Jaws is in Amerikaanske horrorskrillerfilm út 1975 ûnder rezjy fan Steven Spielberg, mei yn 'e haadrollen Roy Schneider en Richard Dreyfuss. De titel betsjut "Kaken". It ferhaal giet oer it fiktive fakânsje-eilân Amity, yn Nij-Ingelân, dat terrorisearre wurdt troch in minskeslinende wite haai. De pleatslike plysjekommissaris Martin Brody giet der mei marine biolooch Matt Hooper en de beropsmjittige haaiejager Quint op út om mei it bist ôf te weven. De film waard basearre op 'e roman mei deselde namme, in bestseller út 1974 fan Peter Benchley. Jaws krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en woeks yn 'e bioskopen út ta in fenomenaal súkses. It wie de meast opbringende film aller tiden oant twa jier letter Star Wars útkaam. Jaws wûn trije Oscars, in Golden Globe, in Grammy Award en in BAFTA. De film foarme de trochbraak fan Steven Spielberg as regisseur en fan John Williams as filmkomponist. Tsjintwurdich wurdt Jaws sjoen as in wiere filmklassiker, dy't yn 2001 opnommen waard yn it Nasjonaal Film Register. De film hie in grutte en duorjende ynfloed op oare films, de Amerikaanske filmyndustry en it byld dat in protte minsken hawwe fan haaien. It súkses fan Jaws late ta it ûntstean fan in mediafranchise mei deselde namme, dy't û.o. bestiet út trije almar as minder beoardiele ferfolchfilms. Oer it negative effekt fan Jaws op 'e haaiepopulaasje spriek Spielberg letter syn grutte en duorjende spyt út.
Plot Op in jûn oan it begjin fan 'e simmer hâlde fakânsjefierende studinten in strânfeest op it strân fan it toeristyske Amerikaanske eilân Amity, foar de kust fan Nij-Ingelân. Yn it skimertsjuster giet in famke, Chrissy Watkins, neaken te swimmen yn see by wize fan ferlieding fan in jonge. Dyselde, Cassidy, is lykwols te dronken om har it hiele ein troch de dunen te folgjen, en falt heal ûntklaaid op it strân yn 'e sûs. Underwilens wachtet Chrissy al wettertraapjend omdôch op him, oant se ynienen op gewelddiedige wize kopke-ûnder skuord wurdt. Se komt noch in pear kear boppe, mar har gjalpen kringe net ta Cassidy troch, en úteinlik wurdt se foargoed ûnder it wetter wei. De oare deis, nei't Cassidy har as fermist opjûn hat by de pleatslike plysje, wurdt har stoflik omskot fierderop op it strân oantroffen, of alteast wat der noch fan oer is.
As de patolooch-anatoom fêststelt dat it om in oanfal fan in mânske haai giet, risselwearret Martin Brody, de plysjekommissaris fan Amity, om 'e strannen fan it eilân ôf te setten om foar te kommen dat der mear slachtoffers falle. Boargemaster Larry Vaughn sit lykwols mear yn noed oer wat it foar de pleatslike ekonomy betsjutte soe as bekend wurdt dat Amity teheistere wurdt troch in minskeslinende haai. Hy wurdt yn dy opfetting stipe troch de gemeenteried en pleatslike ûndernimmers dy't it hawwe moatte fan 'e toeristen dy't by 't simmer op it eilân gearkloftsje. Vaughn wiist derop dat it eilân noch nea earder swierrichheden mei haaien hân hat. De patolooch-anatoom komt, dúdlik ûnder druk fan Vaughn-en-dy, werom op syn eardere fêststelling fan 'e deadsoarsaak, en hâldt no út dat Chrissy Watkins fermeald wêze moat troch de skroef fan in passearjend skip. Brody komt sels út New York; hy wennet noch gjin jier op Amity en wit frijwol neat fan 'e see ôf, dat hy leit him by Vaughn syn ideeën del, sij it mei in beskate tsjinnichheid.
De oare deis giet Brody, dy't him noch altyd net botte noflik oer de hiele kwestje fielt, nei it strân mei syn frou Ellen en harren jonge soannen Michael en Sean. Tsientallen lju bejouwe har dêr yn 'e brâning oant Alex Kintner, in jonkje fan in jier as tsien dat op in luchtbêd omdriuwkelet, ynienen ûnder wetter skuord en ferslynd wurdt. Alle swimmers flechtsje yn panyk it wetter út en it lek biten en swier beblette luchtbêd spielt oan op it strân wylst kommissaris Brody helpeleas tasjocht.
