Rotterdam is in stêd yn it westen fan Nederlân, yn de provinsje Súd-Hollân. It is nei de haadstêd Amsterdam de twadde stêd yn it lân, en teffens it haadplak fan 'e gemeente Rotterdam. De stêd leit oan de mûning fan de Nije Maas yn de delta fan de Ryn en de Maas. Rotterdam foarmet it mulpunt fan de stêdekloft fan de Rijnmond en leit yn it súdwesten fan de Rânestêd. De skiednis fan Rotterdam giet tebek oant 1270, doe't der in daam yn de rivier de Rotte boud waard. Dêrnei festigen har lju by de daam. Yn 1340 joech de greve fan Hollân stedsrjochten oan Rotterdam.
Op 1 jannewaris 2024 hie Rotterdam 606.000 ynwenners. Der wenje minsken fan sa'n 180 ferskillende nasjonaliteiten yn de stêd. De Metropoalregio Rotterdam-De Haach, dy't in befolking fan likernôch 2,7 miljoen minsken hat, is de trettjinde yn grutte yn de Europeeske Uny en de grutste yn Nederlân. De Haven fan Rotterdam is de grutste haven fan Europa en hat in skoft de grutste haven fan de wrâld west. Rotterdam is ek ferneamd om de Erasmus Universiteit, bebouwing om de rivier hinne, in warber kultureel libben en syn nijmoadrige arsjitektuer. Doe't it âlde stedssintrum hast folslein ferwoaste waard troch it bombardemint op Rotterdam yn de Twadde Wrâldkriich, waard de stêd nei de kriich fannijs opboud mei in wikseljend arsjitektoanysk stedsbyld, wolkekliuwers ynbegrepen. Soks komt net in soad foar yn Nederlânske stêden. Ferneamde arsjitekten fan it nije Rotterdam wiene: Rem Koolhaas, Piet Blom en Ben van Berkel.
De Ryn en de Maas binne wetterferbinings mei it hert fan Europa, lykas it Ruhrgebiet. It wiidweidige ferfiersysteem mei ûnder oaren spoar, wegen en wetterwegen hawwe Rotterdam de bynammen sa as "Poarte fan Europa" en "Poarte fan de Wrâld" jûn. It Eurofyzjesongfestival fan 2020 soe yn Rotterdam holden wurde, mar waard fanwegen de COVID-19-pandemy skrast.
Skiednis Iere Skiednis thumb|left|Kaart fan Rotterdam yn 1690, troch Frederick de Wit Sûnt de njoggende iuw lei op it plak fan it hjoeddeiske stedssintrum fan Rotterdam de delsetting Rotta. Troch oerstreamings fan de feanrivier de Rotte (eartiids ek bekend as Rotta, dat sokssawat as "modderich", "ferslein" betsjut) rekke dy delsetting ûnbewenne. Dêrnei waarden diken yn de omkriten oanlein, lykas de Schielands Hoge Zeedijk (Hege Seedyk fan Skielân). Yn it ramt fan it bedykjen waard om 1260 hinne in daam yn de Rotte, op it plak dêr't de Hoogstraat de Rotte krúst, oanlein. Dêr krige Rotterdam syn namme fan. Om dy daam hinne ûntstie in nije delsetting, dêr't men ynearsten fan de fiskerij libbe. Al rillegau waard it ek in hannelsplak en waarden de earste havens oanlein. Op 17 maart 1299 joech greve Jan I fan Hollân Rotterdam stedsrjochten. Op 7 juny 1340 krige Rotterdam fannijs stedsrjochten fan greve Willem IV fan Hollân. Yn 1358 joech greve Albrecht fan Beieren tastimming om in stedsmuorre te bouwen, dy't twa jier letter foltôge waard.
Om 1350 hinne waard de Rotterdamske Skie groeven, dy't skipfeart nei it efterlân yn it noarden ferbettere.
De posysje fan Rotterdam waard fuortsterke troch de Hoekske en Kabbeljauske Tsierderijen tuske 1488 en 1490, doe't it troch jonkhear Frans van Brederode as útfalsbasis brûkt waard. Troch him ferlearen de doetiidske wichtigere stêden Delft al syn skippen en Gouda de helte fan syn hûzen.
thumb|left|Stedsgesicht mei op de eftergrûn de toer fan de Laurenstsjerke, om 1660 hinne Tusken 1449 en 1525 waard de letgoatyske Sint-Laurenstsjerke boud. Yn it midsiuwske Rotterdam wie dat it iennichste stiennen gebou. It wie in warber projekt, want Rotterdam hie yn dy tiid likernôch 1200 hûzen.
