thumb|right|250px|De Estyske kroan yn 1932. De Estyske kroan (Estysk: Eesti kroon; teken: kr; koade: EEK) wie fan 1928 oant 1941 en fan 1991 oant 2011 de muntienheid fan Estlân. Sûnt dy tiid is de euro ek dêr it wettich betelmiddel.
Ien kroan wie 100 senti. It muntjild wie beskikber yn 5, 10, 20 en 50 senti en 1 en 5 kroanen. It papierjild wie beskikber yn 1, 2, 5, 10, 25, 50, 100 en 500 kroanen. It briefke fan 1 kroan wie seldsum, trochdat it mar ienkear, yn 1992, yn omrin brocht wie.
De kroan waard yn 1992, nei de ein fan de Sovjet Uny, op 'e nij ynfierd. De nije kroan wie keppele oan de Dútske mark en letter oan de euro. De muntienheid wie dan ek stabyl.
De Estyske oerheid stribbe dernei om de Estyske kroan fan 1 jannewaris 2010 ôf troch de euro te ferfangen. Dit is net helle troch de kredytkrisis. Op 12 maaie 2010 kundige de Jeropeeske Kommisje oan dat Estlân klear wie om ta te treden ta de eurosône. De nije datum wie 1 jannewaris 2011.
Papierjild nominale wearde ôfbyld foarkânt efterkânt útjefte 1 Kroon 150px 150px Kristjan Raud (keunstskilder, grafikus) Toompea loss (kastiel op de Domberg) yn Tallinn 1992 2 Krooni 150px 150px Karl Ernst von Baer (antropolooch, natuerûndersiker, geograaf) Universiteit fan Tartu 1992, 2006, 2007 5 Krooni 150px 150px Paul Keres (skaker) Hermann's fort fan Narva (berteplak Keres), rivier Narva en De festing fan Ivangorod 1991, 1992, 199410 Krooni 150px 150px Jakob Hurt (folklorist, teolooch, taalkundige) Eik Tamme Lauri yn it suden fan Estlân Urvaste 1991, 1992, 1994, 2006, 2007 25 Krooni 150px 150px Anton Hansen Tammsaare (skriuwer) Vargamäe (út it wurk "Tõde ja õigus") fan Anton Hansen Tammsaare 50 Krooni 150px 150px Rudolf Tobias (komponist) Estoania-Teäter (Nasjonale Opera en Konsertseal) 1994 100 Krooni 150px 150px Lydia Koidula (dichter) Noard-Estlânske kliffen 1991, 1992, 1994, mei nije befeiligingskenmerken: 1999, 2007 500 Krooni 150px 150px Carl Robert Jakobson (publisist, skriuwer, pedagooch) Boereswel (nasjonale fûgel fan Estlân) boppe it Estlânske plattelân. 1991, 1994, 1996, mei nije befeiligingskenmerken: 2000, 2007
Munten ôfbyld nominale wearde technyske parametersDiametergewichtrânegearstalling 100px5 senti15.95 mm1.29 g glêd koper 93%, aluminium 5%, nikkel 2% 100px10 senti17.20 mm1.87 g 100px20 senti18.95 mm2.27 g20 senti18.95 mm2.00 g fernikkele stiel 100px50 senti19.50 mm3 g koper 93%, aluminium 5%, nikkel 2% 100px1 KR23.25 mm5 gribbelichkoper 89%, aluminium 5%, sink 5% Sn 1% 100px5 KR26.20 mm7.1 g
Kategory:Muntienheid Kategory:Estlân Kategory:Yntroduksje út 1928 Kategory:Yntroduksje út 1991