Smells Like Teen Spirit is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Nirvana yn 1991 en útbrocht op it twadde album fan Nirvana Nevermind út itselde jier. Smells Like Teen Spirit is it earste nûmer op it album en waard op 10 septimber útbrocht as earste single fan it twadde album.

Oer it nûmer Smells Like Teen Spirit waard skreaun troch alle trije de bandleden. Muzikaal sjoen hat it nûmer in soad ynfloeden út de punkmuzyk. Dizze hurde passaazjes op sawol drums as basgitaar wurde ôfwiksele mei rêstige dielen, wêrby't benammen de gitaar weromfalt op in minimaal tsjinjende rol. Dit is in typysk foarbyld fan Grunge.

Oer de fideoklip Yn de fideoklip sjogge je de band by in skoalkonsert middenmank in tal typysk Amerikaanske cheerleaders en in útsinnich teenerpublyk it liet spyljen en úteinlik de hiele set slope. Cobain liet him foar de sfear fan de fideo ynspirearje troch de film Rock 'n' Roll High School út 1979 mei de Ramones. Hoe't de fideo makke waard, is te sjen op de dvd Nevermind.

Muzikanten Kurt Cobain – Sang & Gitaar Krist Novoselic – Bas Dave Grohl – Drums

Kategory:Liet fan Nirvana Kategory:Ingelsktalich liet Kategory:Single út 1991 Kategory:Grungeliet