Pontevedra is in provinsje fan Spanje en is part fan de autonome regio Galysje. De provinsje is 4495 km2. De provinsje telde 942,665 ynwenners yn 2019 ferdield oer 62 gemeenten. Haadstêd fan Pontevedra is de stêd Pontevedra.

Bestjoerlike yndieling De provinsje Pontevedra bestiet út 10 comarca's dy 't op harren bar út gemeenten besteane. De comarca's fan Pontevedra binne:

Geografy Pontevedra wurdt yn twa dielen snien troch de rivier de Lérez. De measte fan ’e wichtichste toeristyske attraksjes yn Pontevedra lizze súdlik fan ’e rivier. Pontevedra hat in soad histoaryske gebouwen, monuminten en tsjerken.

De provinsje dielt de Atlantyske eilannen fan Nasjonaal park Islas Atlánticas de Galicia mei de provinsje A Coruña. Dy regio befettet de Galisyske eilannen Ons, Cies, Sálvora en Cortegada.

De haadstêd fan de provinsje is Pontevedra, mar it grutste plak is Vigo.

Demografyske ûntwikkeling

Boarne: INE Opm: Befolkingssifers yn tûzentallen

Galery

Pontevedra Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1833