 3 waard ek wer regissearre troch Antoine Fuqua nei in senario fan Richard Wenk. De film gie op 28 augustus 2023 yn premiêre, en brocht $191,1 miljoen op tsjin in budget fan tusken de $70 miljoen.
Romans Michael Sloan, ien fan 'e betinkers fan 'e oarspronklike tillefyzjesearje, sette nei it útkommen fan 'e film út 2014 útein mei it skriuwen fan in romansearje, dy't ek The Equalizer hjit. Yn dy rige kamen de folgjende boeken út: 2014 – The Equalizer 2018 – Killend in Action 2020 – Equalizer: Requiem
Kategory:Amerikaanske mediafranchise Kategory:Amerikaanske filmsearje Kategory:Ingelsktalige filmsearje Kategory:Aksjefilmsearje Kategory:Franchise fan NBCUniversal Kategory:Franchise fan Columbia Pictures Kategory:Filmsearje út 2014 Kategory:Mediafranchise út 1985