Oer de earste biskoppen fan it Prinsbisdom Utert bestiet net folle wissichheid. Willibrord hie syn sit yn Utert as aartsbiskop fan de Friezen, mar in organisearre bisdom Utert skynt pas sûnt Alfrik I (± 776) bestien te hawwen. Yn 795 waard it bisdom Utert suffragaanbisdom fan it aartsbisdom Keulen, en dêrmei wie de tsjerklike yndieling fan de Noardlike Nederlannen foar iuwen fêstlein.

It bisdom Utert De Stift Sûnt de 8e iuw krigen de biskoppen fan Utert hieltyd mear wrâldske macht trochdat hja gebieten yn lien krigen fan de Dútske keizer. Yn 1024 krige Adelbold II de greeflike rjochten oer Drinte, wêrtroch't de biskoppen foarsten waarden binnen it Hillige Roomske Ryk. Harren wrâldske gebiet, de Stift Utert, foel úteinlik rûchwei gear mei de hjoeddeiske provinsjes Utert, Oerstift (Oerisel) en Drinte.

Fan 1423 oant 1448 die him it Utertske Skisma foar, wêrtroch't der feitlik twa biskoppen tagelyk wienen. Yn 1528 waard it bisdom sekularisearre, doe't biskop Hindrik II fan Beieren de wrâldske macht ôfstean moast oan Karel V. Dit betsjutte de ein fan de Stift.

Herfoarmings By de tsjerklike herfoarming fan 1559 waard Utert ta aartsbisdom ferheft. Dit Aartsbisdom Utert hie doe as suffragaanbisdommen de bisdommen Dimter, Haarlim, Ljouwert, Grins en Middelburch. Nei de dea fan aartsbiskop Frederik Schenck van Toutenburch yn 1580 en it ferbod op útoefening fan it katolike leauwen, stelden de Spanjerts al noch twa kear in nije aartsbiskop oan, mar dy libben yn ballingskip. Nei 1602 waard it gebiet fan it aartsbisdom Utert bestjoerd troch in apostolysk fikaris as haad fan de Hollânske Sinding; dizze waard meastal ek ta aartbiskop in partibus infidelium beneamd.

Twa aartbiskoppen Sûnt it Ald-katolike skisma fan 1723 hat Utert in Ald-katolike aartsbiskop. Der waard sûnt dat jier gjin apostolysk fikaris mear beneamd; as ficesuperior fan de Hollânske sinding waard de nuntius yn Brussel oansteld, sûnt 1829 de internuntius yn De Haach. Yn 1853 kaam it werstel fan de biskoplike hiërargy yn Nederlân. Sûnt dy tiid is Utert sit fan de roomsk-katolike aartsbiskop (metropolyt) fan de Nederlânske tsjerkeprovinsje. Utert is dêrmei it sit fan twa aartsbiskoppen, fan twa katolike tsjerken.

Katedraal Oer de earste Utertske tsjerkjes dy't as katedraal tsjinst dienen bestiet net folle wissichheid. Fan de 10e iuw oant de Herfoarming hienen de Utertske biskoppen sit yn de Dom, dy't wijd wie oan Sint-Maarten. De hjoeddeiske roomsk-katolike aartsbiskop hat syn sit yn de Sint-Katarinakatedraal, de Ald-katolike aartsbiskop yn de Sint-Gertrudiskatedraal.