Yn 1572 waard Rotterdam plondere troch troepen fan de steedhâlder fan de Spaanske kening, Maksimiliaan fan Hénin-Liétard út Henegouwen. Yn 1573 keas de stêd de kant fan de Nederlânske Opstân. De stêd hie doe sa'n 10.000 ynwenners. Oan 'e ein fan de sechstjinde iuw, liet Johan van Oldenbarnevelt, dy't fan 1576 oant 1586 riedpinsjonaris wie, de haven útwreidzje, dêr't it it grûnwurk mei lei foar it takomstige wichtige plak dy't de stêd yn de seehannel nimme soe. Yn 1622 waard by in folkstelling it oantal ynwenners fan de stêd op 20.000 bepaald. Oan 'e ein fan de santjinde iuw hie de stêd al sa'n 50.000 ynwenners.
Nettsjinsteande it waaksen fan it ynwennertal, wreide de stêd net bûten syn wâlen út. It trijehoekige gebiet tusken Coolsingel, Goudsesingel en Nije Maas, dêr't de stêd doe yn lei, wie mar likernôch 140 bunder, dus rekke de stêd oerbefolke. Eins nei 1825 soe de stêd bûten dy grinzen útwreidzjen gean.
Fan de santjinde oant yn de njoggentjinde iuw fearne in soad Nederlânske skippen mei slaven út Afrika, nei Suriname en de Nederlânske Antillen, dêr't se ruile waarden foar guod dy't nei de Rotterdamske haven ferfierd waard. De Rotterdamske firma Coopstad en Rochussen wie nei de Middelburgsche Commercie Compagnie de grutste slavehannelmaatskippij fan Nederlân.
Untjouwing yn de 19e en 20e iuw thumb|Delftsevaart mei op 'e eftergrûn de Laurenstsjerke yn 1895 Yn de njoggentjinde iuw begûnen de rivieren de Scheur en de Brylske Maas te fersânjen en dat foarme in bedriging foar de tagong ta de haven fan Rotterdam. Dêrom waard ûnder kening Willem I tusken 1827 en 1831 it Kanaal troch Foarne op it eilân Foarne tusken Rotterdam en Hellefuotslûs groeven. Om't skippen yn de njoggentjinde iuw hieltyd grutter waarden, rekke dat kanaal lykwols rillegau te lyts. Yngenieur Pieter Caland hat dêrom warber in nij plan ûntwurpen. Yn 1866 waard mei it graven fan de Nije Wetterwei úteinset en it kaam ree yn 1872. Dêrtroch ûntstie fan de Nije Maas en Scheur in streekrjochte ferbining mei de Noardsee by Hoek fan Hollân. Nij it iepenjen fan de Nije Wetterwei naam de bedriuwigens yn Rotterdam hurd ta. Der waarden nije havens oanlein en it luts wurklju út alle parten fan Nederlân en derbûten oan. Troch it jild dat de stêd fertsjinne, waarden steatlike gebouwen boud yn it sintrum.
De stêd wreide rap út. Der waarden nije wiken byboud en guon njonkenlizzende gemeenten waarden anneksearre. Oan 'e ein fan de njoggentjinde iuw waarden Delfshaven (1886, Kralingen, en in part fan Overschie en Carlois yn 1895 taheakke. Noch mear nije havens waarden oanlein, lykas de Maashaven, Rynhaven, en Waalhaven. Troch de lânboukrisis, dy't geande wie, lutsen in soad boeren en oare plattelânslju, benammen út Noard-Brabân, nei de stêd. Der waarden foar de nijkommers fluch rigen goedkeape wenten boud, benammen op de súdlike Maas-ouwer, dy't dêrtroch de "boerekant" neamd waard. Tusken 1880 en 1900 woeks de befolking fan 160.000 ta 315.000 ynwenners. Yn 1920 wie de befolking al goed 500.000 ynwenners. Yn 1914 waard Hoek fan Hollân by de gemeente Rotterdam foege, en yn 1933 kamen Pernis en Hoogvliet derby.
Oan 'e ein fan de njoggentjinde iuw waard úteinset mei de bou fan de wiken Cool, Crooswijk en it Nije Westen. Fan 1914 waard der hieltyd mear nei it westen ta útwreide, mei Spangen, it Wite Doarp en Oud-Mathenesse.
It sintrum krige njonkelytsen ek mear oansjen. De âlde stedswâlen wiene al ôfbrutsen en de singels en grêften waarden foar it grutste part dimpt. Ek grutte parten fan de Rotte waarden dimpt. Havenmasters en de gemeente ynvestearren yn nijmoadrige grutte gebouwen dy't in ryk oansjen krigen. Nei it dimpen fan de Coolvest, ûntstie der in brede bûlevaar mei in nij stedhûs, in sjyk postkantoar en de Beurs. Yn de Earste Wrâldkriich, doe't Nederlân neutraal wie, wie Rotterdam in spionnestêd. Britske en Dútske geheime tsjinsten keazen Rotterdam as grûnwurk fan harren operaasjes.
Twadde Wrâldkriich thumb|It sintrum fan Rotterdam nei it bombardemint
Op 10 maaie 1940 foel Nazy-Dútslân Nederlân yn. Dútske parasjutisten kamen del om Rotterdam-Súd hinne. Ek it Noardereilân waard beset. It Nederlânske garnizoen, oanfierd troch de ynfantery en it Korps Mariniers, beskeaten de Maas-ouwer en brêgen, dêr't it de Dútsers mar net slagge en nim it sintrum yn. Op 14 maaie moarns stjoerden de Dútsers in ûnderhanneler dy't mei de driging kaam dat de stêd ferneatige wurde soe. De Dútsers hiene mar in bytsje geduld en se besleaten it ferset te brekken.
