The Equalizer 2 is in Amerikaanske aksjefilm út 2018 ûnder rezjy fan Antoine Fuqua, mei yn 'e haadrollen Denzel Washington en Pedro Pascal. De titel betsjut "De Gelykmakker 2". De film makket diel út fan 'e mediafranchise The Equalizer en waard basearre op 'e tillefyzjesearje mei deselde namme út 'e 1980-er jierren. It is in ferfolch op 'e film The Equalizer, út 2014, dy't ek Washington yn 'e titelrol hie. It ferhaal giet oer widner en earder geheim agint Robert McCall, dy't tramtearre wurdt troch syn ferline en besiket om 'e misdriuwen dy't er yn opdracht fan syn oerhearrigen begien hat, goed te meitsjen troch as figilante de misdie te bestriden. As in âlde freondinne fan him fermoarde wurdt, set er útein mei in ûndersyk sadat er wraak nimme kin op 'e dieders. The Equalizer 2 krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar wie in kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. Yn 2023 kaam der in trêde film yn deselde rige út: The Equalizer 3.
Plot Robert McCall, in widner en earder lid fan it Amerikaanske Marinierskorps en de Amerikaanske militêre ynljochtingetsjinst DIA, hat syn eigen dea yn sêne set en wennet no ûnderdûkt foar syn eardere wurkjouwers yn in appartemintekompleks yn Boston. De iennichsten fan syn freonen út syn ferline dy't witte dat er noch libbet, binne DIA-aginte Susan Plummer en har man Brian. McCall fertsjinnet de kost as taksysjauffeur foar Lyft (in bedriuw dat ferlykber is mei Uber). Dêrnjonken is er aktyf as figilante, wêrby't er slachtoffers fan misdriuwen besiket te helpen om sa de minne dingen te kompinsearjen dy't er yn it ferline sels útheeft hat yn syn tiid as DIA-agint.
Sa reizget McCall nei Turkije, dêr't er in lyts famke by har heit weihellet om har werom te bringen nei de Feriene Steaten. De heit jout neat om it bern, mar hat har ûntfierd nei syn bertelân om har Amerikaanske mem te straffen, dy't nettsjinsteande alle húslik geweld de moed fûn hat om fan him te skieden. McCall leveret it famke ôf op in abbekatekantoar yn Boston, dêr't har mem, dy't neat fan McCall syn plannen ôfwist, har ôfhellet. (Letter docht sydlings bliken dat de mem de eigneresse is fan 'e boekhannel dêr't McCall fêste klant is; mei it famke wikselet er dêr in gâns sizzende blik út, mar hja hat har mem blykber net ferteld wa't de mysterieuze man wie dy't har weromhelle hat.)
McCall helpt ek Sam Rubinstein, in Joadske oerlibbene fan 'e konsintraasjekampen, dy't al jierren besiket in skilderij fan syn yn 'e Holokaust omkommen suster Magda werom te krijen, dat yn 'e Twadde Wrâldoarloch stellen en yn oare hannen kommen is. Yn dat ferbân freget McCall oan Susan om ris te ûndersykjen oft Rubinstein syn bewearings dat hy de rjochtmjittige eigner fan it skilderij is, hout snije. As er yn syn hoedanichheid fan Lyft-sjauffeur betelle wurdt om út in djoer appartemintekompleks in jonge frou nei hûs te bringen dy't dúdlik it slachtoffer fan in sedemisdriuw wurden is, bringt McCall har ynstee nei it sikehûs, wêrnei't er weromkeart nei it flatgebou. Yn it appartemint dêr't it tillefoantsje wei kaam, treft er in fiiftal jonge, rike manlju oan dy't harren oan it fanke, de stazjêre fan ien fan harren, fertaast hawwe. Yn 29 tellen slacht McCall harren hielendal yninoar en brekt by elts fan harren ferskate bonken.
Nei't it binnenplak fan syn appartemintekompleks fandalisearre is, helpt McCall syn buorfrou Fatima om har túntsje wer oan te plantsjen, wylst er de swarte teenagejonge Miles, dy't op it rântsje fan ferfal ta in krimineel bestean balansearret, safier kriget dat dy de mei graffity bespuide muorren oerskilderet. As er letter ferdwynt, spoart McCall him op yn it drugshûs fan in strjitbinde, dêr't er de heal ûnwillige jonge wei hellet wylst er de bindeleden mei fjoerwapens bedriget. Miles is der earst net wis fan oft er wol rêden wurde wol, mar nei't McCall him flink it mannewaar opsein hat, beslút er en besykje op it rjochte paad te bliuwen. McCall nimt him oan om syn koken te fervjen, op betingst dat Miles it boek Between the World and Me fan Ta-Nehisi Coates lêst.
