David Eric (Dave) Grohl (Warren, Ohio, 14 jannewaris 1969) is in Amerikaansk sjonger, gitarist en drummer. Hy waard bekend as drummer fan Nirvana en sjonger en gitarist fan de Foo Fighters.

Karriêre It iere begjin thumb|left|200px|Dave Grohl yn 1989 Dave Grohl begûn as 12 jierrige mei gitaarspyljen. Yn syn tiid op de midelbere skoalle, spile Grohl al yn ferskate bandsjes. As by ien fan dy bands, Freak Baby, de bassist der út set waard en de oerbleaune bandleden fan plak wikselje, stapt Dave oer fan gitaar nei drums. En de bandnamme wurd feroare yn Mission Impossible. As Grohl 17 is wurdt er drummer fan de band Scream. Mei dy band nimt er twa studio-albums op. Neidat dy band noch foar it al opnommen album Fumble útbrocht wurd, der mei ophâld, wurd Grohl frege om drummer te wurden by de Grungeband Nirvana. It Scream album Fumble wurd úteinlik pas yn 1993 útbrocht.

Nirvana Grohl wurdt yn 1990 de drummer fan Nirvana dy't it jier dêrfoar syn debútalbum útbrocht hat. Mei Nirvana begjint er yn de maitiid fan 1991 oan de opnamen fan it album Nevermind. It album Nevermind kaam yn de hjerst fan datselde jier út. It album soarge foar bekendheid by it grutte publyk en de single Smells Like Teen Spirit waard de earste grutte wrâldwide hit fan Nirvana. Yn dyselde tiid wie Dave Grohl dwaande mei it opnimmen fan syn earste solo-album. Dat er yn 1992 útbrocht ûnder de skûlnamme Late!.

Begjin 1993 nimt er mei Nirvana it tredde album In Utero op, dy't yn de hjerst fan dat jier útbrocht wurdt. Mar dêrnei giet it mis mei sjonger Cobain. Yn maart by de wrâldtoernee foar In Utero rekket Cobain út 'e tiid troch in kombinaasje fan alkohol en medisinen tsjin sliepleazens. In dei letter komt er wer by, it toernee wurdt ôfsein en Cobain fleant werom nei Amerika. Begjin april wurdt Cobain troch syn famylje as fermist opjûn, en nei in pear dagen wurdt er dea yn syn hûs yn Seattle fûn, dêr't er himsels te koart dien hat. It hommelse ein fan Nirvana wie foar Grohl in grutte klap. Om it better ferwurkje te kinnen, rjochte er him op in nij projekt: Foo Fighters.

Foo Fighters thumb|right|180px|Grohl yn 2015 op syn sels ûntwurpen stoel nei't er syn skonk brútsen hie Yn 1994 wurke Grohl selsstannich oan in demo, wêrby't er alle basis-, gitaar-en drumpartijen foar syn rekken naam. Yn 1995 waard it album frijwol ûnferoare útbrocht ûnder de namme Foo Fighters. Hy woe sels net dat syn namme op de demo kaam. Yn de moannen dêrnei foarme er Foo Fighters: fan in projekt ta in echte band. It twadde album, The Colour and the Shape, ferskynde yn 1997 en befette singles as Everlong, My Hero en Monkey Wrench. Yn datselde jier ferlieten de gitarist en de drummer de band, en krige de band mei it tafoegjen fan drummer Taylor Hawkins en gitarist Chris Shiflett in lange besetting.

Yn 2015 bruts Dave Grohl syn skonk by in optreden yn Goateboarch, mar hie bleau gewoan troch sjongen en makke it nûmer sa goed as noch mooglik ôf. It like ynearsten der op dat de rest fan it toernee ôfblaast wurde moast, mar de skea bleau beheind ta in oantal shows, en foar it restearjende part fan it toernee ûntwurp Grohl in stoel sadat er it toernee sittend ôfmeitsje koe. ad.nl 12-06-2015 'Dave Grohl breekt been tijdens concert' parool.nl 6-11-2015 Rockband van formaat Foo Fighters maakt verwachtingen helemaal waar (****). Letter liende Grohl de stoel út oan Axl Rose fan Guns N' Roses en Darin Wall fan Greyhawk nei't hja blessearre rekke wiene oan harren skonken. arrowbluesrock.nl guitarworld.com 29 septimber 2021 Dave Grohl lends his throne to Greyhawk bassist Darin Wall, who stopped a mass shooting

Yn 2019 waard it tsiende album fan de Foo Fighters oankundige, mar it album dat yn 2020 ferskine soe waard in jier útsteld fanwegen de koroanapandemy. It album waard úteinlik op 5 febrewaris 2021 útbrocht, dochs koe Grohl spitigernôch doe noch net op toernee. Underwilens wurke Grohl en syn bandmaten oan in horror-komeedzje Film Studio 666 en in metal album ûnder de namme Dream Widow. arrowlordsofmetal.nl 22-3-2022 DAVE GROHL's new DREAM WIDOW metal album gets release date dy't yn 2022 útbrocht waard.

