The Bridge on the River Kwai is in Amerikaansk-Britske histoaryske oarlochsfilm en anty-oarlochsfilm út 1957 ûnder rezjy fan David Lean, mei yn 'e haadrollen William Holden en Alec Guinness. De titel betsjut "De Brêge oer de Rivier de Kwai". De film waard basearre op 'e roman Le Pont de la Rivière Kwaï, fan 'e Frânske skriuwer Pierre Boulle. It ferhaal folget in kloft Amerikaanske en Britske kriichsfinzenen, dy't ûnder de Twadde Wrâldoarloch troch de Japanners ynset wurdt om in spoarbrêge oer de rivier de Kwai te bouwen. Hoewol't de film gebrûk makket fan 'e histoaryske setting fan 'e oanlis fan 'e Birmaspoarwei yn 1942 en 1943, binne it fierdere ferhaal en de personaazjes frijwol folslein fiktyf. The Bridge on the River Kwai krige doedestiden oerweldigjend positive resinsjes fan 'e filmkritisy, en wurdt noch altyd beskôge as ien fan 'e bêste films aller tiden. It wie de meast opbringende film fan 1957 en wûn sân Oscars, trije Golden Globes en fjouwer BAFTA's, wêrûnder de Oscar foar Bêste Film en de Golden Globe foar Bêste Dramafilm.
Plot Begjin 1943 wurdt in kloft Britske militêren, dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch kriichsfinzen nommen is troch de Japanners, nei in kamp yn Birma ta brocht. Harren befelfierder, kolonel Nicholson, lit syn manskippen ûnder it fluitsjen fan har rezjimintsliet yn marsoarder dêrhinne optsjen. De oankomst fan 'e Britten wurdt mei drûge humor merkslein troch Shears, in ofsier fan 'e Amerikaanske Marine dy't yn itselde kamp as kriichsfinzene troch de Japanners fêstholden wurdt. Hy keapet in skyldwacht om sadat er oerpleatst wurdt fan it begraffeniskontingint nei de sikeboech. Underwilens sprekt de Japanske kommandant fan it kriichsfinzenekamp, Saito, de krekt oankommen Britten ta. Hy makket harren dúdlik dat se allegear oan it wurk set wurde sille by de oanlis fan in spoarbrêge oer de rivier de Kwai, dy't ûnderdiel útmeitsje sil fan 'e Birmaspoarwei fan Bangkok nei Rangoon. Nicolson kantet him dêr fuortendaliks tsjin oan, mei't er derop wiist dat ûnder de regels fan 'e Konvinsje fan Sjenêve kriichsfinzen ofsieren frijsteld binne fan lichaamlike arbeid.
Neitiid bejout Nicholson him nei de sikeboech, dêr't er Jennings opsiket, ien fan syn mannen dy't ferwûne rekke wie. Majoar Clipton, de legerdokter dy't oer de sikeboech giet, bringt Nicholson yn 'e kunde mei "kaptein-luitenant-op-see" Shears. As Jennings in útstel docht foar in ûntsnapping, leit Nicholson dêrtsjin yn dat it befel ta oerjefte fan 'e legerlieding kaam, en dat in ûntsnapping dêrom oerhearrigens oan it befel fan in superieur wêze soe. Shears, dy't de naïviteit fan Nicholson suver net te leauwen fynt, oppenearret dat ûntsnapping de iennichste kâns is dy't de kriichsfinzenen ûnder de strieminne omstannichheden yn 'e Japanske kampen hawwe om te ûntkommen oan in deastraf troch twangarbeid.
De oare deis kundiget Saito op 'e nij oan dat alle kriichsfinzenen, de ofsieren ynbegrepen, oan 'e brêgebou wurkje sille. Dêrop hellet Nicholson in eksimplaar fan 'e Konvinsje fan Sjenêve foar it ljocht om derop te wizen dat soks ûnreglemintêr is, mar Saito skuort him it dokumint út 'e hannen, slacht him dermei om 'e kop en smyt it dan op 'e grûn del. De sljochtwei soldaten sette ûnder begelieding fan Japanske wachten ôf nei it plak dêr't de brêge komme moat. As Nicholson dan noch altyd wegeret en stean syn ofsieren ta om oan it wurk diel te nimmen, lit Saito in masinegewear opstelle en driget er harren allegear dea te sjitten. Clipton hastiget him út 'e sikeboech nei Saito ta om him te warskôgjen dat hy en syn pasjinten de hiele konfrontaasje sjoen hawwe en tsjûgen wêze sille fan in oarlochsmisdie as Saito syn drigemint trochset. Dêrop betinkt Saito him. Ynstee lit er Nicholson en syn ofsieren de hiele dei yn 'e gleone sinne stean. Neitiid lit er Nicholson yninoar slaan en opslute yn "de ûne", in primitive hutte dy't folslein makke is fan metaal op in plak dêr't er de hiele dei yn 'e sinne stiet. De oare Britske ofsieren ferdwine yn 'e saneamde 'strafhutte'.