Frou Kintner, de mem fan it jonkje, lovet neitiid in priis fan $3.000 út oan 'e persoan dy't de haai deadet dy't har soan ferslynd hat. By in gearkomste fan 'e gemeenteried dêr't Brody ek oanwêzich is, besykje boargemaster Vaughn en de pleatslike horeka-ûndernimmers de oanwaaksende eangst by de oare oanwêzigen de kop yn te drukken. It slagget Brody om 'e strannen ticht te krijen, mar inkeld foar 24 oeren. De gearkomste wurdt ûnderbrutsen as Quint, in pleatslike beropsmjittige haaiejager, it wurd nimt. Hy biedt oan om efter de minskesliner oan te gean, mar net foar in skiterige $3.000. Hy wol $10.000 plus ûnkosten hawwe. Vaughn seit ta dat er it oanbod yn omtinken nimme sil.
De beleanning fan $3.000 lûkt alderhanne hampelmannen nei it eilân ta, dy't op 'e meast ûnberette wize op 'haaiejacht' geane. Guon ferdrinke suver al foar't se de haven út binne, en Brody en syn iennichste ûnderhearrige, plysjeman Hendricks, hawwe der hiel wat mei te stellen. Underwilens arrivearret ek Matt Hooper op it eilân, in marine biolooch ferbûn oan in oseänografysk ynstitút, dy't Brody frege hie del te kommen nei de earste oanfal. Hooper freget om it stoflik omskot fan Chrissy Watkins te sjen, en stelt fuortendaliks fêst dat se omkommen is troch de oanfal fan in haai, en boppedat in ûngewoan gruttenien. As guon fan 'e haaiejagers weromkomme mei in mânske tigerhaai, ferklearret boargemaster Vaughn fuortendaliks dat mei de minskesliner ôfweefd is. Hooper, dy't sterk twifelet oft de bytradius fan 'e tigerhaai wol oerienkomt mei de biten yn it lyk fan Chrissy Watkins, wol de mage fan 'e haai iepensnije om te sjen oft dêr minsklike resten yn sitte, mar dêr leit Vaughn it near op. Underwilens slacht frou Kintner kommissaris Brody yn it iepenbier yn it gesicht om't se ûntdutsen hat dat har soan net it earste slachtoffer wie. Mei't Brody de strannen nei de earste oanfal net ôfset hat, hâldt se him ferantwurdlik foar de dea fan har jonge. Nei de konfrontaasje flústeret Vaughn Brody yn it ear dat se mis is, mar Brody jout har gelyk.
Let dy jûns glûpe Brody en Hooper nei de tigerhaai ta, dy't se iepensnije. Se fine yn 'e mage gjin minsklike resten, wat bewiist dat it bist net de minskesliner is. Sadwaande sette se op it mei de nijste technologyske snufkes tariste jacht fan Hooper de see op yn it gebiet tusken it plak dêr't Chrissy Watkins omkaam en it strân dêr't Alex Kintner ferslynd waard. Se treffe dêr in heal sonken boat oan. Hooper giet mei dûkerstaris it wetter yn om 'e saak te hifkjen en fynt yn 'e romp fan 'e boat in grut gat dêr't noch in reuseftige haaietosk yn it hout stykjen bleaun is. Dêroan kin er sjen dat de minskesliner eins in reuseftige wite haai wêze moat. Hooper ferliest de tosk lykwols trochdat er de skrik fan syn libben kriget as ynienen it lyk fan fiskerman Ben Gardner it skynsel fan syn bûslampe binnen driuwt.
De oare deis prate Brody en Hooper tegearre op boargemaster Vaughn yn om him te bewegen de strannen ticht te dwaan. It slagget harren lykwols net om him fan harren ûntdekkings te oertsjûgjen. It wykein fan 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsdei komt deroan, wannear't der it measte fertsjinne wurde kin fan it hiele jier, en it soe neffens Vaughn pas in ramp wêze as dy ynkomsten foar Amity ferlern giene. Sadwaande giet er allinne mar akkoart mei it ynstellen fan feilichheidsmaatregels, lykas de ynset fan in helikopter en boaten mei bewapene wachters in pear hûndert meter de see op, en útkyktuorren op it strân.
Mei Unôfhinklikheidsdei lizze de strannen op Amity grôtfol en withoefolle lju weagje har yn see. Der brekt panyk út as in grutte rêchfin op 'e swimmers takomt, mar it blykt in flauwe grap mei in stik karton te wêzen fan in pear opslûpen jonges. Fuort letter swimt de echte haai in tijmûning njonken it strân binnen, dêr't Brody syn soan Michael en dy syn freonen oan it silen binne om't Brody harren net de iepen see opgean litte wol. In man yn in roeiboatsje wurdt troch de haai yn it wetter stompt en foar de eagen fan Michael opfretten, mei as gefolch dat de jonge yn shock rekket. De haai ferdwynt dêrnei like fluch en ûnfersteurber as er kommen is. Vaughn, dy't syn eigen bern ek meinommen hie nei it strân, is der neitiid raar oan ta. Brody makket fan 'e gelegenheid gebrûk troch him in offisjeel dokumint ûndertekenje te litten dat Brody tastiet út namme fan 'e gemeente de haaiejager Quint yn te hieren.