Underwilens fljocht Susan mei DIA-agint Dave York, dy't de eardere partner fan McCall is, nei Brussel om in skynber gefal fan moard-selsmoard te ûndersykjen fan in DIA-agint dy't djip undercover wie en dy syn frou. Se twifelet fuortendaliks al oan 'e offisjele lêzing fan it ynsidint. As se op it punt stiet om te ûntdekken hoe't it echt sit, wurdt se yn har hotelkeamer oanfallen troch in pear dieven. Der ûntstiet in gefjocht, wêrby't Susan deastutsen wurdt. As har man Brian him opskillet mei dat nijs, set McCall daliks útein mei in eigen ûndersyk nei wat der bard is. Ut bylden fan befeiligingskamera's yn 'e lift fan it hotel wurdt er gewaar dat de beide dieven, dy't tagelyk mei Susan út 'e lobby omheech giene, yn 't foar al wisten op hokfoar ferdjipping hja ferbleau. De fatale stekwûne is boppedat op profesjonele wize tabrocht.
McCall fermoedet dat Susan út 'e wei romme is om't se wat ûntdutsen hie dat geheim bliuwe moast, dat hy begjint him te ferdjipjen yn 'e saak dy't Susan ûndersocht. Hy komt ta de konklúzje dat de moard-selsmoard yn sêne set is. De frou fan 'e fermoarde undercoveragint is ombrocht troch in lofthannige moardner, wylst de agint sels rjochtshannich wie. De agint sels is boppedat fermoarde ynstee dat er himsels fan it libben berôve hat.
McCall reizget ôf nei Washington, D.C., dêr't er kontakt makket mei York. Dyselde hat mingde gefoelens as er ûntdekt dat McCall syn eigen dea yn sêne set hat: blidens dat syn âlde partner noch libbet, mar ek lulkens om't er him datoangeande net yn fertrouwen nommen hat. McCall fertelt York wat er oer de Susan en de saak dêr't se oan wurke, ûntdutsen hat. York seit dat de beide dieders fan 'e moard op Susan ûnderwilens opspoard binne: in pear drugsferslaafde karriêrekriminelen, dy't koart nei de moard op Susan omkommen binne by in eksploazje yn harren appartemint. Dyn ûntploffing is neffens de Belgyske autoriteiten feroarsake is troch in gaslek. York hâldt it derop dat harren opdrachtjouwers de losse eintsjen oan it ôfbinen binne. McCall seit dat er fierder wurkje sil oan 'e saak.
Inkele dagen letter wurdt McCall oanfallen troch ien fan syn passazjiers, dy't in hiermoardner blykt te wêzen. McCall hie him lykwols al lang troch ear't er mei de oanfal úteinsette, en ynstee dat de man him deamakket, makket er de man sels dea. Neitiid dumpt er it lyk en set syn auto, mei alle spoaren fan 'e moard deryn, op in ôfhandich plak yn 'e brân. As er de mobile tillefoan fan 'e hiermoardner oan in yngeand ûndersyk ûnderwurpen hat, siket McCall York thús op, yn it bywêzen fan syn frou en beide jonge dochters.
Nei't McCall oan York ferteld hat dat alle tillefoannûmers dy't de tillefoan fan 'e hiermoardner de lêste dagen opskille hawwe, noch yn it ûnthâld steane, tikket er dêr ien fan oan, wêrnei't York syn eigen mobile tillefoan ôfgiet. Dêrop jout York ta dat hy en trije oare âlde maten fan McCall, te witten: Resnik, Ari en Kovac, sels efter de moard-selsmoard yn Brussel en de moard op Susan sitte. Doe't harren team ôftanke waard troch it Amerikaanske regear binne se foar harsels begûn as hierlingen. Dat York letter oannommen waard by de DIA wie allinne mar moai meinommen, om't it harren in iepening nei klassifisearre ynformaasje fan 'e Amerikaanske oerheid joech. Susan moast dea om't se harren op in hier nei op it spoar kommen wie.
York besiket McCall derfan te oertsjûgjen dat der gjin goed en kwea bestiet, inkeld minsken dy't lok hawwe en minsken dy't pech hawwe. Hy nimt McCall mei nei bûten, dêr't Resnik, Ari en Kovac harren opwachtsje. McCall fertelt harren dat se in rare misse set begien binne troch in freondinne fan him te fermoardzjen. Hy seit harren oan dat er harren allegear deameitsje sil en dat syn iennichste spyt dêrby wêze sil dat er it mar ien kear dwaan kin. Dêrnei freget er York syn fan neat ôfwittende frou, dy't út 'e hûs kommen is om 'e beide famkes nei skoalle te bringen, om in lift nei it treinstassjon, en fan gefolgen hawwe de fjouwer mannen gjin oare kar as om him gean te litten.