Yn maart 2022, wylst de band yn Kolombia foar in toernee wie, die drummer Taylor Hawkins himsels te koart, krekt foar in optreden yn Bogota. 3voor12.vpro.nl 26-3-2022 Foo Fighters drummer Taylor Hawkins overleden De rest fan it toernee waard ôfsein. Yn plak dêrfan kamen der yn septimber twa optredens ta neitins oan de drummer, de earste yn Londen en de twadde yn Los Angeles.kink.nl juny 2022 Foo Fighters kondigt Taylor Hawkins tribute concert aannos.nl 4-9-2022 Emotioneel eerbetoon overleden drummer Foo Fighters in uitverkocht Wembley Begjin oktober kûndige Grohl oan it efkes wat rêstiger oan te dwaan om it ferlies fan Hawkins te ferwurkjen. demorgen.be 3-10-2022 Dave Grohl: "Foo Fighters niet uit elkaar, enkel pauze"

Oar wurk thumb|right|180px|Grohl yn 2005 op efter it drumstel foar Them Crooked Vultures Njonken Foo Fighters hat Dave Grohl sûnt Nirvana oan in tal oare projekten en bands meiwurke. Sa wurke er yn 2001 mei oan it album Tenacious D fan de band mei deselde namme fan komyk Jack Black. Yn 2002 wie er de drummer fan Queens of the Stone Age en kaam er yn 2001 mei de metalband Probot. De band hat oant 2004 bestien en hat ien studio-album útbrocht.Metal Archives Probot Fierder hat er ûnder oare meispile op nûmers fan Nine Inch Nails, Lemmy Kilmister, Slash en The Prodigy.

Priveelibben Dave Grohl waard berne yn Warren, Ohio, de Feriene Steaten, as de twadde yn in gesin fan twa. Syn mem wie dosint en syn heit wurke as sjoernalist. Doe't Dave 7-jier âld wie giene syn âlden byïnoar wei. Grohl groeide benammen by syn mem op. Yn 1994 boaske Grohl mei fotografe Jennifer Leigh Youngblood, mar it pear gie yn 1997 byïnoar wei. Yn 2003 boaske Grohl mei Jordyn Blum. Mei har hat Dave Grohl trije bêrn.

Diskografy thumb|right|180px|Dave Grohl yn 2014 Albums Album Utbrocht op Band Single(s) No More Censorshipaugustus 1988ScreamFumblejuly 1993Nevermind24 septimber 1991NirvanaSmells Like Teen Spirit,Come as You Are,Lithium,In BloomPocketwatch1992Late!In Utero21 septimber 1993NirvanaHeart-Shaped Box,All Apologies,Pennyroyal TeaFoo Fighters4 july 1995Foo FightersExhausted,This Is a Call,I'll Stick Around,For All the Cows,Big MeThe Colour and the Shape20 maaie 1997Monkey Wrench,Everlong,My HeroThere Is Nothing Left to Lose2 novimber 1999Learn to Fly,Stacked Actors,Generator,Breakout,Next YearSongs for the Deaf27 augustus 2002Queens of the Stone AgeNo One Knows,Go with the Flow,First It GivethOne by One22 oktober 2002Foo FightersAll My Life,Times Like These,Low,Have It AllProbot10 febrewaris 2004ProbotCenturies of SinIn Your Honor14 juny 2005Foo FightersBest of You,DOA,Resolve,No Way Back/Cold Day in the SunEchoes, Silence, Patience & Grace25 septimber 2007The Pretender,Long Road to Ruin,Cheer Up, Boys (Your Make Up Is Running),Let It DieThem Crooked Vultures16 novimber 2009Them Crooked VulturesNew Fang,Mind Eraser, No Chaser,Dead End FriendsWasting Light12 april 2011Foo FightersRope,White Limo,Walk,Arlandria,These Days,Bridge BurningSonic Highways10 novimber 2014Something from Nothing,The Feast and the Famine,Congregation,What Did I Do? / God as My Witness,OutsideConcrete and Gold15 septimber 2017Run,The Sky Is a Neighborhood,The LineMedicine at Midnight5 febrewaris 2021Shame Shame,No Son of Mine,Waiting on a War,Making a Fire,Love Dies YoungDream Widow25 maart 2022Dream WidowDream WidowBut Here We Are2 juny 2023Foo FightersRescued,Under You,Show Me How,The Teacher

As gastmuzikant Nûmer(s) Album Utbrocht yn Mei band Goodbye LamentIommi2000IommiBad BoyfriendBleed Like Me2005GarbageAll the Love in the World,You Know What You Are?,The Collector,Every Day Is Exactly the Same,Getting Smaller,Sunspots,The Line Begins to BlurWith TeethNine Inch NailsFor UsNightcrawler2006Pete YornUndertow,Black Regrets,Lifeboat,Trigger Happy,White Flag Burning,Stitching,Like a BombHarmony and Dissidence2008Jackson UnitedRun Rudolph RunWe Wish You a Metal Xmasand a Headbanging New YearLemmy KilmisterRun with the Wolves,Stand UpInvaders Must Die2009The ProdigyWatch ThisSlash2010SlashDog FoodDog FoodMondo GeneratorIf You Have Ghosts,I'm a Marionette,Waiting for the NightIf You Have Ghost2013GhostLet It Rain,Day for the DeadThe Grohl Sessions, Vol. 1Zac Brown BandVesselClub Meds2015Dan Mangan + BlacksmithThe Idea of YouNot the Actual Events2016Nine Inch NailsHoneyIf I Can't Have Love, I Want Power2021HalseyEverything's ElectricC'mon You Know2022Liam Gallagher

Kategory:Nirvana Kategory:Foo Fighters Kategory:Amerikaansk gitarist Kategory:Amerikaansk sjonger Kategory:Amerikaansk drummer Kategory:Amerikaansk grunge-artyst Kategory:Amerikaansk hardrockartyst Kategory:Amerikaansk metalartyst Kategory:Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Iersk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Slowaaksk komôf Kategory:Persoan berne yn 1969