Nevermind (útspraak: /ˈnɛvəˌmaɪnd/) is it twadde studio-album fan Nirvana. It album waard opnommen yn de maitiid fan 1991 yn de Sound City yn Los Angeles en de Smart studio's, yn Madison en yn de hjerst fan datselde jier op 24 septimber útbrocht. De singles fan Nevermind binne klassikers wurden, it album soarge foar bekendheid by it grutte publyk.

Albumomslach De poppe dy 't neaken op de omslach te sjen is, is Spencer Elden. Hy waard samar keazen. As beleanning seinen Kurt en Courtney Love ta letter ris mei him nei in restaurant te gean (itjinge nea barde, om 't Kurt Cobain himsels yn 1994 te koart die). Op de omslach is er fjouwer moannen âld. De fiskheak mei it dollarbiljet waard letter digitaal tafoege. It byld symbolisearret de teloargong fan de ûnskuld fan de jongerein.

De âlden fan Elden krigen 200 dollar foar de foto. Yn 2007 sei Elden dat er him skamme foar de foto dêr 't er neaken op te sjen is. Neffens eigen sizzen fielt er him de grutste pornostjer fan de wrâld, om't de cd oer de hiele wrâld ferkocht is. Lykwols, yn 2016 ferklearret er der frede mei te hawwen en hat sels in "25 jier letter"- foto meitsje litten.

Mar yn augustus 2021 klage Elden de band oan, omdat er it gebrûk fan syn foto op de omslach no "berneporno" en "seksuele útrûpeling" fynt. Ek soe him tasein wêze dat syn geslachtsdiel mei in stikker bedutsen wurde soe. Hy easke in skeafergoeding fan 150.000 Amerikaanske dollar. Syn rjochtsaak waard yn jannewaris 2022 ôfwiisd. Elden hat de saak mei in oar formulearre eask op 'e nij oanspand. trouw 4-1-2022 Rechter wijst zaak Nevermind-baby tegen Nirvana af ad.nl 13-1-2022 Nirvana-soap gaat door: ‘baby’ op albumhoes Nevermind opnieuw naar rechter

Ferburgen nûmer De earste fyftichtûzen eksimplaren fan dit album stoppe nei it nûmer Something In The Way. Alle oare eksimplaren befetsje nei dat nûmer in stilte fan tsien minuten folge troch in ferburgen nûmer: Endless, Nameless. It is in soarte fan jamsesje dy't ûntstie nei't in opname fan Lithium, net alhiel goed gie.

Spyllist nû. titel skriuwers doer1.Smells Like Teen SpiritKurt Cobain,Krist Novoselic,Dave Grohl5:012.In BloomCobain4:143.Come as You AreCobain3:394.BreedCobain3:035.LithiumCobain4:176.PollyCobain2:577.Territorial PissingsCobain,Chet Powers2:228.Drain YouCobain3:439.Lounge ActCobain2:3610.Stay AwayCobain3:3211.On a PlainCobain3:1612.Something in the WayCobain3:52 Endless, Nameless(ferburgen nûmer op lettere cd útjeften)Cobain,Novoselic,Grohl6:43

Singles titel skriuwers doer utbrochtSmells Like Teen SpiritKurt Cobain,Krist Novoselic,Dave Grohl5:0110 septimber 1991Come as You AreCobain3:392 maart 1992LithiumCobain4:1713 july 1992In BloomCobain4:1430 novimber 1992

Muzikanten Kurt Cobain – Sang & Gitaar Krist Novoselic – Bas Dave Grohl – Drums & Eftergrûnsang

Gastmuzikanten Chad Channing – bekken Kirk Canning – sello

Kategory:Album fan Nirvana Kategory:Album út 1991 Kategory:Ingelsktalich album Kategory:Grunge-album