De soldaten besykje Nicholson letter oan te fiterjen troch For He's a Jolly Good Fellow te sjongen. Wylst de oandacht fan 'e Japanners op 'e sjongende troepen fêstige is, pike Shears, Jennings en in trêde kriichsfinzene, Weaver, út en ûntsnappe nei it oerwâld om it kamp hinne. De Japanners krije harren al rillegau yn 'e rekken, en Jennings en Weaver wurde op 'e flecht deasketten. Neitiid wurdt Shears troch de Japanners efterfolge oant se him op in ferhef boppe de rivier yn it each krije en delsjitte. Hy falt omleech yn 'e rivier, en de Japanners nimme oan dat er omkommen is, mar Shears oerlibbet it en wit streamôf de igge te berikken. Ferwûne en koartsich wurdt er fûn troch de ynwenners fan in Siameesk doarpke, dêr't er ferpleegd wurdt oant er wer opbettere is. Neitiid set er wer lykme-allinne ôf yn in boatsje oant er de kust berikt. As syn drinkwetter oprekket, ferliest er it bewustwêzen wylst syn boatsje doelleas fierder driuwt. It wurdt opmurken troch in Britske fleanboat; sa wurdt Shears rêden en wit er úteinlik de Britske koloanje Britsk-Seylon (it hjoeddeistige Sry Lanka) te berikken.
Yn it kriichsfinzenekamp lit Saito Clipton by him bringe en befellet him om Nicholson oan it ferstân te bringen dat as er wegeret mei te wurkjen, de pasjinten út 'e sikeboech yn it plak fan 'e ofsieren oan it wurk set wurde sille. Nicholson hâldt lykwols fol dat er net oars kin as by syn wegering te bliuwen, mei't it in prinsipekwestje is. Dat set Saito wol yn 'e pine, want dyselde hat fan syn oerhearrigen noch mar twa moannen de tiid krigen om 'e spoarbrêge te bouwen. Frustrearre troch de stadige foarútgong beslút er om sels de lieding oer de bou op him te nimmen, mar as in diel fan 'e brêge ynstoart, jout er it oer. Hy lit Nicholson út 'e ûne helje en by him bringe, en leit him út dat er rituele selsmoard dwaan moatte sil as de brêge op 1 maaie net klear is. Dat makket net folle yndruk op Nicholson, dy't der fannijs op timmeret dat de Konvinsje fan Sjenêve neilibbe wurde moat. Saito lit him werombringe nei de ûne.
Dagen letter, as er foar it ferstân kriget dat er sa net fierder komt, makket de tsjin dy tiid wanhopige Saito gebrûk fan it jubileum fan 'e Japanske oerwinning op 'e Russen yn 'e Russysk-Japanske Oarloch fan 1905 om ûnder de kriichsfinzenen in algemiene amnesty ôf te kundigjen. De ferswakte Nicholson wurdt út 'e ûne helle en syn ofsieren wurde frijlitten út 'e strafhutte. En boppedat hoege de ofsieren net aktyf oan 'e brêgebou diel te nimmen. Wylst de kriichsfinzenen jûchheie om Nicholson syn oerwinning, sit Saito brutsen en gûlend yn syn kantoar.