Machthawwers Biskoppen NammePerioadeOpmerkingsWillibrord695 - 739Hillige. Aartsbiskop fan de Friezen mei in sit yn Utert.Bonifatius739 - 754Heilige. Aartsbisschop fan de East-Franken. Lieder fan de Utertske tsjerke. Dea dien.Wera739? - 752Unwis. Nei alle gedachten naam er as wijbiskop de lieding fan de Utertske tsjerke waarEoban753 - 754Unwis. Nei alle gedachten naam er as wijbiskop de lieding fan de Utertske tsjerke waar.Gregoarius754 - 776Hillige. Lieder fan de Utertske tsjerke, mar gjin biskop.Alfrik Isa. 776 - 784Hillige. Ek wol Alberik neamd.Diederd± 784 - ±790Hamakar± 790 - 806Rikfried806 - 815/816Freark I815/816 - 835/837Hillige. Fermoarde.Alfrik II838 - 844Ek wol Alberik neamd.Einhard± 845Liudgersa. 848 - ± 854Hunger± 854 - 866Hillige. Untflechte UtertAlfried± 866 - 867/879Regearre yn ballingskip.Adelbold I867/879 - 898Ek wol Odilbald neamd. Regearre yn ballingskip.Egilbert899Ek wol neamd Engelbert of Egibold. Regearre yn ballingskip.Redbad899 - 917Hillige. Regearre yn ballingskip.Balderik918 - 975Kaam werom nei Utert.Folkmar976 - 990Ek neamd Poppo.Boudewyn I990 - 995Ansfried995 - 1010Hillige.Adelbold II1010 - 1026Krige as earste biskop greeflike rjochten.Bernold1027 - 1054Hillige.Willem I1054 - 1076Koenraad1076 - 1099Fermoarde.Burchard1100 - 1112Godebald1114 - 1127Andries fan Kuik1128 - 1139Hartbert fan Bierum1139 - 1150Herman fan Horne1150 - 1156Godfried fan Renen1156 - 1178Boudewijn II fan Hollân1178 - 1196Arnold I1196 - 1197Durk I fan Hollân (biskop)1196 - 1197Oant 1197 tsjinbiskop.Dirk II fan Are1197 - 1212Otto I fan Gelre1212 - 1215Otto II fan Lippe1216 - 1227Wilbrand fan Aldenburch1227 - 1233Oerpleatst fanút Paderborn.Otto III fan Hollân1233 - 1249Gozewyn fan Randeraad1249 - 1250Kandidaat-biskopHindrik I fan Fianden1249 - 1267Jan I fan Nassau 1268 - 1290Elekt. Ofsetten troch Nikolaas IV.Jan II fan Sierk1291 - 1296Oerpleatst nei Toul.Willem Berthout1296 - 1301Adolf fan Waldek1301Kandidaat-biskop. Waard biskop fan Luik.Guy fan Avesnes1301 - 1317Freark II fan Sierk1317 - 1322Jakob fan Oudshoorn1322Jan fan Bronkhorst1322Kandidaat-biskop.Jan III fan Diest1322 - 1340Jan fan Bronkhorst1341Kandidaat-biskop.Nicolaas Capoccy1341Luts him werom. Waard biskop fan Urgel en fan Frascaty.Jan IV fan Arkel1342 - 1364Oerpleatst nei Luik.Jan V fan Virneburg1364 - 1371Oerpleatst fan Münster wei.Sweder fan Uterlo1371Kandidaat-biskop.Arnold II fan Horne1371 - 1378Oerpleatst nei Luik.Reinoud fan Vianen1378 - 1380Tsjinbiskop.Floris fan Wevelinkhoven1378 - 1393Oerpleatst fan Münster wei.Freark III fan Blankenheim1393 - 1423Oerpleatst fan Straatsburch wei.Rabanus fan Helmstatt1424 - 1425Luts him werom. Biskop fan Spiers en letter aartsbiskop fan Trier.Sweder fan Kulemboarch1423 - 1432Oant 1425 tsjinbiskopRudolf fan Diepholt1423 - 1455Oant 1432 tsjinbiskopWalraven fan Meurs1434 - 1448Tsjinbiskop. Waard biskop fan Münster.Gijsbrecht fan Brederode1455 - 1456Elekt. Ofset.David fan Boergonje1456 - 1496Oerpleatst fan Terwaan wei.Engelbert fan Kleef1482 - 1483Ruwaard.Frederik IV fan Baden1496 - 1517Ofset.Filips fvan Boergonje1517 - 1524Hindrik II fan Beieren1524 - 1529Elekt. Droech de wrâldske macht yn de Stift oer oan Karel V en joech syn sit op. Ek biskop fan Worms en Freising.Willem III fan Enckenvoirt1529 - 1534Kardinaal sûnt 1523. Ek biskop fan Tortosa.George fan Egmond1534 - 1559

Aartsbiskoppen NammePerioadeOpmerkingsFreark V Schenck fan Toutenburch1559 - 1580Herman fan Rennenberg1580 - 1585Beneamd, mar net yn funksje komd.Jan fan Bruhesen1592 - 1600.Beneamd, mar net yn funksje komd.

