Goldband is in Nederlânske popgroep út De Haach. De popgroep bestiet út Boaz Kok, Karel Gerlach en Milo Driessen, se wurkje gear mei muzykprodusint Wieger Hoogendorp. De groep waard foarme yn 2019.
Skiednis Gerlach studearre muzykproduksje en hy makke benammen technomuzyk. Doe't Driessen der by kaam, is de muzyk omfoarme ta de popmuzyk dêr't de groep letter bekend mei wurden is. Kok kaam as lêste by de groep. De namme fan de popgroep komt fan it merk fan stucgips mei deselde namme en referearret dêrmei nei it berop fan de heiten fan de bandleden. De bandleden sels ha ek wurke as stukadoors.
Op 19 juny 2020 is Goldband útroppen ta 3FM Talent.
Diskografy Studio-albums Album Utbrocht yn Label Single(s) Betaalbare Romantiek 2021Platen In PlatinaDe Wereld,Ik haat je,Noodgeval,Dit is voor jou,De Langste Nacht
EP's Titel Utbrocht yn Label Single(s) Van de roulette naar de doublet 2020 Platen In Platina Alles Kapot,Mijn Stad
Singles sûnder album of EP Psycho, 2022 Kinderwens, 2021 Ik ben de BOB, 2021 Tweede Kamer, 2021. <small>(Mei Sophie Straat),in oprop om op in frou te stimmen by de Twadde Keamerferkiezingen.</small> Ja Ja Nee Nee, 2020 Dun Smeren en Geld Verdienen, 2019 Witte Was, 2020 Uber Uber, 2019
Prizen Op 25 oktober 2020 wûn Goldband trije prizen op de Haagse Popnacht: Bêste Release foar Van de roulette naar de doublet Bêste Fideoklip mei Ja ja nee nee Haagske Poppriis Fierder stienen harren nûmers De Langste Nacht (plak 2), Noodgeval (plak 3) en Tweede Kamer (plak 6) yn de Top 10 fan de Song van het Jaar 2021 fan 3voor12.
Kategory:Nederlânske popgroep Kategory:Band oprjochte yn 2019