De oare deis sette Brody, Hooper en Quint ôf de see op yn Quint syn houten fiskersboat de Orca, mei de bedoeling om foar iens en foar altyd mei de minskeslinende wite haai ôf te weven. Wylst Brody besiket de haai oan te lûken troch chum (rotsjende fiskeresten) oerboard te skeppen, risselwearret Quint om 'e haai oan in swiere angel oan 'e heak te slaan. Dat bart ek, mar ear't er him ophelje kin, wurdt de line trochbiten. Op in stuit dûkt de haai sûnder warskôging oan 'e efterstjûne fan 'e boat op. Quint rûst dat er 7.60 m lang is en 3 ton weagje moat. Hy sjit it bist mei in harpoen út in harpoeneargewear, dêr't in tou oan fêst sit dat ferbûn is oan in driuwtûne. De haai lûkt de mei lucht folde tûne lykwols ûnder wetter en wurdt wer wei.
As it nacht wurdt, fine de earder sûnder ophâlden kreauwende Quint en Hooper inoar yn ferhalen oer harren respektivelike groeden. Dat giet mank mei in protte ynnimmen fan alkohol. As Brody Quint nei in groede freget dy't er oerslein hat, fertelt de haaiejager dat er yn 'e Twadde Wrâldoarloch by de Amerikaanske Marine tsjinne hat op 'e swiere kruser de USS Indianapolis. Dat wie it skip dat de atoombom ôflevere op it eilân Tinian, dêr't dy wei nei Japan flein waard om op Hiroshima smiten te wurden. Op 'e weromweis waard it skip torpedearre troch in Japanske ûnderseeër. Fan 'e bemanning rekken 1.100 man yn see, dêr't se de folgjende dagen allegeduerigen bleatstiene oan oanfallen troch haaien, oant fiif dagen letter mar 316 man út it wetter helle waarden.* *) Yn it echt rekken der 900 man fan 'e bemanning fan 'e USS Indianapolis te wetter. Dêrfan waarden yndie mar 316 rêden, mar de measte slachtoffers kamen om fan útputting, sâltfergiftiging en útdrûging. Harren liken waarden foar in grut part troch de haaien ferslynd, mar it tal matroazen dat libben troch de haaien ferskuord waard, wurdt, oars as dat Jaws suggerearret, rûsd op 25 oant 150.
Yn 'e nacht komt de driuwtûne ynienen deunby de Orca wer boppe wetter. De haai raamt de boat en de motor rekket skansearre as er mei seewetter oerspield wurdt. Quint en Hooper wurkje de hiele nacht troch om 'e motor wer oan 'e praat te krijen en it roer te reparearjen. Moarnsier, as de haai wer opdûkt, besiket Quint it tou fan 'e driuwtûne oan 'e efterstjûne fan 'e boat fêst te meitsjen, mar de haai byt it tou fuortby syn hannen troch. Brody besiket de Amerikaanske Kustwacht op te roppen om help te krijen, mar Quint, dy't obsedearre rekke is troch de haai, slacht de radiostjoerder oan gruzeleminten. Hy harpoenearret de haai op 'e nij, sadat it bist wer oan in driuwtûne fêstsit, en nei in lange efterfolging slagget dat him jitris, sadat de haai dan twa driuwtûnen meisleept. Mei't it bist no de Orca liket te efterfolgjen, set Quint koers nei de kust fan Amity, om it bist nei ûndjipper wetter te lokjen. Dêrby jout er tsjin 'e goerie fan Hooper yn sa'n gas dat er úteinlik de motor alhiel opblaast.
As de haai om 'e boat hinne begjint te rûntsjedraaien, meitsje Quint en Brody de touwen fan 'e beide driuwtûnen fêst oan klampen op 'e efterstjûne. Mar de haai is sa sterk dat er de Orca efterút begjint te slepen, mei as gefolch dat de efterstjûne derûnder driget te strûpen. Quint risselwearret dan om 'e touwen troch te houwen, mei in kapmês, mar ear't er dat dwaan kin, komme de klampen los fan 'e efterstjûne. Quint sjit in trêde harpoen mei in driuwtûne oan in tou yn 'e haai. Hy is der wis fan dat trije driuwtûnen is bist oan it wetteroerflak hâlde sille. Mar de haai skuort de trije driuwtûnen mei ûnder wetter en ferdwynt wer.