Neitiid geane Resnik en Ari nei Susan har wente om har man Brian te likwidearjen, dy't se ek as in los eintsje beskôgje, mar McCall is harren foar en bringt Brian nei in ûnderdûkadres. York en Kovac kringe McCall syn eigen appartemint binnen, dêr't Miles op dat stuit de koken oan it fervjen is. McCall, dy't de ynbraak folgje kin fia webcams dy't er yn it appartemint ynstallearre hat, dirigearret de jonge oer de tillefoan nei in geheime keamer, eins mear in hokje, efter syn boekekast. As York de geheime romte ûntdekke liket te sillen, skillet McCall him op om him te fergjen en seit dat er foarearst net wer thús komt, mar dat York wol wit wêr't er him fine kin. York beseft dat McCall weromgiet nei syn âlde hûs oan see, en hy en Kovac jouwe har ôf. Miles, dy't klaustrofobysk is, komt fierstente gau út 'e geheime keamer te foarskyn en ûntdekt dan dat de beide mannen noch net echt fuortgien binne. Hy wurdt oermastere en finzen nommen.
York, Kovac, Resnik en Ari bejouwe har nei it baaiplak dêr't McCall oarspronklik wei komt. Omreden fan in neieroan kommende orkaan is de hiele befolking dêr evakuëarre. Wylst de stoarm oanboazet, meitsje de fjouwer hierlingen yn it ferlitten doarp jacht op McCall. Dy skeakelet lykwols Kovac, Ari en Resnik ien foar ien mei grou geweld út: Kovac mei in harpoengewear, Ari mei in pear messen, en Resnik troch yn 'e pleatslike bakkerij mei in stikmannich sekken wytmoal en in pear fentilators in stofeksploazje ta te rieden dy't Resnik sels ôfgean lit as er in ferdôvingsgranaat nei binnen smyt.
York, dy't him mei in skerpskuttersgewear op it dak fan in âlde fjoertoer weromlutsen hat, besiket McCall te twingen om foar 't ljocht te kommen troch him op te skiljen en te fertellen dat Miles yn 'e kofferbak fan syn auto sit. Mei it skerpskuttersgewear begjint er de auto ûnder fjoer te nimmen, wêrby't elts skot tichter by de kofferbak komt. Op it stuit dat er in kûgel troch de midden fan 'e kofferbak jeie sil, sjit McCall ynienen in efterbân fan 'e auto lek, sadat de kofferbak hommels in tal sintimeters omleech sakket. It skot fan York trochboarret dêrtroch ynstee it efterrút. McCall beklimt de toer en komt York oer it mad. Der folget in fjochtpartij wêrby't York in mês lûkt, dat McCall him lykwols ôfnimt om him mei te deadzjen. Dêrnei skopt er York syn lyk fan 'e toer ôf op 'e rotsen yn 'e djipte, dêr't it troch de wylde weagen fan 'e oerstjoere see fuortspield wurdt.
Neitiid befrijt McCall Miles út 'e kofferbak fan 'e auto, en wachtsje se de orkaan tegearre ôf yn McCall syn âlde wente. Werom yn Boston brûkt McCall de ynformaasje dy't Susan foar him opspoard hie oer it skilderij fan Rubinstein om 'e âldman ynstee fan mei it skilderij te werienjen mei syn deawaande suster Magda. Hja hie ek de Holokaust oerlibbe en ferkearde al dy jierren yn 'e ûnderstelling dat har broer omkommen wie. Miles skilderet op 'e muorre fan McCall syn appartemintekompleks in lânskip út Fatima har bertelân. McCall betrekt syn âlde hûs oan 'e kust wer, dêr't er útstoarret oer de no kalme see.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise Robert McCall Denzel Washington Dave York Pedro Pascal
byrollen personaazje akteur/aktrise Susan Plummer Melissa Leo Miles Whittaker Ashton Sanders Brian Plummer Bill Pullman Sam Rubinstein Orson Bean Resnik Jonathan Scarfe Ari Kazy Tauginas Kovac Garrett Golden Fatima Sakina Jaffrey Grace Braelick Tamara Hickey Grace har dochterke Rhys Cote Grace har Turkske eks-man Adam Karst
Produksje en distribúsje Produksje The Equalizer 2 waard regissearre troch Antoine Fuqua nei in senario fan Richard Wenk op basis fan 'e tillefyzjesearje The Equalizer, út 1985-1989. Sawol Fuqua as Wenk, en ek haadrolspiler Denzel Washington, hiene earder gearwurke oan 'e foargeande film The Equalizer, út 2014.