Nicholson ynspektearret wat der oant no ta fan 'e brêge oanlein is, en is skokt om fêst te stellen wêr't de ûnkunde fan 'e Japanners en de sabotaazje fan 'e kriichsfinzenen ta laat hawwe. Hy freget ried oan kaptein Reeves, dy't foar de oarloch as yngenieur wurke hat. Dyselde seit dat de rivierboaiem op dizze lokaasje kleare drek is en slacht foar de brêge in ein streamôf te bouwen, dêr't de boaiem út solide rots bestiet. As majoar Hughes krityk hat op 'e ûnderlinge gearwurking fan 'e soldaten, kundiget Nicholson oan dat er it moreel fan syn troepen wer op peil bringe sil troch in foarbyldige spoarbrêge te bouwen, wêrby't it him alhiel liket te ûntkommen dat soks delkomt op kollaboraasje mei de fijân. Hy leit Saito in nij bouplan foar de brêge foar en suggerearret dat de Japanske soldaten har ûnderwilens nuttich meitsje kinne troch de eigentlike spoarline nei it nije plak fan 'e brêge te ferlizzen. Hoewol't er ynsjocht dat Nicholson syn posysje oan it oernimmen is, ferklearret Saito dat er dat befel al jûn hat. Neitiid rekket Nicholson obsedearre troch de brêge, dy't er sa sekuer bouwe wol dat er noch iuwenlang as monumint foar de fernimstigens fan it Britske Leger tsjinje kin. Hy begjint de brêge te sjen as syn eigen neilittenskip, en as er foar it ferstân kriget dat er de deadline net helje sil, set er net inkeld de ofsieren, mar ek de pasjinten út 'e sikeboech oan it wurk om mei te helpen by de bou.
Underwilens genietet Shears op Ceylon fan syn ferbliuw yn in militêr hospitaal, dêr't er opbetteret fan alle trochstiene ûntbearings. Dêr komt lykwols in ein oan as er besite kriget fan in majoar Warden, in springstofynstrukteur fan in deunby legere kommando-oplieding fan it Britske Leger. Dyselde freget Shears om lieding te jaan oan in kommandomisje efter de Japanske linys yn Birma, dy't de nije spoarbrêge oer de rivier de Kwai ferneatigje moat ear't dy foltôge wurde kin. Shears wurdt dêrfoar frege om't er dêromtrint bekend is. Hy fielt der lykwols neat foar en betanket foar de ear. Om út te sluten dat se him dochs de lieding fan 'e misje op 'e hûd skowe kinne, bychtet er op dat er him yn it kriichsfinzenekamp foardien hat as ofsier wylst er dat net wie, om't ofsieren troch de Japanners justjes better behannele wurde as sljochtwei soldaten en matroazen. Warden ynformearret him lykwols dat de Amerikaanske Marine al lang op 'e hichte is fan syn bedroch en him dêrom krekt foar dizze misje oan it Britske Leger útliend hat. Shears begrypt dan dat er der net foarwei kin. Hy nimt it befel oer de misje oan mei de legerrang fan majoar by de lânmacht, dy't net tafalligerwize ekwifalint is oan 'e rang fan kaptein-luitenant-op-see by de marine, dy't er himsels ta-eigene hie.
Shears jout him by in fjouwerkoppich team, dat fierders bestiet út Warden, Chapman en de jonge rekrút luitenant Joyce. Fjouweresom parasjutespringe se boppe Birma út in fleanmasine, wêrby't Chapman omkomt as er ûngelokkich mei in beam yn botsing komt. Shears, Warden en Joyce jouwe har by Yai, in lânseigen gids dy't de Japanners hatet, en fjouwer Siameeske fammen dy't as drager fungearje. Wylst se har tocht troch it oerwâld úteinsette, ûntfange se in radioberjocht út Seylon, wêryn't ferteld wurdt dat de nije spoarbrêge ynwiid wurde sil mei in spesjale trein fol mei Japanske troepen en pommeranten. De kommando's krije opdracht om 'e brêge op te blazen op it stuit dat dy trein deroer hinne giet. By in konfontaasje mei in Japanske patrûlje wurdt Warden yn it ankel sketten, wêrnei't er fierders meidroegen wurde moat. De kommando's berikke de brêge krekt as Nicholson der in plakette op befêstiget dy't yn oantinken bringt dat de brêge boud is troch soldaten fan it Britske Leger.
Dy jûns fiere de Britske kriichsfinzenen feest om 'e foltôging fan 'e brêge, wylst Saito risselwearret om seppuku te dwaan, mei't de Britten him ferslein hawwe. Underwilens litte Shears, Joyce en de draachsters harren op in flot op 'e rivier ôfsakje nei de brêge, dêr't se by de wetterline eksplosiven oanbringe. Joyce siket dekking mei it kastke mei de pomp fan 'e ûntstekking, wylst Shears de rivier oerswimt en oan 'e oare kant ôfwachtet. By moarnsdage komme de kommando's ta de ûnoangename ûntdekking dat it wetternivo yn 'e rivier sakke is, sadat de springstofladings en alle triedden no dúdlik te sjen binne. Nicholson marsjearret mei syn troepen nei de brêge ta foar de seremoanje fan it trochknippen fan it lint, mar legerdokter Clipton fertelt him dat er hjir part noch diel oan hawwe wol, en lûkt him tebek nei in deunby lein ferhef.