Come as You Are is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Nirvana yn 1991 en útbrocht op it twadde album fan Nirvana Nevermind út itselde jier. Come as You Are is it tredde nûmer op it album en waard op 2 maart 1992 útbrocht as twadde single fan it twadde album.

Oer it nûmer Come as You Are waard skreaun troch Kurt Cobain. Nei it útkommen fan de single yn 1992 waard Nirvana troch de Britske punkband Killing Joke foar de rjochter sleept, om't sy fûnen dat Come as You Are in kopy fan harren nûmer Eighties út 1984 fan it album Night Time wie.

Oer de fideoklip De fideoklip waard regissearre troch Kevin Kerslake, dy't letter mear fideo's foar Nirvana regissearre, mar ek Pantera's fideo foar "This Love" makke. Nirvana keas foar regisseur Kerslake fanwegen syn ympresjonistyske styl. Yn de fideoklip wurde bylden fan de band en ferwizingen nei de albumomslach fan Nevermind en fallend wetter mei-inoar mjukse.

Muzikanten Kurt Cobain – Sang & Gitaar Krist Novoselic – Bas Dave Grohl – Drums

Kategory:Liet fan Nirvana Kategory:Ingelsktalich liet Kategory:Single út 1992 Kategory:Grungeliet