Om healwei twaen middeis kaam it bombardemint op Rotterdam, dy't sa'n fearns oere duorre. De brân, dy't dêrtroch ûntstie, hie in ferneatigjende útwurking. Mear as 24.000 wenten waarden ferwoaste, 800 minsken kamen om it libben en 80.000 rekken dakleas. Doe't de Dútsers drigen en bombardearje Utert op deselde manier, wie dat reden foar de Nederlânske generaal Winkelman en kapitulearje.
It folsleine sintrum fan Rotterdam wie yn in púnheap feroare. Tagelyk mei de besetting, sette men útein mei it oprêden fan 'e pún. Parten fan de Skie en de Blaak en Kolk waarden dimpt mei it pún. De âlde Willemsbrêge en de spoarbrêge dernjonken wiene net skansearre, dus der wie noch hieltyd ferbining tusken de twa stedsparten. Op 14 febrewaris 1942 waard de Maastunnel iepene, dêr't mei de bou yn 1937 úteinset waard. Dat wie de earste autotunnel fan Nederlân. Yn 1941 waarden de gemeenten Hillegersberg, Schiebroek, Kralingseveer, IJsselmonde en de rêst fan Overschie by Rotterdam foege.
Op 31 maart 1943 bombardearren de Alliearden mei fersin in part fan Delfshaven, dêr't 326 minsken omkamen en 400 ferwûne rekken. Ek de hongerwinter fan 1944-1945 koste in soad libbens.
Sa'n 1400 fan de 11.000 Joaden yn de stêd hawwe de kriich oerlibbe, de rêst kaam om yn konsintraasjekampen. Op 10 en 11 novimber 1944 waard der in grutte razzia holden, dêr't 50.000 manlju tusken de 17 en 40 jier fuortfierd waarden om te wurkjen yn Dútslân.
Nei de Twadde Wrâldkriich thumb|Wolkekliuwers yn de wyk Kop van Zuid Nei de kriich waard Rotterdam weropboud. Yn it ramt fan fernijing en modernisearring waarden in soad skansearre gebouwen net wer opholpen, mar sloopt, sa as bygelyks de Bijenkorf. Yn de fyftiger jierren wie de weropbou yn folle gong. Yn 1953 waard de Lijnbaan dienmakke, dy't de earste autofrije winkelstrjitte fan Europa wie. Dat krige in soad ynternasjonaal omtinken. Ek yn 1953 waard it byld De Verwoeste Stad (De Ferwoaste Stêd) fan keunstner Ossip Zadkine ûntbleate. It nije Sintraal Stasjon kaam yn 1957 klear. Yn 1960 waard de Euromast boud. Yn 1970 waard de Euromast ferhege mei it taheakjen fan de Space Tower, dêr't de folsleine hichte op 185 meter útkaam. De Euromast en it byld de Ferwoaste Stêd waarden de symboalen fan it Rotterdam fan nei de kriich.
Yn de fyftiger jierren waarden yn in koart skoftke tiid inkelde nije wiken mei heechbou oanlein, lykas Pendrecht, Zuidwijk, Lombardijen, Ommoord en Zevenkamp.
Mei it ophelpen fan de havens, waard besocht en keppelje it havengebiet los fan de stêd. Dat woe men dien krije troch nije havengebieten oan te lizzen bewesten de stêd rjochting de see. Efterinoar waarden besuden de Nije Wetterwei it Botlekgebiet, Europoarte en de Maasflakte oanlein, mei in tige grut tankopslach foar rûge oalje. Yn Pernis, Rozenburg en fierder nei it westen waarden grutte raffinaderijen boud. De Rotterdamske haven woeks sa fier dat it yn 1962 de grutste haven fan de wrâld waard.
Yn 1960 waard úteinset mei it oanlizzen fan de Rotterdamske metro, dy't yn 1968 reekaam en it wie dêrmei de earste metro fan Nederlân. Dêrmei waarden de wiken fan Rotterdam-Súd mei it sintrum ferbûn. Yn 1970 waarden de nije Ahoy-hallen iepene.
Mei it bebouwen fan it Weena, krige Rotterdam yn de njoggentiger jierren in skyline mei ferskate wolkekliuwers. Yn 1991 waard it gebou de Delftse Poort, mei in hichte fan 151 meter, iepene. Dat wie doe de heechste wolkekliuwer fan Nederlân. Yn 2009 kaam de Maastoren ree, dy't 165 meter heech is en no de heechste yn Nederlân is. Yn 1993 waard de Erasmusbrêge foltôge en dêrmei krige Rotterdam in nij symboal.
Geografy thumb|left|Topografyske kaart fan de stêd Rotterdam, septimber 2014