Apostolysk fikarissen NammePerioadeOpmerkingsSasbout Vosmeer1602 - 1614Titulêr aartsbiskop fan Filippi.Philippus Rovenius1614 - 1651Titulêr aartsbiskop fan Filippy.Jacobus de la Torre1651 - 1661Titulêr aartsbiskop fan Efese.Boudewijn Catz1662 - 1663Titulair aartsbiskop fan Filippy.Johannes fan Neercassel1663 - 1686Titulêr biskop fan Kastoarje.Petrus Codde1688 - 1702Titulêr aartsbiskop fan Sebaste. Skorst troch paus Clemens XI.Theodorus de Kock1702 - 1704Gie ôf op fersyk fan Rome.Gerhard Potcamp1705Adam Daemen1707 - 1717Titulêr aartsbiskop fan Adrianopel. Gie ôf.Johannes fan Bijlevelt1717 - 1727

Ald-katolike aartsbiskoppen NammePerioadeOpmerkingsCornelius Steenoven1723 - 1725Cornelius Johannes Barchman Wuytiers1725 - 1733Theodorus fan der Croon1733 - 1739Petrus Johannes Meindaerts1739 - 1767Walter fan Nieuwenhuisen1768 - 1797Johannes Jacobus fan Rhijn1797 - 1808Willibrord fan Os1814 - 1825Johannes fan Santen1825 - 1858Henricus Loos1858 - 1873Johannes Heykamp1874 - 1892Gerardus Gul1892 - 1920Franciscus Kenninck1920 - 1937Andreas Rinkel1937 - 1970Marinus Kok1970 - 1981Antonius Jan Glazemaker1982 - 1999Joris VercammenSûnt 2000

Ficesuperiores fan de Hollânske Sinding yn Brussel NammePerioadeOpmerkingsJoseph Spinelly1727 - 1731Vincentius Montalto1731 - 1732Silvester Valenty Gonzaga1732 - 1736Fransiskus Goddard1736 - 1737Lucas Melchior Tempy1737 - 1743Petrus Paulus Testa1744Ignatius Crivelly1744 - 1755Carolus Molinari1755 - 1763Bartholomeus Soffredmi1763Thomas Maria Ghilini1763 - 1775Joannes Antonius Maggiora1775 - 1776Ignatius Busca1776 - 1785Michael Causati1785 - 1786Antonius Felix Zondadari1786 - 1790Caesar di Brancadoro1792 - 1794Ludovicus Ciamberlani1794 - 1828Bestjoerde fan Münster en Amsterdam út.

Ficesuperiores fan de Hollânske Sinding yn De Haach NammemPerioadeOpmerkingsFranciscus Capacciny 1829 - 1831Antonius Antonuccy1831 - 1841Innocentius Ferriery1841 - 1847Joannes Zwijsen1847 - 1848Carolus Belgrado1848 - 1853

Roomsk-katolike aartsbiskoppen NammePerioadeOpmerkingsJoannes Zwijsen1853 - 1868Teffens biskop fan De Bosk.Andreas Ignatius Schaepman1868 - 1882Petrus Matthias Snickers1883 - 1895Foarhinne biskop fan Haarlim.Henricus fan de Wetering1895 - 1929Joannes Henricus Gerardus Jansen1930 - 1936Johannes de Jong1936 - 1955Kardinaal sûnt 1946.Bernardus Johannes Alfrink1955 - 1975Kardinaal sûnt 1960.Johannes Willebrands1975 - 1983Kardinaal sûnt 1969.Adrianus Johannes Simonis1983 - 2007Foarhinne biskop fan Rotterdam. Kardinaal sûnt 1985.Willem Jacobus EijkSûnt 2008Foarhinne biskop fan Grins-Ljouwert. Kardinaal sûnt 2012.

Boarnen De Katholieke Encyclopaedie (Amsterdam, 1938) Utrecht door de eeuwen heen (Utert / Antwerpen, 1971) Dertienhonderd jaar bisdom Utrecht (Baarn, 1995) Geschiedenis van de provincie Utrecht (Utert, 1997) Een paradijs vol weelde. Geschiedenis van de stad Utrecht (Utert, 2000)

Kategory:Prinsbisdom Utert Kategory:List fan hearskers